De leafde, de leafste
Redaksje
Alle leafdes binne bysûnder. En dêrmei altyd nijsgjirrich foar oaren.
Nim bygelyks Douwe Kalma. Doe't dy tweintich jier wie, miende er dat er yn Simke Kloosterman syn wiere, grutte leafde fûn hie. Boppe syn brieven oan har sette er ‘Myn leafste’ en hy tekene mei ‘Dyn Douwe’. Wa't no dy brieven lêst of de sonnetten dy't er foar Kloosterman skreau, fernimt daliks dat Kalma alle war die sels yn dy ‘leafde’ foar de skriuwster te leauwen. Hy woe ferskriklik graach in normale heteroferhâlding, sa liket it, en projektearre dat op Kloosterman. Hoe't dy beiden hast twa jier lang dy sa-beare leafde (ynklusyf ferloving) úthâlden ha, bliuwt fassinearjend.
Jan Melles van der Goot mocht froulju graach lije, mar op de ien of oare wize betearde it altyd ferkeard. Doe't er syn Libbensleare for de Fryske Nasjonalist skreau wie dy teloarstelling oer de frou te fernimmen. Neffens him libbe der yn elke frou ‘ûnder al hjar froed hâlden en dragen, in wylde en sterke ljeafde- en libbenshonger’. In man koe neffens Van der Goot min de ‘skriklik greate bitsjutting’ begripe, dy't it ‘ljeafdelibben’ foar de frou hie. Neffens him kaam dat om't in man troch syn ‘aparte oanliz, nygheit for in hiele smite oare dingen, for it iene ef oare fak, ljeafhabberij, kinst, polityk, sport en sa mear’ in knoffelige amateur wie yn 'e leafde, wylst de frou in beropsspiler wie. Sa skreau Van der Goot syn teloarstelling oer de leafde fan him ôf yn in lange tirade oer de ‘de frou’ as seks- en briedmasjine.
Twa foarbylden dy't sjen litte hoe't leafde in ûnderwerp sûnder ein is. De Nederlânske Boekewike stiet dit jier yn it teken fan de leafde. Trotwaer docht mei. Yn dit nûmer tûmelje de leafdes oer de siden. Earste leafde, leafde yn 'e lêste libbensfaze, foarbije leafde en leafde foar sûkelade. De leafde is ommers, sa't Kalma it fan Shakespearre oersette ‘in beaken, dûrjend, fêst’.