De auteurs
Jetske Bilker (1960) studearre Algemiene Literatuerwittenskip. Se wurket as learaar Frysk en is âldredaksjeskriuwer fan Trotwaer. Fan har ferskynden twa boeken, de roman Imitaasjelear en de ferhalebondel In nacht fan hûs. Se hat fierder in tal oersettingen op har namme stean.
Sjoerd Bottema (1948) is learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer. Yn 1994 debutearre er mei de ferhalebondel It fertriet fan dokter Kildare. Dêrfoar en dêrnei publisearre er ferhalen yn ferskillende sammelbondels.
Ernst Bruinsma (1966) is as wittenskiplik meiwurker ferbûn oan it L.P. Boon-documentatiecentrum fan 'e Universiteit van Antwerpen. Hy wurket op it stuit oan in proefskrift oer L.P. Boon en it modernisme. Boppedat is er redaksjeskriuwer fan it tydskrift foar de Boonstúdzje, De kantieke schoolmeester en besoarger fan it samle literatuer- en keunstkritysk wurk fan Boon. Publisearre it meast resint yn 'e bondel Leurs occupations. L'Impact de la Seconde Guerre mondiale sur la littérature en Belgique (1997).
Eppie Dam (1953) is ûnderwizer. Hy skriuwt ferhalen en fersen, publisearre berneboeken en is kolumnist.
Janne Heida (1964) studearre Algemiene Letteren. Se is no beliedsmeiwurker miljeu en folkshúsfesting by de gemeente Frentsjerteradiel. Yn har stúdzjetiid begûn se te skriuwen, neist ferhalen ek toaniel, mar Nei Timboektoe is it earste stik dat fan har publisearre wurdt.
Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis en maatskippijlear yn Ljouwert, is redakteur fan Trotwaer en it jierlikse Strikelboek. Hy makke tegearre mei Freark Dam Boekje iepen. It Fryske Boek 1934-1984 en wurket mei oan it takomme jier te ferskinen hânboek foar de skiednis fan Fryslân.
Henk van der Meulen wurket by de Leeuwarder Courant.
Durk van der Ploeg (1930) waard berne yn Hoogkarspel en wennet no yn Feanwâlden. Fan syn hân ferskynden sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk seis bondels gedichten. Fierders ferskynde fan him in tal romans en novellen. Om inkelde te neamen: De winter komt, De jacht, Bertegrûn, It wrede foarjier, Reis nei de Kalkman, It lekken oer de spegel, In bit yn 't iis en Gjin plak op ierde. Yn tarieden is de roman Skepsels fan God.
Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Hy skreau mei Henk van der Veer In útjouwerij fan QuizeQuânsje, it tinkboek by it 25-jierrich bestean fan 'e Koperative Utjowerij. Fierder skriuwt er koarte ferhalen.
Albertina Soepboer (1969) is redakteur fan Trotwaer en wurket as skriuwster en publisiste. Hja publisearre yn it Frysk de dichtbondels Gearslach en De twirre yn 'e tiid. Yn it Nederlânsk ferskynde fan har De Hengstenvrouw.
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer. Fierders is er resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad en besprekt jeugdliteratuer foar Byntwurk. Hy skreau de dichtbondels Skrousk, Je mutte hore wie ut seit, Dàt ok noch en deagewoandea. Oar wurk fan syn hân: Willem Santema, in fersetsman en tegearre mei Doeke Sijens In útjouwerij fan QuizeQuânsje. Hy publisearret fierder yn Hjir en iP2r90.
Liuwe H. Westra (1966) studearre klassike talen en téolegy yn Grins. Hy wie fan 1993 oant en mei 1997 foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging. Sûnt koart wurket er foltiids as domeny yn de doarpen Lollum, Waaksens, Burchwert, Hartwert en Hichtum.