De Ferstrikeling fan Trotwaer
Bêste jpj,
Yn dyn ien nei lêste e-mail litst n.o.f. myn krityk op 'e Fryske tydskrifteboel sa tusken de rigels troch witte dat ik net (mear) alhiel op 'e hichte bin mei wat der sa al geande is en op kommendewei is. Wat dat lêste oangiet, haw ik mar ien antwurd: Fryske politike hûnekarrewoarsten binne der de lêste jierren al genôch ferkocht, of lit ik it oars sizze: men lit dêr te jimmes, leau ik, leaver de mosken dy't men hie fleane yn roal foar it fermeits fan wat der komme sil oan nije protters, dy't, ast it my fregest, al dea binne foardat se oer de hoarizon striken komme. Hawar, hat men, hasto, teminsten wat om nei út te sjen.
Jan Pieter, salang't de op himsels net minne stikjes fan skribinten as Van der Meulen en oare (eks-) Ljouwerter Krante en Strikel Co. yn Trotwaer ferskine, gean ik mei in boggy om jimme blêd hinne.
De nije line dy't de redaksje útset hat, is in kar dêr't ik fierders neat oan ôfdwaan sil. Elkenien syn eigen wille. Allinne, it is in kar wêrfan 't de drôvige risseltaten my net passe. Der is sprake fan in ‘Ferstrikeling’ dy't der ta laat dat sels in foar har dwaan dochs werklik poermin gedicht fan Baukje Wytsma ôfprinte wurde kin (sj. lêste nûmer). Mar nei alle gedachten kin soks yn it nije Tr.(eurige)-belied. Aanst de itensiedersrubryk fan ús aller Fryske hinnesopraantsjetteljende wintermetaalarbeider I.W. te E. der noch by... y c'est complet.
Nochrisom, ik kin my yntinke dat de nije redaksjeformule ‘in een behoefte voorziet’, mar dêr haw ik, earlik sein, gjin al te grut boadskip oan. Lykwols, belofte is belofte, ik hie jimme it besprek fan Schurer syn Dûbeld Paradys tasein. Dat, ik sil nettsjinsteande myn argewaasje gjin ‘hooky’ boartsje.
Fr. Gr. ut L.A., dêr't it hiel hurd hiel stil wurdt yn in mear as soel en brodzige en neffens my earst ierdbevings bepankoekjende simmer. Sa Khoem!
Eeltsje Hettinga.
(Digitaal Trotwaer, 30 augustus 1998)