Meiwurkers
Ulke Brolsma (1943) wurket as foarljochter by de gemeente Saanstêd. Debutearre yn 1999 yn Trotwaer mei it ferhaal ‘It hûs’. Wûn foarich jier in Rely Jorritsmapriis. Ein augustus ferskynt Iona, in bondel mei acht ferhalen, by de Friese Pers Boekerij
Marga Claus (1955) is edukatyf wurkster by it Friesland College yn Snits. Jout lessen Nederlânsk en digitale feardigens, fan it O-nivo ôf, d.w.s. oan analfaen digibeten. Yn septimber 2000 ferskynde fan har Oxzana, ferhaal fan in flechting.
Hylkje Goïnga (1930-2001) wie sa'n tweintich jier warber as foarljochtster yn 'e ‘jeugdtandzorg’. Hat fan begjin oant ein redaktrise fan De Strikel west. Publisearre trije (lytse) romans en sân ferhalebondels, dy't foar in grut part ek yn it Nederlânsk fertaald binne. Wurke mei oan Frysk en Frij en levere bydragen oan Nederlânske tydskriften en ferhalebondels.
Jitske Kingma (1959) wurke op de steds-, kultueren einredaksje fan it Friesch Dagblad, de lêste jierren as sjef fan de redaksje. Yn 1989 debutearre se mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, tsien jier letter oanfolle mei In twadde libben. Wurket by de ynternetútjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer.
Bertus Mulder (1949) is sosjaal-demokraat, wie dosint sosjale skiednis en is deputearre foar kultuer fan de Provinsje Fryslân.
Syta Palma (1936) studearre Frânsk yn Utert (skripsje oer wurk fan Albert Camus) en Frysk yn Grins (skripsje oer wurk fan Trinus Riemersma), wie learares Frânsk yn Grins. Resinsearre Frânske literatuer yn it Nederlands Dagblad. Jout taalûnderwiis en pastorale soarch oan Frânsktalige asylsikers.
Tsjits Peanstra (1924) wie wykferpleechster, publisearre yn û.o. De Tsjerne, De Strikel, Trotwaer en yn fjouwer bondels. Har fersen waarden sammele yn Neierhân (1999).
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis en fersoarget kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993).
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder, itensierder en republikein te Frjentsjer.
Piter Terpstra (1919) wie selsstannich sjoernalist, skriuwt Fryske en Nederlânske romans, toanielstikken en dokumintêres. Fersoarge toanielkritiken foar it deiblêd Trouw en foar Omrop Fryslân.
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad en Byntwurk. Publisearre ferskate dichtbondels - de lêste wie Kajapoetoaly (2000) - en (tegearre mei Doeke Sijens) it tinkboek by it 25-jierrich bestean fan de Koperative Utjowerij, In útjouwerij fan Quize-QUânsje (1995).
Harmen Wind (1945) is as direksjelid ferbûn oan in learare-oplieding yn Doetinchem. Hy skriuwt Frysken Hollânsktalige fersen. Syn lêste bondel yn it Hollânsk wie Plaatselijke Tijd, yn it Frysk ferskynde koartlyn Op sân. Yn 1987 wûn er de Fedde Schurerpriis foar literêre debuten.
Piter Yedema (1941) prate thús gjin Frysk mar Stedsk. Wie fan berop gemysk analist en learaar natuerkunde. Hâldt him dwaande mei poëzy, fertalen, resinsje- en stikjeskriuwen en mei skilderjen.
Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens.