Sjoerd van Aalsum (1951) hat in eigen bedriuw yn Internettsjinsten. |
Henry J. Baron (1934) emigrearre yn 1948 mei syn famylje fan de Grinzer Pein nei Amearika. Wie learaar en is sûnt 1998 Professor of English Emeritus oan Calvin College, University of Michigan. Is de haadpersoan fan it haadstik ‘Crescendo’ yn Hylke Speerstra syn emigranteboek It wrede paradys. Makke ûnder de titel The Trap in oersetting fan De fûke fan Rink van der Velde. Meikoarten ferskynt in Ingelske oersetting fan in samling Fryske ferhalen. |
Hans Brans (Nijmegen 1951) ging, mislukt als scholier en als katholiek, in 1969 naar het goddeloze Amsterdam. Studeerde na het avondgymnasium wijsbegeerte en theaterwetenschappen. Speelde bij het studententoneel en gaf les aan de Theaterschool. Woont en werkt sinds 1991 in Friesland. Is bij Keunstwurk in dienst als dramaturg voor het amateurtoneel en voor de bevordering van de (Friese) toneelschrijverij. Schreef o.a. artikelen op het gebied van theater, recensies voor de Leeuwarder Courant en enkele toneelstukken. |
Ulke Brolsma (1943) wurket as foarljochter by de gemeente Saanstêd. Hy fertsjintwurdiget de tredde generaasje út it Brolsma's laach dy't him dwaande hâldt mei Frysk skriuwen. Debutearre ferline jier yn Trotwaer mei it ferhaal ‘It hûs’. |
Piet Hemminga (1946) is as bestjoerskundige oan de Fryske Akademy ferbûn. Hâldt him dêr benammen dwaande mei de fraach op hokfoar wize it oerheidsbelied oangeande regionale talen yn West-Europa ta stân komt. |
Jitske Kingma (1959) wurke op de steds-, kultuer- en einredaksje fan it Friesch Dagblad en wie de lêste jierren sjef fan de redaksje. Debutearre yn 1989 mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, foarich jier oanfolle mei In twadde libben. Wurket no by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer. |
Huub Mous (1947), keunsthistoarikus, is as konsulint foar byldzjende keunst ferbûn oan Keunstwurk en direkteur fan it Frysk Festival. |
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan. |
Willem Schoorstra (1959) is tiimlieder by de Flaggesintrale yn Dokkum en sûnt twa jier yntinsyf oan it skriuwen. Debutearre yn 1999 mei poëzy yn Hjir en Trotwaer, wûn in Rely Jorritsmapriis foar in koart ferhaal en krige in priis foar Proms 2000. Hy besiket no stil te libjen fan de ynkomsten út ien en oar. |
Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Fan him ferskynde yn 1998 de ferhaleboudel Nei it lân fan palmerûzjen. Hy wurket oan in biografy fan Reinder Brolsma. |
Albertina Soepboer (1969) wennet yn Grins en libbet fan de pin. Publisearre de bondels Gearslach, De twirre yn 'e tiid, De hengstenvrouw (Nederlânsk), It nachtlân/Het nachtland (twatalich) en De Stobbewylch. Sette it Baskyske berueboek Mari-Marietta oer en skreau foarich jier in ienakter foar jongerein. Is dosint oan de Skriuwersskoalle yn Grins en wurket as free-lance publisist. |
Frans Steenmeijer (Den Haach, 1939) studearre teoretyske fysika en is learaar natuerkunde. Wie deputearre fan de Provinsje Fryslân en is no wethâlder fan Eaststellingwerf. Foarich jier ferskynde syn debût, Moard yn it Provinsjehûs, dat er tegearre mei Tineke Steenmeijer-Wielenga skreau. |
Tineke Steenmeijer-Wielenga (1946) studearre Nederlânsk en Frysk, is direkteur fan it flmd, wie resinsint Fryske literatuer by de LC, publisearre in dichtbondel, in roman en literêr-histoaryske skôgings. |
Piter Terpstra (1919) wie selsstannich sjoernalist, skriuwt Fryske en Nederlânske romans, toanielstikken en dokumintêres. |
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad en Byntwurk. Publisearre ferskate dichtboudels - de lêste wie Kajapoetoaly (2000) - en (tegearre mei Doeke Sijens) it tinkboek by it 25-jierrich bestean fan de Koperative Utjowerij, In útjouwerij fan QuizeQUânsje (1995). |