kop oerstjoer makke hawwe. It sukses hie ek yn 'e Midsieuwen in soad foarfaars en de kâns is dan ek aardich grut dat de Fryske oarsprong fan 'e pylgerreis nei Santiago mear op Dichtung as op Wahrheit berêst.
En dochs, wa wie dy Everamus? In ferdwaalde fagant of in kening fan 'e Noardsee? Wie er de earste frije Fries dy't befongen waard troch in ûnwjersteanbere langst nei de fierte? Wat beweegde him om fuort te gean, oer hikken te springen en te rinnen en te rinnen oant it gers ûnder syn fuotten ferdwûn, de paden, kronkeljend by ravinen lâns, droech en rotseftich waarden, om him úteinlik, op it lêste rjochte stik, as yn ekstaze gean te litten nei Santiago, all alone like a rolling stone...?
Wie it berou om in stikeme misdie of gewoan in midsieuske midlifecrisis? Wie er bang foar de donkere spegel fan syn siel, it skûlplak foar de Antikrist, de barbaarske moard yn Dokkum miskien? Siet de duvel him efternei of wie er gewoan op 'e siik nei God. Mar dy wenne dochs noch heech en dreech yn Jorwert? Miskien woe er wol emigrearje en koe er net aardzje sa fier fan hûs. Moatst dochs wat te fertellen hawwe ast sûnder datst ta dyn doel kaam bist wer op it doarpsplein fan Blije ferskynst. De minsken wolle ornaris wêze dêr't se net binne, sokssawat moat Everamus dêr sein hawwe.
Wa't fiere reizen makket kin in soad ferhelje, en sterke ferhalen moat er wis ferteld hawwe, oer hoe fier it wie en hoe swier. Ferhalen ek oer de blierren ûnder syn fuotten, de minne winen ûnderweis, de flieën yn syn bêd en de rovers yn 'e nacht. En, net te ferjitten, ferhalen oer ûnwennigens, altyd mar wer de langst nei Fryslân dat hieltyd op 'e nij de kop opstuts lykas de duvel yn 'e tympanen fan al dy tsjerkjes ûnderweis.
Hoe wreed syn reis ek west hat, ek Everamus is ea wer behâlden thúskaam. As in oar mins miskien. Miskien ek net. Syn Japiksskulp is net mear weromfûn. Faaks dûkt dy ea noch ris op tusken de diggels yn it Frysk Museum, earne tusken in Romeinske sleef en in learene skoech út de tiid fan Bonifatius.
Dat ferlerne relikt út ferfleine tiden soe in bysûnder plak fertsjinje neist it swurd fan Grutte Pier of it parfumfleske fan Mata Hari. It ferhaal fan Everamus, de earste pylger yn Europa, slút ommers presys oan by de mytology fan Fryslân, it lân fan de alve stêden en de tritich gritenijen. Hoest it ek besjochst, Everamus heart thús yn it stege panteon fan Fryske helden en heldinnen, it wrede paradys fan de hilligen fan Fryslân. Feit of fiksje, de skientme fan syn hast boppeminsklike prestaasje wurdt der yn 'e ferbylding net minder om. [...]