De Tsjerne. Jaargang 1
(1946)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 142]
| |
Nyckle J. Haisma: †PakeHja wenje op 't buorrensreedtsje efter 'e hagen
Pake en Beppe, en slite dêr har lêste dagen
Efterôf en forgetten fan 'e wrâld
Tajefte, dy 't it libben har togoede hâldt.
Wol wurde de winters boazer, langer en slimmer,
Mar to nofliker is eltse nij-bloeijende simmer;
De blikke bloeit en de hage foar en efterút
En de blommen foar Beppe' finsterrût.
Op 't allemantsje hat Pake in mennich roede
Dêr 't er hinnekuijert yn it middeisskoft, it goede,
Under oan 'e terp; dernjonken weidzje de kij;
Hy sjocht oer it lân, de wei en it tún fan 'e pastorij.
Stil is er beuzich. Dit kin er skoan forsette.
De jierren makken him krûm, mar 't kin net lette;
Hy pielt de skoften troch, in simmer waerm en skoan,
En sjocht Gods wûnder fan 'e waeksdom oan.
Pake is in tear âld man, hy sjocht de groei foltôgjen,
Mar faker as alear stiet er yn 't fjild to drôgjen,
It wide lân mei keppels kij en wiuwend nôt
En 't warber folk, dat dizze krite yn oarder hâldt.
Lynjend op 'e houk stiet er yn 'e beane,
De figematte yn 'e eagen, dy 't oer 't lânskip geane.
Sa 'n simmer mei him faeks net barre mear op dit sté.
Tajefte en himelsk foarlân; hy is ta 't ôfskie ré.
Band. Ynt. 2 Juny '42.
| |
[pagina 143]
| |
De miedbisjoggersHja kraskje togearre troch de hege miede
De âlde bazen, en hâlde stil by de daem.
Hja bisjogge de mieden dêr 't de fûgels briede,
Dêr 't mei de ljochte simmer in swier sneed yn kaem.
Tsjin de dampeal hinget in âlde hikke,
Dêr 't de lêgger fan forline hjerst útwâdde leit;
Yn 'e daem groeije raeijen dy 't oan 'e knibbels rikke,
Wâllen en sleatten sitte swier ticht mei reid.
Yn in hege frede wjukkelje de fûgels
Boppe de mieden, dêr 't it jongguod wipt.
Fierôf yn 't leech it jongfé yn 'e tûgels,
In blank seil fan in tsjalk driuwt yn it Djipt.
Ticht by de daem litt' hja har yn 'e miede glide
En stinne en kreune en kôgje op in raei.
't Stik wurdt taksearre, safolle reden ride -
De mesine moat mei koarten nei 't krewei.
It binne beide fan dy âlde mannen,
Hja kôgje en digerje ûnder 'e petten wei.
Net allinne foar 't wurk dwale hja troch de lânnen,
Mar mei om 't wûnder fan dizze foarsimmerdei.
Hja sjogge in ein mei pilen tusken 'e lizen draeijen;
De kant út nei de pleats balt in deunske kou oerstjûr.
Sêft roeikjend giet de simmer troch de raeijen -
Hja stopje, en digerje de lânnen oer.
Band. Ynt. 3 Juny '42.
| |
[pagina 144]
| |
De oersetterHjoed wie Beppe út 'e buorren op bisite
Hy hat har oerset en hja reizge ou.
Simmerjoun oer in dreamende krite,
De riemmen sljurkje en stadich glydt de skou.
In inkeld lûd komt út de joun'ge greiden,
Soms springt in fiskje boppe 't stille wiet.
Njonken it Djipt wiuwt de seame reiden,
Klear sjongt de reidmosk in..... liet.Ga naar voetnoot1))
Fier ôf leit in Hunze to stampen,
Frjemd wêzen, dêr 't de frede foar wykt;
In oare wrâld; de weinen rêste op 'e klampen.
Thús op 'e kamp stiet Heit, dy 't de seine strykt.
Jountiid makket stil, de loften wanke,
Langstme driuwt it hert ta wûnd're wémoed út.
Jinsen tusken 't reid leit de fisker mei syn fanke
Op 'e tarre aek mei de griene kajút.
Fan 't simmer foar 't earst is hja kommen,
Yn har greate eagen wenne in ûnthjit.
Ien fan 'e maten hat har nommen -
In tsjustre pine troch syn herte giet.
Wurdt ea de pine fan 'e wémoed better?
Stadich sljurket it boat, de rieme falt.
Wûndere treast fan stiltme en it wetter -
Hy smyt it keatling om 'e peal by 't stalt.
Band. Ynt. 4 Juny '42.
| |
[pagina 145]
| |
De swyldersDe dei wie lang en soel en swier fan sinne,
Hja ha swile sûnder lins oant yn 't let jounsskoft.
't Langwier moast byinoar; nou binne hja fierhinne.
't Wurdt tiid, hwant yn 't Suden del grounet de loft.
Foar 't melken wie mar skraechwurk tiid to finen,
Doe efkes kofje en bôle en wer foar 't swé.
De manlju haww' it lêste hea op 'e tinen,
De swylders helje stuten oan en bin fierhinne ré.
Men stekt nei hûs ta troch de joun'ge lânnen,
D'r is thús net folle kommen fan it wurk -
Opluchte, hwant in swier stik kaem har hjoed troch hannen -
Har each giet nei it Súd, dêr skout it swurk.
Heit sjocht har reizgjen troch de lêste finne;
't Is stûf foar har, sa 'n dei yn 't hea to stean.
Dan smyt er 't kopke oer de lêste opper hinne
En sjocht it folk oer keale miede gean.
De fammen fandelje tsjettel en koppen,
De manlju gean oer 't fjild om ark en klean.
Bijke draeft efter in ljip dy 't siet to roppen,
En jowt him nei de lju dy 't by de hikke stean.
Boppe de sleatten driuwt in lichte dize,
Dêr balt in koubist troch de joun.
De manlju skôgje 't Súd, de loften rize;
Hja stekke ôf nei de pleats heech op syn groun.
Hy boartet mei Bijke en rint allinne,
Mar loaitset nei nift, dy 't stil by de fammen bliuwt.
Hwat wûnder tsjoent de joune om har hinne -
Hy soe har hoedzje wolle foar de bui dy 't driuwt.
Band. Ynt. 5 Juny '42.
| |
[pagina 146]
| |
Sneontojoune op 'e greidpleatsDe ûngetiid hat op 'e greidpleats net lang duorre,
Tiid fan kreweikjen en lins en gjin drokte mear.
De rook fan heabroei hinget om 'e skuorre,
Yn 'e koken is it folk oer 't jounmiel gear.
Op 'e ruten fan 'e koken stiet de sinne,
Sêft piipjend hingje de kapen der foar.
Dan jowt in kou efkes lûd yn 'e finne,
It douke ropt yn 'e kouwe boppe de doar.
Rynsk is de tafel biset mei simmers krûden,
Rykdom sa 't de tiid oant nou ta sei.
Hja skikke oan en harkje nei jountiids lûden
En prate oer de lytse dingen fan 'e dei.
De sleatten by 't nijgers moat heakk'le wurde,
Yn 't âldgers rint it iten stadichoan nei 't ein
De hynders moatte, nou 't hja skielk oer de hurde
Wei melke moatte, neisjoen en bislein.
Nou komt de tiid fan fuorttsjen en bisite,
De âlde lju yn 'e tilbry, 't jongfolk op 'e fyts,
Nei omkes en muoikes yn 'e wide krite,
Nei fleur en ljochte feesten, great en lyts.
Nou is 't dimmene Sneontojoun, de sinne yn 't sinken,
In twirre giet om 'e pleats, de dei giet nei syn ein,
Hearook en jounsrea en 't stil bitinken
Fan de foarbije wike en de kommende Snein.
Band. Ynt. 6 Juny '42.
| |
[pagina 147]
| |
De swalkerDit hiele wide Fryske lân wie jimmer
Sines: hy ken elts paedtsje, elts spul en elts stik lân.
Hy wyt fan 't sjongen fan 'e greate simmer,
Mar ek hoe 't winterdei it oard set nei syn hân.
't Lot woe him mei gjin greater plak bitinke,
Faeks dat er 't dêr ek sels nei makke hat.
Nou ferget er net oars as dat him 't libben skinke
In mieltsje en in sté dêr 't er nachts sliepe moat.
De hiele wrâld is sines en de minsken,
Boer en arbeidersman bin him like nei;
Hy fiert negoasje nei jiers tiid en winsken,
Wasket kouwesturten en rost by winterdei.
Simmerdei sliept er yn 't farske hea fan 'e golle,
En springt in deisskoft by as men it sa bigeart -
Mar as de fierten wanke wurdt it him tofolle,
Dan stekt er ôf en dreamt in joune by de feart.
Yn lange ûnlij'ge en kâlde winternachten
Is de waermens fan it bûthús goed en skoan.
Hy flechtet in einekoer, hâldt bargewacht en
Stekt de oare deis skeanoer op oare pleatsten oan.
In wûnd 're dream is him it libben wurden,
Fryslân hat him syn mylde meidijen leard.
God hellet him thús as 't net mear is to hurden
En hy dea leit yn 'e seame by de feart.
Band. Ynt. 8 Juny '42.
| |
[pagina 148]
| |
De slattersHja steane yn 'e bidelte in lange dei to slatten;
Heechsimmer, 't hea is yn en 't âldgers koart.
Op 'e bouwen stiet it folk to wrotten,
Dit is de tiid dat slatten wurde moat.
In dreech krewei yn 'e put, dêr 't de sinne
Sa glandich is en gjin sigentsje stiet.
't Wetter giet hast oer de hege learzens hinne
As de dridze op 'e bats oer de wallen giet.
Heechsimmer, 't is ek tiid fan feest en bisite,
Mar slatters foeget sok in wielde net.
Hja hawwe allinne efkes lins en wite:
Hjoed is 't hjir feest en juster dêr forset.
Hja hawwe út 'e put it each krekt op 'e púnwei;
Dêr rydt in bus, en feestfolk foar de wyn.
Hark, 't sjongkoar út 'e buorren, dat rydt nei
't Concours dat hâlden wurdt, earne de Wâlden yn.
De batsen steane stil, hja wiuwe mei de hannen
En laitsje en knikke en 't lyts forset is oer.
Hja prate efkes nei en fier oer de lânnen
Folgje har dreamen dit ljocht aventûr.
De simmer sjongt in liet heech yn 'e loften,
Yn 'e herten fan 'e slatters sjongt it mei;
Hja steane en harkje nei simmerdeis geroften
En foegje de lea opnij ta 't dreech krewei.
Fryslân seinget syn stûf swijende skreppers
En syn warb're wrotters op 'e bou;
Fan dit wûnder lân binne hja de skeppers.
In machtige frede is it lean foar har trou.
Band. Ynt. 9 Juny '42.
| |
[pagina 149]
| |
Hus yn restHeechsimmer; 't hea sit oan 't blok en yn 'e skuorre
De broeirook hinget oer 't hiem en 't paed.
Yn 't hôf bloeije roazen en sinneblommen by de muorre,
De hintsjes moudzje ûnder de hage yn 't skaed.
Foar de ruten hingje lekkens foar de sinne,
Gerdinen en húsrie lije, hwant 't ljocht is glei.
Under 'e beam efterhûs sit it tsjoarre keal allinne,
It slacht nei de miggen en ropt sêft yn 'e dei.
Middelsskoft; op 't rek lize de bussen skjinne,
De amers en 't itensreau, en dernjonken sit
De kat to dreamen as lei er op 'e wjirre,
Oant it keal of in tsierende hin him skrikke lit.
Nimmen by honk, de doarren sitte sletten;
It skoan lang middelskoft is 't bêste fan 'e dei.
De bou waerd yn 'e ûngetiid wol hwat forgetten,
Nou komme hja it wjudzjen wer hwat nei.
De âlde ljuetsjes houkje njonken inoarren
De ekers lâns en hâlde hûs en hiem yn 't each,
- Der mocht ris ûnré wêze, in rinder om 'e doarren -
En houkje, dreamend oer in tiidrek dat forteach.
De tiid is har ûntkaem, hja moatte oanhâld fine
By inoar: de bern hawwe in hinnekommen foun.
Bliid lykwols is 't bitinken fan it ljocht forline
En treastryk 't warber wêzen op eigen groun.
It middelskoft skout fierder, oer de finne
En troch de elzemantel giet in twirre roun.
It spultsje leit to dreamen yn 'e sinne:
Hjir hat de frede in hinnekommen foun.
Band. Ynt. 10 Juny '42.
| |
[pagina 150]
| |
To letHy terge Heit en Mem en woe gjin sizzen ha
En teach mei wylde kop nei 't fier Amearika.
Iennichst soan: de susters trouden en teagen hinne
Fuort fan 'e âlde pleats; de âlden bleauwen allinne.
Hja waerden âld en wachten oft de soan
Werkomme soe, mar de jierren rounen oan,
Gjin tael of tynge of wenplak liet er hearre
Hja wachten en waerden âld en moasten stjerre.
In omkesizzer hie it âld spul biset,
It mocht net oan frjemd en de soan sels wie der net.
Mar op in hjerstjoun kaem er, fan langstme as in angel stutsen,
In wolsteld man, mar geastlik oanein en brutsen.
Alles bleau, doe 't er gjin rjocht jilde litte woe
As allinne, dat er op 'e pleats wenjen bliuwe koe.
Stil en wêzenleas dwaelt er troch de lânnen
Of sit op 'e bûthúsbank mei stille hannen.
Hy kreweiket dêr hwat en sliept op 't bûthúsbêd
- Better woe er 't net ha - en dwaelt om hûs en oer 't mêd
En swalket troch de lânnen nei al dy âlde plakken
Dêr 't hy en syn maten harren as bern formakken.
Jouns rint er faek noch nei de buorren ta;
Hja freegje neat en wol gjin útliz ha.
Yn 't tsjuster giet er om 't âld tsjerkhôf hinne,
Troch de hage, dêr 't Heite en Memme grêven binne.
To let, foarbije jierren keare net werom;
De nacht jowt skrale treast, de grêven binne stom.
Yn 'e kloksgatten lit in ûle syn wéklacht hearre.
Hear, ropt de iensume, forjow en lit my stjerre.
Band. Ynt. 11 Juni '42.
| |
[pagina 151]
| |
De pleats
| |
[pagina 152]
| |
De pleats
| |
[pagina 153]
| |
De pleats
| |
[pagina 154]
| |
De pleats
| |
[pagina 155]
| |
De tsjerkeUt swiere âlde friezen stiet er mids de buorren.
Boppe de beammen út stiket de stompe toer.
Romaensk de ruten yn 'e massive muorren.
Dreech giet it let de harkjende krite oer.
It stek sit ta; efter de hege hagen
Sliepe de deaden fan 't doarp yn 't tsjerkeskaed.
Op 'e pannen fortsiere mosken en protters de dagen.
Yn 'e kloksgatten in ûle, in fuotstap op 't tsjerkepaed.
Sa kin de kring fan 'e wike faeks eine
Sûnder libben of liet; allinne de koster moat
It spul skjinhâlde en rémeitsje foar de Sneine
As earnstich 't folk út doarp en gea optsjocht yn 't swart.
Dan stean de stekken iepen en de doarren,
't Kloklet giet en 't oargel sjongt it refrein;
Oerstjûr tsjotterje de fûgels tsjin inoarren.
Oer it gea giet de wijinge fan 'e Snein.
't Is alles goed, mar och, myn tinzen bliuwe
Faek hingjen by tiden fan lang lyn; wijreek driuwt oan
Troch 't heech forwulft, dêr 't sêfte sangen driuwe,
It liet fan Mem Marije en har hill'ge Soan.
Ave Maria, ora pro nobis; de âlde
Preester knibbelt, de swiete wijreek giet -
Pax Domini vobiscum; en yn de kâlde
Herten sjongt it oargel de frede mei syn liet.
De ieuwen giene en de preester teach hinne,
't Is goed, mar yn myn herte klinkt de wémoed nei,
De jierren, dy 't foar ivich foarbygien binne -
Of is it langstme, dat ik sels dêr rêste mei?
Band. Ynt. 17 Juny '42.
| |
[pagina 156]
| |
Ofbarnde pleats't Mystearje fan 'e ôfbarnde pleats leit njonken de wei
Yn simmerjoun. Stank en brânlucht driuwe
Troch it tosmeulde hôf. Stiltme en heimnis bliuwe.
Yn it ûnwennich swijen klinkt it needlot nei.
't Spul lei en glorearre yn simmers ljocht en preal,
De hearook hong d'r omta; in greate frede.
Mar op 'e neidei dreau út 't Súd 't swierwaer, it wrede -
Dit is fan hwat it needlot rekke 't steal.
Yn 'e buorren giet 't forhael, hoe 't slimme barren wie:
Hoe 't de âld boer, dy 't thúskaem út 'e finne
Dea út it lytshús helle waerd fan 'e brinne
En 't folk; en dat de spuit neat útjochte hie.
Fan 'e foarein sparre de brânmuorre 't greatste part.
't Húsrie dat rêdden waerd stiet by de buorren.
De blinen sitte ta yn 'e goare muorren
Dêr 't it wetter yn strepen by del eaze hat.
In woastenije; fierôf weidzje kij yn it gea,
In pear fûgels, ûnwennich op 'e mantel, roppe
In flok mids it fjild en de himel boppe.
Roet en stank. Faeks smeult der earne noch hea.
Needlot, dat by simmerdei oer Fryslân giet,
Skouwende loften, dy 't de lânsdouwe bidrige -
Warber folk, dat gearhokket ta in bange rige
En troch de rútsjes sjocht, oft de pleats yn lôge stiet.
Nou leit dit útbarnd sté mids 't bloeijend fjild,
In dûnkre driging. Hja dy 't binn' to riden,
De lette fytsers, eagje skou fansiden,
En sjogge nou earst, hoe 't it lân fan libben tilt.
Tjilatjap. Ynt. 27 Juny '42.
| |
[pagina 157]
| |
De okkerinespylderSimmerjoun, de mulfeint sit op 'e souder
En spilet de okkerine foar it iepen rút.
Yn 'e stiltme fan 'e joun wurdt de krite fortrouder,
Mar yn 'e iensumens sjongt er syn langstme út.
Mei Maeije kaem er as mulfeint út 'e Wâlden;
't Fortsjinst wie safolle better op 'e klaei.
Yn har lytse koumelkerij wrotte de âlden;
Hja kamen net roun en nou fortsjinnet er mei.
By harren op it spultsje hat er syn jongesjierren sliten.
Hoe graech soe er foargoed yn 't eigen gea bleaun ha!
Mar fêst en fortreastend is ȳn him it witen,
Ienkear giet er werom, foargoed nei de Wâlden ta.
Nou nei in bann'ge dei op bou en greide piele
Hja great en lyts, hwat roun om hûs en hear,
Altyd warber, mar altyd mei inoar, sa wurdt de hiele
Dei ta in feest. En strak oer 't jounmiel gear.
De fammen binne moaijer yn 'e eigen buorren,
De wrâld noflik en lyts efter it elzen hout;
Smûker de húskes en lytser de skuorren,
Sânnich de groun, en alles sa wûnder fortroud.
De minsken harkje graech nei 't liet fan 'e okkerine
Dat oer de lânnen driuwt yn lette simmerjoun.
Hja wite lykwols net, dat wémoed om in forline,
Langstme en leed, allinne stal yn skientme foun.
Tjilatjap, 24 July '42.
| |
[pagina 158]
| |
De weiwurkerFier oan wearskanten fan 'e buorren is de wei
Fan him. Hy wyt elts hoekje en eltse bocht allinne.
By kleare simmer en skrale winter tsjocht er hinne
En wer; en trou fynt him alweroan eltse dei.
Hy wyt altyd biskie to jaen oer de stân
Fan 'e gewaeksen dy 't op 'e bouwen steane;
Hy ken de hoedanichheit fan 'e groun, en ek ûntgeane
Him de kwaliteiten net fan 'e man op it lân.
Hy wyt, hwa 't ornaris nei de stêd ta tsjenn':
De karriders en hja dy 't nearring dogge,
Froulju maitiids en hjerstmis, as hja sjogge
Dat der in sint oer is; en de skoallebern.
Hy ken de rook en it liet fan it gea
As maitiid en simmer sjonge boppe de lânnen,
As hjerstwyn of winter giet troch de deade stânnen,
Hy ken gewier en gewaeks en forsint him nea.
It is in ienselvich man en al folle stil;
Mar de bisten forstean him, en in mennich hounen
Tsjogge mei him fan 'e iere moarn oant op 'e lette jounen
En gjin miei yn 'e smoute, dat er mei har net partsje sil
De wei is yn oarder altyd en dat is syn ear.
Mar syn greate leafde binne de dreamen mids de fjilden
Dy 't him yn iens'me joun boppe it libben úttilden,
En yn him waerden ta 'n meldije, ljocht en klear.
Tjilatjap, Ynt. 25 July '42.
|