Trotwaer. Jaargang 29
(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 65]
| |||||||
Opmakke as in byldGa naar eind*
| |||||||
Kanonfoarming en oardering fan it materiaalOer wat literêre kanon is, binne de measte taaldosinten, letterkundigen en kritisy it wol iens. ‘Kanon’ soe men mei J.J.A. Mooij omskriuwe kinne as ‘in samling literêre wurken dy't yn in maatskippij as weardefol beskôge wurde. Se tsjinje as oriïntaasje- of referinsjepunt yn de literêre krityk en yn it ûnderwiis’.Ga naar eind1 Oer de wearde fan kanon en kanonfoarming rinne de mieningen útinoar. In wichtich punt yn de diskusje is, yn hoefier't de kanon foar elkenien jildt. Hat net elke groep yn de maatskippij oare belangen en dus in eigen kanon?Ga naar eind2 It wurk fan Obe Postma heart, lykas dat fan Gysbert Japicx en de Halbertsma's, ta de toppers yn de kanon fan de Fryske literatuer. Reaksjes fan resinsinten meitsje dúdlik hoe't syn wurk yn dy posysje telâne kommen is.Ga naar eind3 De resepsje fan in skriuwer rint gauris neffens fêste patroanen. Fokkema en Ibsch ûnderskiede trije fazen yn de resepsjeGa naar eind4. De earste reaksjes op in nije tekst komme fan de skriuwer sels, neiste freonen, útjouwers en kritisy, allegearre lju dy't koart nei ferskinen reagearje op de tekst. Op de twadde faze fan resepsje kin de skriuwer amper sels mear ynfloed útoefenje. De renomearre literêre krityk, it ûnderwiis, de útjouwers en oare oefene lêzers meitsje út, oft de tekst tenei ta de kanon hearre sil of net. De tredde faze fan resepsje wurdt benammen útmakke troch kommersjeel ynstelde útjouwerijen. Yn dy faze komme popularisearring en trivialisearring op gong. Fansels is it nijsgjirrich om sokke straminen te ûntdekken yn de resepsje fan it wurk fan Obe Postma. Se bringe ús tichter by ús fragen nei it proses fan kanonisearring. Us yndieling fan it resepsjemateriaal rint dêrom globaal besjoen min ofte mear syngroan mei dy fan Fokkema en Ibsch: | |||||||
[pagina 66]
| |||||||
| |||||||
Ek foar de ‘gewoane’ lêzer?Yn de reaksjes op de earste bondel, Fryske lân en Fryske libben (1918/1923), is Obe Postma fuort al akseptearre as dichter dy't it makke hat. Douwe Kalma skriuwt bygelyks yn 1918 dat Postma in ‘egen en earber plak’ hat. Hy neamt him in monumint en ferwachtet dat de nije samling libje sil salang't Fryslân bestiet. Ek Jan Jelles Hof reagearret posityf.Ga naar eind5 Postma is dan ek al tweintich jier bekend út syn publikaasjes yn tydskriften. Ut itselde besprek fan Douwe Kalma komt nei foaren dat er Postma sjocht as dichter fan it ferline. Oer syn dichtkeunst seit er: ‘For de Fryske kultur hat hja deselde bitsjutting as it wirk fen Ids Wiersma dy't ek libbet ûnder de tsjoenkrêft fen it forline en it bêste dêrfen, det nou ienris net rêdden wirde kin om't it syn tiid hawn hat, forhearliket mei de earbiedenisse fen syn forstân en de ljeafde fen syn herte.’ Alhoewol't de Jongfriezen har neffens Kalma benammen rjochtsje op de takomst fan de Fryske kultuer, sjogge se yn de ‘tsjoenende suverheit’ de wearde yn fan Postma syn fersen. Rinke Tolman neamt yn syn (Nederlânsktalige) besprek fan Fryske lân en Fryske libben de fersen ‘spontaan’ en ‘bloesemend’.Ga naar eind6 Hy priizget de ienfâld, de behearsking fan it materiaal en de humor. De foarm fan de fersen is, sa seit er, ôfwikseljend as it libben sels. Jonge en âldere lêzers, yntellektuelen of minder oefene lêzers, allegear kinne se fan de fersen genietsje. Dy populariteit ûnder brede lagen giet lykwols, oars as men faaks ferwachtsje soe, net op kosten fan de kwaliteit fan foarm en ynhâld. Nettsjinsteande dat Tolman wurk fan oare moderne Fryske dichters heech hat - hy neamt de Jongfriezen Kalma, Sybesma, Sj. de Zee, F. Jac. de Zee, Pollema en Sipma - pakt it wurk fan Postma him it meast. Postma is neffens Tolman net in Jongfries, mar hy heart wiswol by de jongste generaasje dy't nei syn sizzen nei ‘in toarre perioade û.o. in nije literêre keunst skoep’. Tolman is mei de oare Jongfriezen bliid mei Postma syn bondel en dat bewiist neffens him dat Jongfriezen net per definysje alle keunst fan foar 1915 feroardielje. | |||||||
[pagina 67]
| |||||||
In tsjinstelling tusken ‘persoanlike keunst’ en ‘folkskeunst’ behearske de literêre diskusje yn de earste helte fan de ieu.Ga naar eind7 Yn de Postma-resepsje út dy tiid fine wy spoaren fan dy diskusje werom. Kalma skriuwt yn 1938 bygelyks dat dichtkeunst net it besit is fan de mannichte. Postma mei dan wol by de meastlêzen Fryske dichters hearre, dochs sille mar in pear de folle rykdom dêrfan ferstean,Ga naar eind8 sa ferwachtet er. Oaren fine dat Postma syn gedichten krekt ticht by de ‘gewoane’ lêzers steane. B. seit bygelyks yn de Ljouwerter Krante fan 17 desimber 1923 dat er graach woe dat de bondel yn elke Fryske húshâlding in plak krije soe. Jan fen 'e Gaestmar (Jan Jelles Hof) neamt de gedichten fan yn de earste bondel ‘ferskes’Ga naar eind9 en jout dêrmei ek oan dat er it gedichten foar in breed publyk fynt. Yn syn besprek fan De ljochte ierde (1929) skriuwt er dat Postma der foar ‘Jan en alleman’ net begrypliker op wurdt, en komme yn syn reaksje op Postma ferskillende stânpunten yn de diskusje oer it Frysk as kultuertaal of folkstaal sterker nei foaren: ‘Noch folle mear as 't sims it gefal is yn syn earste fersen, is er yn dizze de man dy't yn himsels praet en... foar himsels.’Ga naar eind10 Dat beswier feroaret lykwols neat oan syn wurdearring foar Postma. Folle minder posityf ûntfange de kritisy Postma syn Gedichten fen Rilke. Allinne S.D. de Jong is posityf. Hy fynt dat Postma de sfear yn de gedichten goed oanfield en goede Fryske fersen makke hat. Postma syn ynteresse foar oare kultueren draacht neffens syn sizzen by oan de striid tsjin it nearzige klimaat yn Fryslân. Om dy tsjinstelling tusken Frysk en frjemd draaie de oare besprekken fan de Rilke-oersettingen ek.Ga naar eind11 Douwe Kalma skriuwt bygelyks dat Rilke ús Friezen nea eigen wurde sil en dat de ferfryskingen fan Postma om dy reden nea net in kâns fan slagjen hiene. Hy neamt de Rilke-oersettingen in tydlik fersin. Postma hie him better weagje kinnen oan ‘A shropshire lady’ fan Housman út de Ingelske literatuer dy't ommers folle tichter by de Fryske stiet.Ga naar eind12 W. Kok neamt yn De Stim fen Fryslân de Rilke-fersen ‘to soel, to stil, to iensum, to frjemd, ik scoe hast sizze to ûn-frysk’.Ga naar eind13 Theun de Vries giet yn De Gids yn op it ‘psychyske ferskil’ tusken Rilke en Postma. Yn de oersettingen komme twa wrâlden byinoar, dy't inoar net fersteane, de Slavyske en de Germaanske.Ga naar eind14 Postma hat sels nammers dit punt fan krityk wjerlein.Ga naar eind15 Yn de oarloch ferskine fan de hân fan Douwe Kalma en S.J. van der Molen skôgingen oer it wurk fan Obe Postma. Beide besykje Postma yn te passen yn har eigen ideologyske kamp. Kalma neamt Postma ‘Nestor der Friesche dichtkunst’.Ga naar eind16 Hy wiist op oerienkomsten tusken Obe Postma en Douwe Kiestra, ‘de leider van het volksche Friese streven’: ‘Postma is dichter van boerenleven; Kiestra is boer-dichter.’ S.J. van der Molen beskriuwt yn Saxo Frisia fan 1943 Obe Postma as dichter fan ‘volk, bodem en verleden’ dy't de Fryske ienheid fan Great Fryslân besjongt. In jier earder hie er yn De Schouw in wiidweidiger skôging skreaun oer Obe Postma fan likernôch deselde strekking.Ga naar eind17 | |||||||
De âlde Fryske masterNei de oarloch is de krityk hast ienstimmich po- | |||||||
[pagina 68]
| |||||||
sityf. Obe Postma is de dichter dy't alom priizge wurdt, yn resinsjes fan nij wurk, by it ferskinen fan syn Samle fersen (1949), by it útrikken fan de earste Gysbert Japicx-priis (1947), by syn jierdagen en by syn ferstjerren. Negative klanken binne amper te hearren. De wurdearring foar de grutte dichter en âlde master is algemien. J.P. Wiersma skriuwt: ‘Yn it Jongfryske tiidrek foel einliks it folle ljocht op Postma syn wurk. [...] De Jongfriezen rounen wei mei Postma syn gedichten, en men kin sizze dat dat sa bleaun is oant de dei fan hjoed. Mar nou dogge de Jongfriezen it net mear allinne, mar alle Friezen dy't Frysk lêze en it moaije fan in gedicht neipriuwe kinne. [...] Postma stiet as dichter hiel apart.’Ga naar eind18 It idee dat de dichter Postma foar Fryslân unyk is, en net yn te dielen by in beskate streaming, in dichter dy't alhiel op himsels stiet, is algemien. Sierksma giet yn syn entûsjasme it fierst, as er ‘de poëzij fan Obe Postma in selsstannich ryk’ en de dichter ‘in stjer fan de foarste greatens’ neamt.Ga naar eind19 Syn ferneamde essay Bern fan de ierde (1953) is in lofliet op Postma syn ferskeunst: ‘it greatste dichtwurk dat Fryslân yn ús tiid fuortbrocht hat. De skientme fan Postma's gedichten rêst op de tsjinstelling tusken de ienheit fan de Algeast en de konkrete rykdom fan it Fryske libben.’Ga naar eind20 L. Krol út De Haach, in Fries om utens, fynt dat de essayist Sierksma it wint fan de figuer Postma, it essay fertsjinnet mear lof as it wurk fan Postma: ‘Veel van die gedichten zouden in een Hollandse bloemlezing niet thuishoren.’ Krol neamt Postma ‘de dichter van een gesloten gemeenschap, het Friese volk.’ Letter nuansearret er syn miening wat en seit er dat Postma op grûn fan syn monistyske libbensopfetting earder ‘de typische dichter van een kleine universele kring, niet van heel de Friese gemeenschap, maar van de monistische humaniteit’ is.Ga naar eind21 It omtinken foar de meastentiids eksplisyt neamde monistyske libbensopfetting by Postma wurdt gauris yn ferbân brocht mei in diskusje dy't foar de oarloch al spile: Is Postma in folksdichter of is er dat net? Benammen Sierksma giet dêr yn syn essay wiidweidich op yn en beskriuwt Postma as dichter fan in sletten mienskip, as doarpsdichter en grutte broer fan de folksdichters: ‘Obe Postma, dy't yn it bigjin in broer en letter in healbroer fan de krantedichters skynde to wêzen, hat him oan de ien kant ûntjown ta in greate dichter, dy't Kunst skept, wylst er oan de oare kant oan syn bruorren trou bleaun is. [...] Faeks komme wy hjir tichte by de kearn fan Postma syn greatens. As bern fan de ierde is hy trou bleaun oan de iene en iennichste wet, dy't dizze Mem oan har bern meijowt, de wet fan de waechsdom. [...] Obe Postma's dichtwurk hat him ûntjown fan de ûnwennige langst-nei-it-forline ta it bilibjen fan forline, hjoed en takomst yn it tideleaze nou.’Ga naar eind22 Nêst it hast ‘dronken’ entûsjasme fan Sierksma stiet de nofterne, skôgjende Anne Wadman dy't yn Postma syn wurk twa ferdjippings sjocht: ‘Foar in part lit it him dan ek wol lêze as gewoane, mar tige gefoelige, sobere en simpele natuerpoëzij, poëzij fan it oantinken, fan hoe't it earen wie, biskriuwingskunst, koartsein poëzij fan it “Fryske lân en Fryske libben”. De twadde ferdjipping | |||||||
[pagina 69]
| |||||||
yn de fersen is filosofysk en foar it folk net tagonklik, neffens Wadman: ‘Obe Postma is net in namme dy't by “it folk” fuortlibje sil, lyk as dy fan Walingom of Piter Jelles.’Ga naar eind23 De measte kritisy sjogge efter de ienfâld fan de ynhâld en de foarm in mystyk elemint. ‘It is de ienheit fan 'e siele mei alle dingen út hjoed en ferline’, skriuwt Ype Poortinga dêroer.Ga naar eind24 Professor Brouwer freget him yn syn rede by it útrikken fan de Gysbert Japicx-priis ôf, oft yn it lyts bestek fan Fryslân grutte keunst ûntstean kin. Syn andert: ‘O jimme moderne dichters, dy't de hiele wrâld ôffleane moatte om stoffe foar jim skriuwerij to finen, lit jim fan Postma bileare, dat yn in wetterdrip de hiele wrâld en de hiele himel har wjerspegelje.’Ga naar eind25 By alle lof is sa út en troch in puntsje fan krityk te hearren. Brouwer seit yn syn rede, dat Postma de struktuer fan in fers wolris út it each ferliest. De foarm (of better sein de foarmleazens) fan de gedichten is in weromkommend tema fan de resinsinten. De measten tinke dat efter dy ienfâldige foarm mear sitte moat. Neier ûndersyk nei foarmprinsipes is dêrom winsklik. Anne Wadman hat der al in begjin mei makke en keppelet de foarm op in oertsjûgjende wize oan de ynhâld: ‘It is in reservearre foarmfêstens, net utere yn opfallende, útwrydske byldspraek, mear nei binnen keard as nei bûten út streamend. Yndied is it lêste part fan Postma syn dichtwurk ien oanhâldende monologue intérieur.’Ga naar eind26 F(olkertsma) is fol lof oer de Samle fersen fan 1949, mar kin him net fine yn Postma syn panteïstyske fizy op it libben: ‘De himel hat yn dizze fersen gjin plak... Dat jowt syn wurk op it lêst hwat ûnpersoanliks, hwat ientoanichs, hwat yn it einleaze forfloeijende en dizenige. It mist de sterke en kleare foarm. En hwat der by einsluten allyksa oan ûntbrekt, by tiden op it ydillyske ôf, is it dramatysk elemint.’Ga naar eind27 Yn it koar fan lofsjongers falt ek Lolle Nauta wat út 'e toan. Hy besjocht it wurk fan Postma kritysk en nuansearre. Hy fynt yn 'e bondel Fan wjerklank en bisinnen te min poëzij, om't de spanning tusken de minske en de dichter Postma ûntbrekt. ‘De minske obe postma, bisint him yn Fan wjerklank en bisinnen op syn dichterskip, praet en tinkt oer himsels as dichter, sûnder sels noch folle fersen te skriuwen.’ Ek oer de tradisjonele bylden yn it dichtwurk is Nauta kritysk: ‘Minske en dichter ha ôfakkoarte, sa liket it, en har lêste wierheit is it neatsizzende klisjé dat it forline yn it hjoed trochwurket.’ Fersen dy't troch harren kontrastwurking iroanysk binne, fynt Nauta de meast slagge: ‘Postma is geastich en dichterlik nettsjinsteande himsels.’ Nauta siket en fynt yn de bondel úteinliken it poëtyske elemint ‘as de dichter it dichtsjen oerjowt en ik leau, dat dat de djippere reden is fan it feit, dat de oersettingen yn de bondel ta my it meast sprekke’.Ga naar eind28 By it ferstjerren fan Obe Postma yn 1963 wurdt de âlde Fryske master nochris priizge. Hy wurdt in kompleet minske neamd mei't er literatuer en wittenskip meiinoar kombinearre hat. It byld fan Postma dat njonkelytsen ûntstien wie, wurdt hieltiten werhelle. Fryslân is sa stadichoan te lyts foar de dichter wurden: ‘Had hij in een ander land geleefd, een andere taal tot moedertaal gehad, hij zou bekend zijn geworden onder de groten. Nu | |||||||
[pagina 70]
| |||||||
kennen zelfs in zijn eigen vaderland slechts weinigen zijn naam als die van een dichter die misschien wel iets betekend heeft, maar die nu eenmaal ontoegankelijk is omdat hij schreef in een taal die maar door enkele honderdduizenden mensen wordt gesproken. Het zij zo.’Ga naar eind29 | |||||||
In stânbyldIt byld fan Postma nei syn dea is net mear folle feroare. Hy is en bliuwt in monumint. De dichter en syn wurk krije by it útkommen fan de Samle fersen yn 1978 in soad omtinken. De Koperative Utjowerij bringt dan it boekje Oer Obe Postma út. De besprekken oer de dichter binne yn it generaal posityf: Postma is ‘een der grootste dichters ter wereld’;Ga naar eind30 hy ‘is wol wakker bijubele, al wiene guon kritisy hwat hoedener, as Fryslâns bêste, alteast nijsgjirrichste, dichter’, sa fettet Tiny Mulder gear.Ga naar eind31 Lykas har nimt ek Durk van der Ploeg de besteande Postma-resepsje mei yn it besprek en hy konkludearret: ‘It soe net ferkeard wêze tonei hwat kritysker to wurden oer it wurk fan Postma om him net as in net to skeinen greatheit de literaire skiednis yngean to litten.’Ga naar eind32 It besprekken fan besprekken lit sjen dat de ôfstân ta it oarspronklik dichtwurk grutter wurdt. Trotwaer wie om 1980 hinne it toaniel fan in fûle polemyk tusken Geart fan der Meer en Tony Feitsma.Ga naar eind33. Oanlieding wie Van der Meer syn skôging fan de Samle fersen, útkommen as spesjaal nûmer. De reaksje fan Feitsma wie net koarter. It wurk fan Postma stiet yn dizze polemyk net ta diskusje, wol de ynterpretaasje derfan. Tagelyk is it in soarte fan kompetinsjestriid tusken twa wittenskippers; in striid op basis fan arguminten en fral ek sentiminten - benammen it neiskrift fan Van der Meer yn de rubryk ‘Trioel’ ûnder de titel ‘Fan twa troude heterofilen en ien homofile âldfeint. Of: Feitsma en de feiten’.Ga naar eind34 In fierdere kanonisearring fan it wurk fan Obe Postma wie de ynaugurale rede fan Philippus Breuker op 31 maaie 1996 en de publikaasje derfan.Ga naar eind35 Breuker pleatst Postma yn de tradysje fan it sublime nêst bygelyks skriuwers as Wordsworth, Dickinson, Leopold, Boutens, Dèr Mouw, Roland Holst en Gorter. Yn de resepsje fan Breuker syn rede steane de kwaliteiten fan Postma net ta diskusje. It mei ek dúdlik wêze dat Postma in plak hat yn de wrâldliteratuer. Wol lokket Breuker mei syn iepeningssin - ‘Het sublieme speelt in de Nederlandse literatuurwetenschap geen enkele rol’ - in nije diskusje út: ‘Achteraf doet het wat merkwaardig aan dat Breuker in het begin van zijn oratie zoveel aandacht besteedt aan het ontbreken van Nederlandse literatuur over het sublieme. Omdat het sublieme in het buitenland blijkbaar de gangbare aanduiding was? De Nederlandse symbolisten kozen echter voor andere termen: het Hogere, het Ene, het Al, het Tweeheidsloze, er zijn tal van dit soort termen in omloop geweest die een poging inhielden om het sublieme tot uitdrukking te brengen dat ook Postma voor ogen moet hebben gestaan. En daarover is wel degelijk in de Nederlandse literatuurwetenschap geschreven, ook al vermeldt de BNTL dat niet onder het trefwoord “subliem”.’Ga naar eind36 | |||||||
[pagina 71]
| |||||||
Us ObeAl yn 'e earste resepsje wurdt it wurk fan Postma posityf resipearre. Men wurdearret him as dichter fan it Fryske lân en it Fryske ferline. Dy wurdearring wurdt yn de rin fan de tiid allinnich mar grutter, ek om't de kritisy fine dat syn gedichten mear djipgong en mear ynhâld krije. De fersen wurde filosofysker, it monisme krijt bewuster foarm. As Obe Postma âlder wurdt, nimt it respekt fierder ta. Hy stiet te boek as in âlde Fryske master, in o sa beskieden man en in grut dichter. Hiel inkeld doar ien him wat kritysker út te litten. Opfallend yn de Postma-resepsje is dat generaasjekonflikten gjin rol spylje. Men soe tinke kinne dat de KU-generaasje har tsjin de foargeande generaasje en dus tsjin de literêre foarbylden fan dy generaasje ôfsette soe. Mar it is krekt de KU dy't Oer Obe Postma útbringt. De reden? It byld fan Postma is blykber ûnoantaastber, hy is ‘opmakke as in byld’. Hy is wat Goethe foar de Dútsers en Shakespeare foar de Ingelsen is. Alle literatueren hawwe harren âlde masters dy't foarm jouwe oan har groepsidentiteit. Postma is dat foar de Friezen. Alhoewol, sa no en dan warskôget ien tsjin mytefoarming. Wat de kanonisearring oangiet: de trije fazen fan Fokkema en Ibsch sjocht men yn de Postmaresepsje. Yn de begjinfaze resipearje kritisy en kollega-skriuwers it wurk. Benammen it ‘monistyske’ dichtwurk fine se oer it generaal net gaadlik foar it ‘gewoane’ folk. Skientme en djipgong binne mar foar in lyts publyk. Mei it útkommen fan de Samle fersen yn 1949 begjint de twadde faze fan de resepsje. Kritisy fan namme, ek de Hollânske, resipearje Postma. De twadde faze, de kanonisearring, is op dit stuit noch net ta in ein kommen. Obe Postma komt automatysk yn nije blomlêzingen, syn fersen ferskine yn Nederlânske en Dútske oersetting, en de Frisistyk bûcht har oer it wurk fan Postma. Net allinne Postma syn wurk, mar ek de resepsje fan dat wurk binne ûnderwerpen fan diskusje en dat makket dúdlik dat de ôfstân ta it wurk grutter wurdt en it proses fan kanonisearring fierder giet. Nijsgjirrich is de tredde faze yn de resepsje. De popularisearring en trivialisearring fan Obe Postma komt op gong. It populêre boek Hoe God verdween uit Jorwerd fan Geert Mak (1996) begjint mei in fers fan Obe Postma. It is nammers net tafallich dat nêst Postma (op it omslach) ek Ids Wiersma - mei in skilderij fan Boalswert - as úthingboerd foar it âlde Fryslân tsjinnet: Kalma lei dat ferbân ek al. Oare foarbylden fan popularisearring binne de lêzersenkête nei de Postma Top Tsien yn Ut 'e Smidte fan 1987; de stien mei in Postmafers by de yngong fan it Fries Museum, literêre busreizen, fersepaden yn lens en Ljouwert, deklamaasjejûnen en in boarstbyld yn de Ljouwerter Harmonie. Postma-persiflaazjes fan Sjoerd Bottema yn syn roman It fertriet fan Dokter Kildare (1994) en fan it dichtersduo Hettinga/YedemaGa naar eind37 befêstigje it byld fan Postma as klassyk skriuwer. Nei alle gedachten sil de popularisearring en trivialisearring fan Postma syn wurk noch tanimme. It wachtsjen is by wize fan sprekken op in fjoeroanstekker mei in Postmafers. In protte lêzers sille | |||||||
[pagina 72]
| |||||||
yn Postma syn fersen en wrâldbyld miskien in hâldfêst fine dat yn it postmoderne libben ûntbrekt. |
|