[Nummer 6]
Dwersreed
Sjoerd Bottema
Geforceerd Fries
De vvd yn Fryslân wol ôf fan ferplichte Frysk. vvd-steatelid Harry de Maar neamt dat ‘geforceerd Fries’. As de learlingen it net wolle, hoecht it ek net. ‘Het is onjuist het Fries op te dringen als de jeugd er zelf geen behoefte aan heeft,’ sei it Steatelid op in fergadering fan de Steatekommisje wolwêzen.
De ideeën fan De Maar hâlde yn dat it Frysk allinne as fakultatyf fak oanbean wurde kin, neist de ferplichte fakken. Bern dy't Frysk ha wolle, moatte dan in oere langer op skoalle bliuwe. No, der binne fansels net folle dy't dêr sin oan ha. Foar dat fakultative Frysk bliuwt mar in hânfol oer. By ús op skoalle binne der fan de 200 learlingen dy't yn 'e earste klasse Frysk hân ha (ferplichte) in stik as tsien - soms wat mear, soms wat minder - dy't dêr yn de twadde klasse (fakultatyf) mei trochgeane.
De folgjende stap neffens it tinken fan De Maar soe dan wêze om it Frysk mar hielendal ôf te skaffen, want mei sa'n bytsje learlingen, moat der fierstente folle jild op talein wurde. En dêr moat De Maar neat fan ha: skoandere belestingsinten útjaan oan it Frysk. Al dy subsydzjes bygelyks dy't nei It Fryske Boek en it Fryske boek geane, binne De Maar in griis. Dat moat mar ris út wêze.
Ek foar it Fryske boek soe ‘de normale marktwerking’ jilde moatte.
Fan de 100 nije Fryske boeken dy't no jierliks ferskine, soe yn dat gefal minder as in hânfol oerbliuwe. Miskien soe der ek wolris in jier hielendal neat ferskine, want men kin fan dy twa of trije súksesauteurs net easkje dat se alle jierren mei wat nijs komme. En it útjaan fan in boek fan in oare skriuwer is kommersjeel net oantreklik.
Foar De Maar gjin punt, want dy lêst dy boeken dochs net. Hy heart ommers by de minsken dy't hjir tahâlde ‘omdat het hier prettig wonen en werken is’.
‘Deze personen zijn in merendeel slechts zijdelings geïnteresseerd in de Friese cultuur.’
Noch prettiger wonen en werken soe it hjir dan ek wêze as dat ferdomde Frysk der net wie, dat je altyd wer mei man en macht optwongen wurdt, ek al binne je slechts zijdelings geïnteresseerd.
De Maar smyt himsels hjir op as ien dy't neffens de mearderheid sprekt. Dêr sil er dan wol djipgeand ûndersyk nei dien ha, oars koe er dat net witte fansels. Of bedoelt er mei ‘deze personen’ syn fraksjematen en himsels? Dan is ‘slechts zijdelings geïnteresseerd in de Friese cultuur’ in eufemisme, tink?
Slechts zijdelings geïnteresseerd. As it mar neat kostet. Gjin ynspanning en gjin jild.
Mar der binne gelokkich ek oaren.
Deputearre Siem Jansen hat der noch alle dagen spyt fan dat er destiids noait Frysk leard hat en dêrom wol er it ûnderwiis yn it Frysk no ris goed oanpakke. Syn eindoel is ‘dat het Fries voor elke leerling in deze provincie net zo gewoon is als elk ander vak’. Dêr is in mentaliteitsferoaring foar nedich. De Fries moat grutsker wurde op syn eigen taal. Guon Friezen, tefolle dus, tinke dat it Frysk allinne mar funny is. En dêr moatte dy Friezen dus fan ôfholpen wurde, fan dat minderweardichheidskompleks. Frysk is net funny, Frysk is fun. Deputearre Jansen hat it sels sein.
‘Fries is fun.’
No ja, dat soe it teminsten wêze moatte.