Dwersreed
Henk van der Veer
Jongereinliteratuer, in oerstallige term?
‘Jongereinliteratuer: in oerstallige term’, sa skriuwt Trinus Riemersma yn syn Trotwaerbijdrage ‘Altyd wat!’ fan july 2001. Dat is in nijsgjirrige stelling. Oft dy stelling ek wier is, is in folslein oar ferhaal. Riemersma heart bij in hieltyd grutter wurdende groep dy't de jongereinliteratuer (is dat itselde as ‘berneliteratuer’?) rekkent ta de ‘grutte literatuer’.
Ik bin it mei Riemersma iens dat der eins gjin ûnderskied wêze moat, mei wat hij dan neamt ‘gewoane’ (oars net sa'n kreative oantsjutting, wa betinkt ris wat oars?!) literatuer en ‘jongereinliteratuer’. Foar goede jeugdliteratuer jilde út noch yn gjin leeftydsgrinzen. Ted van Lieshout, Nederlânstalich dichter fan prachtige poëzij foar ‘alle leeftijden’, skriuwt dan ek net spesifyk foar bern: ‘Mijn gedichten moeten voor kinderen én volwassenen goed genoeg zijn. Volwassenen moeten mijn poëzie ook kunnen lezen. Vergeet niet dat kinderen en volwassenen met elkaar gemeen hebben dat ze kind zijn of zijn geweest; niet dat ze volwassen zijn geweest.’ (yn ‘Schrijver Gevonden’, Encyclopedie van de jeugdliteratuur, Den Haag 1998)
Dat de term ‘jongereinliteratuer’ in oerstalligen ien wêze soe, hâldt fansels noch net yn dat der gjin spesifike lêzersgroep bliuwt, en dêrmei ek de spesifike mjitstêven en omstannichheden. Dêrom ek noch altyd in aparte priis foar it bêste berneboek, in aparte berneboekewike, in aparte ôfdieling yn 'e bibleteek, soms sels in folslein eigen bibleteek, en ja, ek in stikmannich selsstannige berneboekewinkels. Dêrom ek it bestean fan aparte wurkgroepen dy't har mei jeugdliteratuer dwaande hâlde, dy't faak nauwe bannen mei it ûnderwiis hawwe, en fan aparte fakblêden, gidsen, en útstjoeringen.
Dat it skift ‘jongereinliteratuer’ allinne mar bestean koe ‘salang't it om in triviale soarte boeken gyng, dêr't inkeld pedagogen heil fan ferwachten’, sa't Riemersma beweart, is wol hiel koart troch de bocht. Wannear't Riemersma skriuwt dat in boek triviaal is, sprekt er in wearde-oardiel oer dat boek út en wol in negatyf wearde-oardiel. Boppedat ropt it ûnderwerp trivialiteit in soad argewaasje op: ‘In lytse elite dy't pretindearret ferstân fan “goede” keunst te hawwen, makket wol eefkes út dat de lektuer dy't troch de grutte kliber lêzen wurdt, rotsoai is. It oardiel fan dy elite is net allinne basearre op in saaklike argumintaasje of op in goed ûnderboud wittenskiplik ûndersyk, mar wurdt gauris dien op grûn fan emosjonele of politike foaroardielen.’ (Jelma Sytske Knol yn ‘Jeugdliteratuer en trivialiteit, in foarsichtige ferkenning’, De Pompeblêden, 19..-9)
De útspraken fan Riemersma: ‘de jongerein [dè jongerein?? hvdv] lêst neat’ en ‘foarhinne woenen folwoeksenen gjin bek op jongereinliteratuer sette, om't dy fierste berneftich wie’, moatte wij mar mei in kerreltsje sâlt nimme. It binne yn elts gefal net útspraken nei oanlieding fan in goed ûnderboud literêr wittenskiplik ûndersyk. En dat ‘Akky van der Veer de eare [takomt] dat se it earste folwoeksen jongereinboek skreaun hat... en dêrmei in bom ûnder de kategory “jongereinliteratuer” lein hat’, is ek net mear as in losse-flodder-opmerking. Ik soe Akky dy ‘eare’ graach gunne, mar wie it Reinder Rienk van der Leest net dy't yn 1983 de alderearste Simke Kloostermanpriis krige foar