It ien en oar oer de minsken dy't oan it programma meiwurkje
Hanneke Hoekstra (1966) is post-doc ûndersiker oan de Erasmus Universiteit yn Rotterdam. Yn desimber 1998 promovearre se op in stúdzje oer acht romans fan Ypk fan der Fear. Dêryn skriuwt Hanneke Hoekstra oer Ypk fan der Fear har bydrage oan de regionale en religieuze mienskip, dêr't hja troch har literêre skeppingen mei kommunisearje woe.
Jelma Knol (1955) is redakteur by útjouwerij De Friese Pers; se is ek redaksjelid fan Hjir. Yn 1993 ferskynde fan har in essay oer Fryske frouljuspoëzij en de reaksjes dêrop fan de literêre krityk. Se neamt dêryn Ella Wassenaer ien fan de markantste literêre figueren út de Fryske literatuer fan nei 1945. Dy soe mei har fersen oanslute by in froulike poëtyske tradysje fan mystike dichteressen, mar ek by de Fryske literêre avant-garde fan de jierren fyftich.
Ypkje Hoekstra-Post (1940) is de âldste dochter fan Lipkje Post-Beuckens. Dêrtroch hat se in in folle persoanliker fizy op har mem en op dy har skriuwerskip as de oare sprekkers.
Jacobus Knol (1936) wurke as learaar Nederlânsk en Frysk oan de pa yn Dokkum en letter ek yn Ljouwert. Hy besoarge de postume ûtjefte fan Ypk fan der Fear har histoaryske roman oer de dichter J.C.P. Salverda In earme swalker yn 'e wrâld (1988). Knol wie ek anneks mei de publikaasje fan Ella Wassenaer har dichtbondel Fernijd fiergesicht yn 1981.
Kwartet Festjebûs sjongt gedichten fan Fryske dichters. It kwartet bestiet út: Rinske van der Meer (sopraan), Gerbrich van der Meer (alt), Jan Willem Nieboer (tenor) en Peter Tuinstra (bas).
OANMELDING
Knip de bon dy't hjirûnder stiet út en stjoer dy uterlik 15 april op nei: Stichting Kultureel Sintrum ‘de Skierstins’, Postbus 11, 9269 ZR FEANWâLDEN.
Betelje: KONTANT by de yngong fan de Menniste Tsjerke.
Namme:
Adres:
jout him/har op foar it Sympoasium yn de Menniste Tsjerke op 24 april 1999.
Oantal persoanen:...(kosten f 35,- de persoan). Hân: