Meiwurkers
Sjoerd van Aalsum (1951) hat in eigen bedriuw foar Internettsjinsten en in digitale útjouwerij. Wie fjouwer jier redakteur fan Frysk en Frij.
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer. Debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Foarich jier ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei.
Tjeerd Bruinja (1974) skriuwt yn it Ingelsk, it Nederlânsk en it Frysk. Hy organisearret yn Grins literêre eveneminten en studearret Ingelsk oan de RUG. De Amerikaanske literatuer fan 1850 oant hjoed hat syn foarkar. Hy publisearre û.o. yn Hjir, Ravage, Bordelaise Literair en Spot On. Yn eigen behear ferskynde Vreemdgaan (1998).
Johan Gezels (Zottemgem 1956) schrijft columns over literaire en artistieke onderwerpen voor De Beiaard (weekblad voor Zuid-Oost Vlaanderen. Heeft als oriëntalist verscheidene artikels voor tijdschriften en bijdragen aan verzamelwerken over de christenen in het Nabije Oosten geschreven.
Hylkje Goïnga (1930) wie sa'n tweintich jier warber as foarljochtster yn 'e ‘jeugdtandzorg’. Hat fan begjin oant ein redaktrise fan De Strikel west. Publisearre trije (lytse) romans en sân ferhalebondels, dy't foar in grut part ek yn it Nederlânsk fertaald binne. Wurke mei oan Frysk en Frij en levere bydragen oan Nederlânske tydskriften en ferhalebondels.
Eric Hoekstra (1960) studearre Ingelsk en algemiene taalwittenskip. Wurket sunt koart op de Fryske Akademy. Is dwaande Nietsche syn Also sprach Zarathustra yn it Frysk oer te setten. Fan him ferskynde foarich jier Dat zijn nou typisch Friezen. Is ferbûn oan M3. Frysk Literêr Blêd foar it Tredde Milennium.
Benny Holtrop (1938) bedarre nei 24 jier ûnderwiis yn 'e skriuwerij. Hat wol ris it idee dat oaren syn skriuwen serieuzer nimme as hy sels. Skriuwt it leafst ferhalen en gedichten; in roman is him eins te mânsk. Skreau ek foar toaniel. Publisearre fiif proazaboeken en fjouwer dichtbondels. Wûn seis Rely-prizen, de Stellingwerfske Oolde Pookpries en de Hearrenfeanster Gouden Pen.
Jitske Kingma (1959) wurke op de steds-, kultuer- en einredaksje fan it Friesch Dagblad en wie de lêste jierren sjef fan de redaksje. Yn 1989 debutearre se mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, fan 't hjerst oanfolle mei In twadde libben. Wurket no by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer.
Alida Bok-van der Meulen (1944). Geitehâldster en learares Frânsk oan de RSG Magister Alvinus te Snits. Hat yn har wenplak Reahûs de grutste samling oersettings fan Le Petit Prince.
Huub Mous (1947), kunsthistoricus, is als consulent voor beeldende kunst verbonden aan Keunstwurk.
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993).
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan.
Willem Schoorstra (1959) wennet yn Ternaard. Hâldt him dwaande mei filosofy, (bedriuws)psychology en muzyk. Sûnt in pear jier yntinsyf mei poëzy en proaza yn 'e slach. Wûn yn 1998 de twadde priis yn de Ruerd Wiersma-poëzykriich en krige yn 1999 de Rely Jorritsmapriis foar in ferhaal.
(Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens)