Greet Andringa (1971) is arts by de ferslavingssoarch yn Ljouwert en studearret humanistyk yn Utert. Publisearre yn 1992 in Hollânsktalige ferhalebondeltsje, mar skriuwt de lêste jierren leaver yn it Frysk. |
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer. Yn 2001 syn trêde boek, It aai fan Siderius, in ynspekteur Hofstra mystearje. |
André Bralts (1945), net praktisearjend doktorandus Frysk. Ald-redakteur fan De Strikel. Wurket mei syn maat Joop Douwma oan in CD-syklus fan Grinslanner libbenslieten: Woarom nait 1 t/m 10. |
Eppie Dam (1953) is skoalmaster en skriuwer. Publisearre yn ûnderskate genres mear as tritich titels. Hat nei literêre en semy-literêre omswervingen syn earste leafde, it ambacht fan de poëzij, wer opkrige. |
Johan Gezels (1956) is oriëntalist. Schrijft columns over literaire en artistiek onderwerpen voor De Beiaard (weekblad voor Zuid-Oost Vlaanderen). |
Maria de Groot (1937) is teologe en skriuwster fan poëzij en proaza. Publisearre in fyftjintal dichtbondels. Yn De watertuin (1987) skriuwt se oer it Fryske marregebiet. |
Wieke de Haan (1959) wurket by It Fryske Boek en freelance foar de F-side. Neamt harsels brijsieder, is net by steat om analytysk wurk te leverjen, mar wit wol ferrassende ynfalshoekjes te finen op har eigen wâldpykachtige wize. |
Piet Hemminga (1946) is as bestjoerskundige oan de Fryske Akademy ferbûn. Docht benammen ynternasjonaal ferlykjend ûndersyk nei oerheidsbelied en taal. |
Tsjisse Hettema (1955), berne yn Bitgum, wennet yn Ljouwert. Is byld- en lûdmeiwurker fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. |
Rudy Hodel (1955) wennet yn Grins en wurket as freelance keunstkritikus. Hy hâldt him it leafst dwaande mei de keunst fan syn eigen generaasje. |
Jan Pieter Janzen (1945) is learaar skiednis en CKV1 (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt oer skiednis en kultuer, polityk en media. Yn 2001 ferskynde En gjin ein. Stikken en stikjes 1972-2000. |
Jitske Kingma (1959) debutearre yn 1989 mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, yn 1999 oanfolle mei In twadde libben. Wurket by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer. |
Frederike Kleefstra (1960) berne en opgroeid as boeredochter yn Terherne. Se sjongt teksten fan oaren en somtiden fan harsels. Corinne Staal, har fêste begeliedster op piano, makket ek de measte komposysjes foar de lieten. |
Aly van der Mark (1939) is redakteur kultuer fan Omrop Fryslân. |
Alida van der Meulen (1944). Wennet yn Reahûs. Is learares Frânsk oan de rsg yn Snits. |
Coen Peppelenbos (1964) is docent aan de Noordelijke Hogeschool, recensent bij de lc, Schrijver van diverse schoolboeken en hoofdredacteur van Tzum. Is bezig met een roman en een dichtbundel, maar redigeert eerst De Groninger blaarkop. |
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis en fersoarget kursussen foar de afûk.
Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993). |
Margryt Poortstra (1953) wurke yn de swaksinnigesoarch en is no siktaresse by it riagg, publisearre romans, ferhalen, berneboeken en gedichten; har lêste dichtbondel wie Eva (1997), har lêste roman De loads (1999). |
Trinus Riemersma (1938) amateuristysk literator te Frjentsjer. |
Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Debutearre yn 1998 mei de ferhalebondel Nei it lân fan palmerûzjen. Koartlyn ferskynde Sa'n tûzen blauwe skriften. Biografy fan Reinder Brolsma. |
Itty Sluis (1939) wie provinsjaal amtner. Skriuwt foaral proaza. Har lêste publikaasje wie It meunster fan Skylge, it Boekewikegeskink 2002. |
Tineke Steenmeijer-Wielenga (1946) is direkteur fan it FLMD, wie resinsint Fryske literatuer by de LC, publisearre in dichtbondel, in roman, literêr-histoaryske skôgings en (tegearre mei Frans Steenmeijer) twa detektives. |
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad. Publisearre ferskate dichtbondels. |
Willem Winters (1946) sosjolooch, publisist en útjouwer (lyts). Publisearre oer de âlderensoarch, skreau foar De Strikel, de LC, Hjir en Trotwaer oer - koartsein - keunst en kultuer. |
Baukje Wytsma (1946) wie redaktrise fan De Strikel, wurket as free-lance sjoernaliste, skriuwt kabaretteksten en lieten, publisearre gâns boeken foar bern en sân dichtbondels. |