Fryslân-promotion
Wat in striemin imago betsjutte kin, hawwe wy sûnt Willem Alexander him mei in pilske yn 'e hân op it wettermanagement stoarte, wol helder foar eagen. Wol dy stakker it lân ea mei goed fatsoen bestjoere kinne, dan moat er dochs minimaal en public syn dominante memke ris in bêste reis jaan, tagelyk mei Samaranch en it hiele IOC ôfweve en yn ien loop Emmely op 't wite hynder skuorre. Earst dan lûke wy jûns rêstich it fel oer de eagen.
Wat in poerbêst imago betsjutte kin hawwe wy sûnt de Alvestêdetochten ek wakker foar it ferstân. Us herten, pompeblêden allyk, bûnzje fan grutskens. Sjoch ús ris ienriedich wêzen, sjoch ús ris de bewenners fan it bêste lân fan ierde wêzen, sjoch ús ris Frysk wêzen.
Mar wylst yn de rest fan it lân yn 'e kroegen hiele klibers allochtoanen spontaan it Fedde-en-Foekjerepetoire ynstudearje en op it Rembrandtplein (registrearre troch kamera's) fochten wurdt om de lêste UNOX-mûtsen, dy't sa njonkenlytsen de status fan paspoart fan Fryslân hawwe, en in oar part mei it Frysk Buro foar Toerisme skillet om in alternative alvestêdetocht op of mei in lisfyts, kano, scooter, surfplanke, motor, skeelers, hynder en wein, ynvalidekarke, step, boatsje, tearweintsje of tandem te boeken, dit alles mei of sûnder body-painting, al of net neaken, lizzend, steand, hingjend, wippend, of sliepend en tagonklik foar travestiten, húsfroulju, fiskers en oarstinte minsken, betinke wy hjir, Frysker as Eeltsje Boates Folkertsma, dat wy sa net oer de dyk wolle; dat UNOX net samar mei ús skoandere pompeblêden oan 'e haal kin.
Op ‘Us Blau Hiem’ stige ferûntrêste lûden op as ek dêr trochkringt dat Sonnema it skaaimerk fan ús kulturele erfguod, DE FRYSKE TAAL, ynset ta meardere eare en gloarje fan: alkoholpromoasje. Fryske Bewegers en FNP'ers, dy't gewoanwei net yn in slokje spuie, befolkje mei harren ûnheilsboadskippen wikenlang de kranten. En moatte wy al dat folk dat op al dy alternative tochten ôfkomt hjir winliken wol ha, freget de rest him benaud ôf? Is ien sa'n alternative tocht op 'e Weissensee of by Kuopio al net moai genôch?
De moraal? Skuor de blynkapen ôf en lûk op 'e Fryske intensive care hjir en dêr wat stekkers út goedbedoelde apparaten.
Ingrid Wagenaar