Trioel
Achte redaksje,
Internet of e-mail doch ik net oan, dus ik moat ôfgean op wat my yn oarewei ûnder eagen komt. En dan wit ik wat ik ferwachtsje kin as ik de lêste alinea fan ‘Privaat geëamel’ op side 212 fan it maaienûmer lês: ‘In blêd dat it oandoart om de swetten te ferlizzen en dêrbij gjin boadskip hat oan literêre fûnemintalisten en harren ivoaren tuorkes.’
Trotwaer is gjin ‘blêd’, mar in literêr tydskrift dat de swetten ferleit. Dat ferlizzen hat te krijen mei it ferbreedzjen fan it terrein, net mei de delstap nei in leger (= makliker) nivo foar in gruttere lêzersrûnte.
Ik hear ta de ‘literêre fûnemintalisten’, yn dûbele betsjutting. Literatuer sil it fûnemint, de rêchbonke, fan Nij Trotwaar bliuwe, sa is sein. Ik leau der neat fan. Dy rêchbonke wurdt aanst yn moarchpypkes hakke en de lêzers krije der in slop ôftreksel fan dat maklik weislokt. Boppedat komt it nije, it konfrontearjende, it aparte yn de literatuer net oan bod, want dêr wolle de measte lêzers gjin bek op sette.
Inkeld as yn in heal-om-heal Nij Trotwaar de literatuer kwalitatyf en kwantitatyf syn gerak kriget, dan nimt dizze literêre fûnemintalist yn syn ivoaren tuorke de bydragen fan oare kultuerdragers dy't op harren stokhynderkes foar in breed publyk lâns drave op 'e keap ta.
Mei groetnis,
R.R. van der Leest.