Gjin dreech boek
Op 'e flaptekst stiet: ‘Yn ferliking mei syn earder yn boekfoarm ferskynd proaza is Piter Boersma mei dit boek in nije wei ynslein.’ Hoe sa, ‘in nije wei’?
Boersma: ‘Tematys is it boek foar my net sa fernijend. De haadfiguer, is in yn himsels sletten persoan, dy't it swier hat mei relaasjes, eins in iensume figuer. It nije is hoe't ik dat âlde tema ferwurke haw. Yn myn eardere wurk wie it allegear frij wat psychologys. Yn It libben sels haw ik besocht de swierte wat lichter te meitsjen, wat mear romte te krijen. Sûnder omballingen. Ik ha it frij realistys opskreaun mei fragmintarise details. Trochdat ik romte skepen ha, koe ik ek absurdistise dingen yn it ferhaal kwyt.
It hat in befrijing foar my west, in weibrekken út myn eardere manier fan skriuwen. Yn wêzen giet wat ik skriuw altyd oer wat yn my sit. Ja, dêr giet it àl om!
Ik beskôgje It libben sels dan ek net daliks as in houliksroman, sa't Doeke Sijens dat yn syn besprek [Trotwaer, maart 1998] suggerearre. It giet oer de relaasjes fan in persoan mei minsken en de wrâld. Ik ha besocht om de problematise relaasjes dy't de haadpersoan mei de froulju, de minsken, de wrâld om him hinne hat út te fergrutsjen en sadwaande in gekke, in absurde lading te jaan. Om dy reden ha ik him bygelyks ek fiif kear skiede litten.
It komt tichter by in selsanalyze as in houliksroman. By in selsanalyze tinke je dat it in psychologisearjend boek is. Mar dat is it hielendal net. Der wurde situaasjes delset, foarfallen, en dy
Piter Boersma yn de Ljouwerter Prinsetún (foto Henk van der Veer)
moatte foar harsels sprekke. Dêryn jout de haadpersoan in byld fan himsels. Selsanalyze sûnder dat er oan it psychologisearjen is.’
It mei dan gjin psychologisearjend boek wêze, it is wol in literêre bonbon. Wie it Piter Boersma net dy't ris sei ‘Ik bin in folksskriuwer, mar it folk hat it sels noch net yn 'e rekken!’ Boersma is dochs in literêr skriuwer?
‘Fansels bin ik in literêr skriuwer, ik pretindearje om literatuer te skriuwen. Ik leau ek dat myn wurk dat is. Yn Fryslân liket it der op dat der skriuwers binne foar in grut en in lyts publyk. Dy auteurs foar in lytser publyk soene dan elitêr wêze. Ik ha muoite mei dy skieding, skriuwers wurde yndield yn “maklik” en “net-maklik”. In literêr