Trotwaer. Jaargang 33
(2001)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermdDe reding fan it FryskKeunst en kitsch. Ach. Der is neffens my gjin ûnderskied te meitsjen. My tinkt dat wat dan kitsch neamd wurdt, fansels ek wiere keunst is. In grut tal minsken fielt op 'e klompen wol oan dat dat keunst is. In lyts groepke lykwols - de elite - fynt it faaks dêrom al gjin keunst en neamt it kitsch. Ik fyn it hiel spitich dat der yn it Frysk sa'n bytsje is fan wat wy dan mar kitsch neame sille. Tink bygelyks oan in fijn ynfielde, ynkringende feuilleton oer it Fryske gea en harren bodders, de leafde en dea fan in hannelsman, it moaie frommiske en de nea net krigen oprjochte leafde fan de soan fan de rike grytman. Jawis! Fryslân op syn bêst! Spitich is ek dat it besykjen fan Trinus Riemersma om ek yn de seksferhalen it Frysk te brûken nei ien kear stykjen bleaun is. Echt hiele grutte ljochten yn Fryslân wiene fansels in Froukje Annema en in Paulus Akkerman. Twa minsken dy't skreaunen wat in soad no ek noch moai fine. Hja soargje derfoar dat it Frysk noch libben is en echt ûnder de minsken komt. My tinkt sels dat it Frysk dêrmei rêden is en ek takomst hat. Wat mear kitsch wat better, as it mar op syn Frysk is. It gewoane kin echt net gewoan genôch wêze. Ik sjoch dêryn ek in taak foar de Provinsje. Skriuw bygelyks in nije priisfraach út om in tagonklik en ruch seksferhaal yn it Frysk te skriuwen. En wier heite, as it útkomt keapje ik wis in eksimplaar! Repke Hollema. |
|