In diel fan myn libben en wêzen
Henry J. Baron
't Is no al jierren lyn.
Ik bin wer yn Fryslân en nim de tiid om ris nei de âlde plakken te gean en it goed yn my omgean te litten dat ik hjir no as gast bin, hjirre yn it lân dêr't ik weikaam. Ik wol witte at de woartels fan myn jongesjierren no al hielendal út de grûn skuord binne.
Ik ryd nei de skoalle dêr't ik it rekkenjen learde en de toverkrêft fan ferhalen ûntdiek, en foar de earste kear in tútsje fan in leaf famke krige. Soe myn âld skoalbankje fan de fjirde klasse der noch stean my myn hb oan de sydkant? Ik gean nei myn bertepleats, dêr by de Skieding, deun tsjin de Lauwers oan, dêr't yn in droege simmer heit de snoeken samar út it lytse sleatsje skeppe koe. Ik rin oer it hiem dat ik sneons faak himmel meitsje moast foar de minsken dy't hjir sneintemiddeis lâns kuieren.
Mar no leit it der alles wat oars hinne. Ik fiel noch net dat ik thús bin. Ik rin troch, oer de hikke, it lân yn. It lân dat yn de maitiid giel wie fan de bûterblomkes. It lân dat ús heit oernaam fan syn heit. It lân dêr't syn kij op weiden, dêr't ierpels en rapen en biten yn de grûn sieten. It lân mei rogge en mais en heabulten. It lân dêr't myn broer en ik yn de oarlochstiid ier yn de moarn oerhinne strúnden, at de dize noch oer de grûn sweefde, sykjend nei de sulverpapierkes dy't út de loft kamen fan de fleanmasinen om de fijânlike radar te betiizjen. It lân fan pake en heit en ús bernejierren. En ik fernim no wol dat myn woartels der noch yn sitte.
Ik ryd yn in hierauto oer de smelle dykjes nei De Leijen, en dan nei de Burgumermar. Lang lyn ried ik hjirhinne by heit achter op de fyts, en letter yn de kreaze sjees dy't heit fan de buorman kocht hie. It bernegefoel fan in ierdsk paradys sjit my wer yn 't sin: in skoandere simmerfakânsjedei mei de famylje yn 't paradys fan it boatsjefarren op de Fryske marren.
En dan wie der ek it paradys fan de wintertiid at der iis op de sleaten komt, op de dobben, en dan, dêr't eltse Fryske reedrider op longere, op de fearten. Ik ryd troch Koartswâld, it berteplak fan mem, en ynienen stiet my dy frisse winterdei wer helder foar de geast.
It wie hjir fuortby dat myn freon en ik de redens ûnderbûnen. Wy hienen tastimming krigen foar ús earste cross-country aventoer. Troch de fjilden sweevje op in feart dy't sa moai troch it lân swabbert, it Knillesdjip oerstekke, de Trekfeart op nei Kollum ta, wat lekkers keapje, dan noch eefkes fierder oan Dokkumer Nije Silen ta. Wy hienen graach trochride wold nei de Lauwerssee, mar dan kamen wy te let wer thús. Dochs hat it in bjusterbaarlik moaie dei west. Soks ha 'k noait wer dwaan kind; der binne gjin fearten foar cross-country reedriders yn it nije lân.
Al dy oantinkens nimme je mei as je de wrâld fan jins bernejierren ferlitte. En wat je meinimme fan it âlde lân wurdt mei de tiid faak folle romantysker as it ea west hat; it wurdt in diel fan jins dreamen; it wurdt better en moaier; it wurdt mear in idylle. Sa sil it foar my earst ek wol west ha.
Dochs bin ik ek in realist. Yn it eardere Fryslân wie in soad earmoed. De dochter fan in boer mocht net oan 'e skarrel wêze mei de soan fan arbeidersfolk. De minsken fan de iene tsjerke wiene folle better as fan de oare. De minsken fan de Klaai stiene op in heger nivo as de