Maudits, Doarpsnacht, Neisimmer, In Memoriam yn Maeije. En it Petear mei de Moanne, dat út de hegere loftlagen fan 'e irony de eigen mikrokosmos glimkjend bisjocht. En boppe al dat iene glânzjende ‘Lyts Heechliet’, dat it bistiet troch de atmosfear fan it ego hinne to brekken nei de stratosfear, om dêrwei de greate ûntdekking to dwaen: ‘De macht fan in famkeshân.’ Oarspronklik, modern? Wis - as men it sels ûntdekt, hat alles de gloed fan it nije. Ingelân kriget earsten bitsjutting as Chesterton it sels ûntdekt. Lit dizze dichter mar tinke dat er dwaende is de wrâld út to roegjen om syn eigen earmsillich eintsje libben to bihâlden; hy sil gauwernôch sjen dat er himsels útroeget om wierheit en skientme to finen as nea earder ûntditsen eilânnen. Syn mitrailleur is in piano, syn gun is in harpe, of, mocht er dêr biswier tsjin meitsje, in saxofoan.
De twadde hjir oankundige bondel is wol in biwiis dat de Fryske dichtkunst him fornijt, nettsjinsteande alles. ‘Under Fjouwer Eagen’ is gjin neiklank fan 'e skoalle fan '15 of fan '25. Nei de snijende stoarmen fan 'e oarloch, dêr 't de skriuwer syn part fan hie (de bondel tsjûget der fan) komme dizze fersen mei de natuerlike oanfalligens fan Maerteblommen boppe de groun.
Freark Dam, nou net mear it wûnder fan it jongereinboun mar ien fan Fryslâns dichters, lit him hjir kenne as in suver en biskieden lyricus, dy 't sjongt fan leafde, freonskip, forgonklikens en skientme, de ûntroerings dy 't ús allegearre troch alle tiden mienskiplik binne, en dêr 't wy ek altyd wer dichters ta nedich ha om se lûd en foarm to jaen.
Der binne dichters yn soarten; djipsinnige en demoanyske, swiersettige en frivole, opstannige en dekadinte natûren. Net op dizze eigenskippen lykwols komt it oan; inkeld op de suverens dêr 't hja har mei uterje.
Der binne ek altyd wer ûnder harren de bern, mei de greate forwûndere eagen. Ien fan dizzen is Freark Dam. Lit lover noch lekker him fan syn forwûndering ôfbringe. Hwant ek hjir jildt dat foar de bern it keninkryk is.