De Tsjerne. Jaargang 2(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 56] [p. 56] Geart Jonkman: Petear foar de spegel Ik bin de suteler yn blikken snústerijen en kom wol gau ris foar in tichte doar; Lykwols bin ik fuort net to bikleijen, ik bar der grif it slitersjild wol foar. Ik bin de preamkeskouwer út It Heitelân en Bokke Heidehipper is myn herte bloed, Somstiden haw ik lêst fan skoarstienbrân; hwat al in lij en om in hânfol roet. Ik bin in klauwer op de litteraire skerne, it dichtermansbistean, seit Anne, is mar faei. De bûter driuwt doch boppe yn De Tsjerne, hwat bin ik mear, as 't laffe tinne waei?! Roas fan Jericho Kom nou freon, negear my net, achtsje 't longrjen fan myn skerte, sjoch de flamjend reade berte, freon, ik haw fan dy forlet. Sluten binn' myn griene blinen, fan in skrale toarre hân, yn myn tsjelk knerpt wreed it sân fan de weagjende woastinen. Lit my drinke út dyn fontein, 'k jow dy fan myn gleone pracht hiel in soele simmernacht; Jow my fan dyn mylde rein. Vorige Volgende