[Nummer 5]
Redaksje:
It leste wurk fan Nyckle Haisma
Mei goedachtsjen 'e femylje, en troch freonlike middeling fan E.B. Folkertsma, dy 't wy hjirby beide ús tank bringe, binne wy yn steat yn dit nûmer ien en oar út it neilitten wurk fan Nyckle Haisma iepenbier to meitsjen.
It binne de novelle SIMMER en in rige gedichten; ien en oar is skreaun yn 'e Japanske ynternearringskampen fan Bandoeng en Tjilatjap, sa 't de ûnderteikening fan 'e gedichten útwiist.
Oerflakkichwei soe men sizze, yn it skriklik histoarysk barren dat oer Indonesië kaem moast Haisma de dramatyske stoffe fine foar syn wurk. Mar de minner wie yn need en noed mei al syn sinnen by de fiere leafste, har skientme en har trêften.
De greate leafde ta Fryslân, dy 't de skriuwer oan it lêste ta bybleau, uteret har net yn lyryske sangen, mar yn in hast saeklike biskriuwing fan it lytste ûnderdiel. Elke heaopper, elke greidefûgel, elke pleats en elk stik ark hat syn earbiedige oandacht, teken dat it him allegearre wurdt fan it heitelân; it heitelân, dat er sa ynlike trou bliuwe koe omdat er it forlitten hie.
Mei dizze selde oandacht, de oandacht fan 'e leafde, is it dat wy dit syn wurk oannimme.