| |
| |
| |
Biten en brokken
Jan Pieter Janzen
Frysk prate
Op fjouwer neisimmerjûnpetearen hat it Kolleezje fan Deputearre Steaten mei syn boargers praat oer de plannen foar de takomst. It moast gean ‘oer de kwaliteit fan it libben yn Fryslân en oer de sterke en swakke punten fan dizze provinsje’ en ‘oer ûnderwerpen lykas wenjen, kultuer, wurkgelegenheid, iepenbier ferfier, útwreiding fan stêden en doarpen ensafuorthinne’.
It fjoer fleach der op de earste jûn, yn Ljouwert, net ôf, mar pikant wie wol de argewaasje fan guon fan de oanwêzigen oer it brûken fan it Frysk. It begong mei de klassike fraach: ‘Mag het ook in het Nederlands?’ ‘Ja, dat mag ook hoor!’ sei petearlieder Klaas Jansma rojaal. Mar dêr gong it fansels net om: de fiertaal moast Nederlânsk wêze.
Deputearre Sicko Heldoorn reagearre adekwaat mei: ‘Ik sil s-t-a-d-i-c-h p-r-a-t-e, l-a-n-g-z-a-a-m s-p-r-e-k-e-n, sadat ek minsken dy't it Frysk noch leare moatte it folgje kinne.’ Dat wie de studinten en dosinten fan de Thorbecke Academie noch net nei 't sin: ‘Kunt u het even vertalen?’ fregen de bestjoerskundigen mear as ien kear, want: ‘Tijd is geld. Weet u wel hoeveel het kost dat veel Friezen doen alsof ze het Nederlands niet verstaan?’ - It wie dus wer even âlderwetsk: taalterreur fan in lytse minderheid.
Terjochte ha de media yn 'e ferslachjouwing net folle wurden oan dit achterhelle stikje taalstriid smoarch makke. Dat se ek op in spontane reaksje fan kommissaris Loek Hermans net yngien binne, wie der lykwols by troch. Dy sei yn syn slotwurd nammentlik: Als er mensen zijn die het niet verstaan, hoort daar ook rekening mee te worden gebouden. Dat is een kwestie van fatsoen. We zijn tweetalig en dat moeten we blijven. Jawis, mar dêrom hoecht men jin op sokke gearkomsten dochs net te ferbrekken? En dat wie wol wêr't de kommissaris, oars ochsa foar in ‘offensief kultuerbelied’, op ta woe.
De útspraak fan de heechste gesachsdrager wie folslein yn striid mei it provinsjale taalbelied en makke it ferskil tusken teory en praktyk wer ris pynlik dúdlik. Want wat stiet op de lêste side fan Feroarje om te behâlden, de ‘ûntwikkelingsfisy’ dêr't it dy jûns om gong? It Fryske taalbelied is der op rjochte om in klimaat te skeppen, dêr't like maklik Frysk as Nederlânsk as fiertaal brûkt wurdt. Dat belied is net sûnder sukses bleaun. Yn it offisjele ferkear hat it Frysk de posysje fan in folweardige taal krigen.
It is te hoopjen dat de deputearren harren foarsitter nei ôfrin fan it neisimmerjûnpetear daliks op dit ûnderdiel fan it provinsjaal belied wiisd hawwe. (Foar net-Frysktaligen wie de ‘ontwikkelingsvisie’ der - fansels - ek yn it Nederlânsk.)
| |
Fries wêze
Ja, se hie hjir har hele libben wenne, mar Fries hie se har noait field, lit stean Friezinne. Elk wurd Frysk yn 'e klasse, ek al wie it net foar har bedoeld, koe dit atheneum-famke allemachtich yr- | |
| |
ritearje. Se hearde by it groepke taal- en kultuerymperialisten dat foar gjin rede fetber wie, net iens harkje woe, en dat mei in: ‘Wij leven tenslotte in Nederland’ daliks besocht elk begjin fan in diskusje dea te slaan.
Oant se yn Den Haach meidie oan in seleksje foar it Europeesk Jeugdparlemint. Hoe't se dêr oer Fryslân en de Friezen tochten, hoe't se delseagen op de leden fan de Fryske delegaasje! Dêr hie se raar fan opsjoen. Krekt as soenen wy hjir achterlik wêze, allegear op klompen rinne, op skoalle amper Nederlânsk leare en ús oer de grins net rêde kinne!
Se wie helendal bekeard doe't in Sileenske flechtling yn in gastles by de noas lâns fertelde dat hy op skoalle faker fan Friezen heard hie as fan Nederlanners. De Friezen hienen ommers de ieuwen troch ekonomysk en kultureel ochsa belangryk west.....
Dizze allochtoan wie ek al fierder mei it Frysk as guon fan syn tydlike learlingen. De fraach oft immen as hy ek Fries wêze koe, kaam net oan 'e oarder. Spitich, want de tiid wie der ryp foar.
It wie yn 'e hjerst fan '92, fuort nei in roerige betinking fan de Slach by Warns. Rjochtsradikalen soargen foar reboelje yn 'e media en Klaas Jansma wiisde yn de offisjele rede op in oantal tsjustere plakken yn it ferline fan de Beweging en op spoaren fan de ‘bloed- en boaiemmystyk’.
Jansma rôp op ta it ôfskaffen fan it ‘Frysk bloed tsjoch op’ en besocht in diskusje los te meitsjen oer wa't har wol en wa't har net Fries neame mochten. Hy frege ‘bliuwend romte foar etnysk ferskaat’ en pleite foar in romme definysje: ‘Dat in Ghanees út Ljouwert, in Vietnamees út Hallum, in sigeuner fan Sint Nyk of in Joegoslaaf yn Burgum sûnder erch sizze kin: Ik bin in Fries. Dan soe dit echt in lân wêze, in thús foar ús mei-inoar.’ De Ried fan de Fryske Beweging liet yn in parseberjocht fuortdaliks witte dat etnysk komôf foar him gjin noarm wie: ‘Elk is Fries dy't dat sels útsprekt.’
Sa hie 'k it sels noch noait sjoen. Mei in skokje realisearre ik my dat ik foar ‘Nederlanner’ stilswijend in rommere definysje hantearre as foar ‘Fries’. Wa't in jier as wat yn dit lân wennet en har/him hjir aardich thúsfielt, koe om my Nederlanner wêze. Mei Fries-wêzen lei dat foar myn gefoel justjes oars. Dêr wie 'k wat selektiver yn, sûnder de grinzen krekt beneame te kinnen. In foute boel, sa moast ik fan Jansma begripe. En der hied er gelyk oan.
Folle diskusje hat der doe oer dit ûnderdiel fan Jansma syn rede net west. Ik moast der wer oan tinke doe't ik yn de Ljouwerter Krante fan 27 septimber 1996 - de dei foar de betinking op it Reaklif - in stikje fan Kerst Huisman seach ûnder de provosearjende kop ‘Is in Amelanner ek in Fries?’
Huisman kaam op dy fraach nei oanlieding fan in publikaasje oer it oantal Noardfriezen. Tsientûzen, tolftûzen of mear? Folle mear, want al is it Frysk yn grutte dielen fan Noard-Fryslân al ieuwen útstoarn, dochs fiele in soad ynwenners fan dy kriten har dúdlik Noardfriezen. Dy moatte je ek meitelle, want it giet neffens dit stik om it Gesinnungsprinzip: immen kin ek út frije kar Noardfries wêze, taal en komôf meie dan gjin rol spylje.
Dat sprekt Huisman wol oan. Syn antwurd op de fraach: ‘Kin in Hollânsktalige, of in bûtenlan- | |
| |
ner dy't him hjir te wenjen set en dy't him by it wolwêzen fan Fryslân belutsen fielt en dêrfan bliken jout, like goed in Fries wêze, of net?’ is dan ek: ‘Ja. It liket ek it iennichste antwurd dat mooglik is.’
De sjoernalist-histoarikus anneks Frysk strider hat gelyk, at men teminsten dat ‘belutsen fielen’ en dêrfan ‘bliken dwaan’ rom útlizze mei.
| |
Frysk feest
Yn 1995 waard mei útstallingen, lêzingen en boekútjeften rûnom yn it lân de Bataafske Revolúsje fan 1795 betocht. In wat apart feest om't it by de omkear yn feite gie om in besetting troch de revolúsjonêre Frânske legers, wakker holpen troch ‘patriotten’, dy't nei in earder mislearre aventoer no kâns seagen om it Oranje-rezjym oan kant te skowen. In barren dat troch de boargersosiëteit fan Wolvegea sa ûnder wurden brocht waard:
Houdt moed en zijt thans blij, Bataven,
Want gij zijt vrij en niet meer slaven.
Sadwaande koe Brabân, ieuwenlang in twadderangs gewest, sis mar: koloanje, yn 1996 syn twahûndertjierrich bestean as selsstannige provinsje fiere. Dy nije Bataafske frijheid soe oars al gau útrinne op it fêstigjen fan in sintralistyske steat en úteinlik op ynliving fan Nederlân by it Frankryk fan Napoleon. Dat duorre oant 1813/14 ta, doe't it nije Keninkryk ûnder Willem I foar de twadde kear - en no definityf - in ein makke oan de selsstannichheid fan de gewesten sa't dy foar 1795 bestien hie.
Reden foar S.J. van der Molen om syn Oorsprong en geschiedenis van de Friezen op dat punt te beëinigjen en mismoedich ôf te sluten mei:
De provincie Friesland kreeg wel als ‘gouverneur’ een Fries [-], maar zij was niet langer ‘anders dan andere’. Om deze reden kon er ook geen sprake meer zijn van een eigen ontwikkeling, in welk opzicht ook. Friese geschiedenis werd daarmee tot vaderlandse, tegenwoordig genoemd Nederlandse geschiedenis. (s. 241)
It is mar goed dat dizze Frysksinnige publisist gjin weet mear hân hat fan it feestje dat de Provinsje yn 1998 fiere wol: it fiifhûndertjierrich bestean fan Fryslân as bestjoerlike ienheid. Want wat barde der yn 1498? Ik sitearje even it saaklike Lexicon fan H.P.H. Jansen:
1498 Albrecht van Saksen, de algemene stadhouder van Filips de Schone [hertog van Bourgondië], neemt de titel aan van ‘gouverneur en potestaat in Friesland’ en wordt als zodanig beleend door [keizer] Maximiliaan. Hij verovert Friesland gemakkelijk. Groningen weet zijn zelfstandigheid voorlopig te behouden. (s. 70)
Dan folgje goed tweintich jier fan strideraasje, (boarger)oarloch en terreur, mei yn 'e haadrollen û.o. Karel fan Gelre, Jancko Douwama, Grutte Pier en de Swarte Heap. Oant Fryslân yn 1524 Karel V as lânshear erkent, ‘na enig militair vertoon van deze’. (Deselde Karel dy't ek hear fan de Nederlannen, kening fan Spanje en keizer fan Dútslân wie).
Net folle reden ta feestlikheden, soe men tinke. Sa net it provinsjaal bestjoer, dat yn 1998 in jier lang fiere wol dat Fryslân yn 1498 ‘op 'e drompel fan in nije tiid’ stie. It programma mei him net beheine ta in stikmannich betinkingen en
| |
| |
stúdzjebijienkomsten en foaral net elitêr wêze. De skouboargen moatte mei in totaalprogramma komme oer fiif ieuwen Fryslân, mei dêryn ûnder oaren plak foar it weropfieren fan it Tryaterstik De ûndergong fan Fryslân.
Provinsjale Steaten binne der mei akkoart gongen dat de provinsje in miljoen yn dit folksfeest stekt, al fûnen se de ideeën noch de dizenige kant neist. En der wie noch in probleemke: Simmer 2000, de (partikuliere) plannen foar in massaal Frysk feest anneks reuny yn it magyske jier 2000. Plannen dy't kommissaris Hermans en syn Stichting Fryslân 500 op slûchslimme wize anneksearje en nei 1998 ta ferskowe woenen. Earst mar ris fatsoenlik mei de oare groepen prate, woenen de Steaten yn juny ha.
Dat is der oant no (mids novimber) ta net fan kommen. In petear soe ek neat opsmite. Hermans hat ommers oare motiven as de idealisten fan de Stichting Simmer 2000; hy wol score en Fryslân yn 'e picture sette, en tinkt mear yn arranzjeminten as yn útfanhûzersbêden.
In minderheid yn 'e Steaten hat de suggestje dien om de fiering yn 1998 te beheinen ta in betinking fan de fêstiging fan in gewestlik bestjoer, it echte folksfeest soe dan moai yn 2000 kinne, op 'e drompel fan in nije ieu: ‘Twatûzen jier Friezen seit mear as fiifhûndert jier Steaten.’ Dat soe om mear as ien reden in goeie saak wêze. Yn 2000 is it nammentlik ek wer tiid foar it (fiifjierlikse) Frysk Festival. En dat kin wol kombinearre wurde mei de plannen foar Simmer 2000 mar net mei grut opsette (kulturele) feestlikheden twa jier earder.
It is dan ek te hoopjen dat de Provinsje it yn 1998 lit by in histoaryske betinking, sûnder al tefolle omballingen, om sadwaande rom baan te jaan oan in echt feest yn 2000. Mar ja, dat sil wol net mear kinne. No in stapke werom dwaan is de provinsjale eare grif tenei: de trein stiet al op 'e rails. Of, sa't Frysk en Frij yn oktober sa treffend skreau: ‘it ferstân wint it selden fan it prestiizje’.
| |
Frysk Museum
De safolste ferbouwing fan it Frysk Museum is mar heal slagge, miende ik yn it maartnûmer skriuwe te kinnen: ‘Oan de oare kant fan de tunnel is it nammentlik in nuvere sealtsjeboel bleaun - mei as toppunt in foech portykje yn ien fan de nije romten. Grutte formaten en ynstallaasjes, dêr't de jonge keunst sa ryk oan is, is hjir eins gjin plak foar.’
Dy wurden moat ik weromnimme, begryp ik út it ôfskiedsynterview fan direkteur Rik Vos mei Omrop Fryslân: ‘er moet nog veel gebeuren.’ Ek sneu: foar mear as tweintich miljoen ferspikere en noch net klear!
Sa koe it gebeure dat de (gloednije) tunnel yn septimber al wer ticht gie om skilders en stukadoars rom baan te jaan. De bakstiennen muorren binne no wyt. Dat makket it wurk fan de nije konservator foar moderne keunst wer wat makliker, al soe dy grif ek noch graach wat dwaan wolle oan ‘de zaal met de pukkel’, sa't it ferbouwingshichtepunt yntern neamd wurdt.
Yn it septimbernûmer fan Fryslân, it fearnsjiersblêd fan it Frysk Genoatskip, seit Vos dat it Frysk Museum mear de klam lizze moat op de Fryske identiteit. En oft syn opfolger dêr mar mei rêde wol:
| |
| |
Wij hebben veel Friese spullen en dat is wat geen enkel ander museum heeft. Ik zou mijn opvolger de raad willen geven: leg daar steeds de nadruk op. Zo in de trant van: wat hebben anderen niet, wat wij wel hebben. Neem als voorbeeld het Friese zilver, de Friese schilderkunst, de kostuums, het textiel, dat is allemaal heel specifiek voor Friesland.
Hoe bedoelt de eks-direkteur dat? Hat dit net altyd al it wurk fan it Frysk Museum west? Mar Vos sprekt wol faker yn riedsels. Sa seit er it spitich te finen at de Fryske kultueruteringen en de Fryske taal ferlern geane soenen, mar beslút er it ynterview yn Fryslân mei de opmerking: Wel word ik zenuwachtig van pogingen om van het Fries Museum een Frysk Museum te maken...
Hokker ‘pogingen’? Hy sil doch net it fersyk fan de Provinsje bedoele om yn folders en op rûtebuordsjes mear earnst te meitsjen mei it brûken fan de Fryske taal? Want dêr hat it Frysk Museum him oant no ta noch noait wat fan oan lutsen.
| |
Frysk omhuorkje
Nuon-Telekabel wol it televyzjekanaal fan Omrop Fryslân foar sjoggers en advertearders oantrekliker meitsje troch de lokale omroppen de kâns te jaan dêr alle dagen in eigen programma fan tsien minuten op út te stjoeren. Omrop Fryslân soe dêrby wol de rezjy en de einferantwurdlikheid hâlde moatte. Op dy manier kin de publike omrop de kommersjele inisjativen de baas bliuwe, ferwachtet Nuon-Telekabel (in bedriuw dat sels kommersjeel genôch is om jild yn Sport7 te stekken en NDR 3 fan de kabel te heljen om romte te meitsjen foar de nije sportstjoerder).
Is Omrop Fryslân dan in hoer dêr't elk op mei? frege in meiwurker fan de regio-televyzje, de mage fol fan de wize dêr't de programma's no al op sponsore wurde, him justjes wanhopich ôf.
Och, komt it eins net del op in provinsjale fariant fan it mislearre ‘finstermodel’, dat de regionale televyzje alle dagen in oerke stjoertiid jaan woe op it lanlike net? En slút dit plan net handich oan by de algemiene trend om mear omtinken te jaan oan it lytse nijs? Sjoch Het hart van Nederland, dêr't de SBS safolle sukses mei hat dat ek it NOS-Journaal en it RTL 4-Nieuws aloan mear Nederlânsk nijs en misdied en minder bûtenlân yn har bulletins dogge.
In nuvere tendins oars: de wrâld wurdt tagonkliker - der binne al legere skoallen mei in oansluting op Internet - en it nijs wurdt lytser. No de regionale radio noch. Dy kin, grif wat it nijs oangiet, ek wol in lokale ympuls brûke. Fan kwaliteit nei kwantiteit, dat is ommers it biedwurd (mar dêroer in oare kear).
| |
Fryske prizen
Yn it foarige nûmer kundige deputearre Bertus Mulder oan dat de Gysbert Japicxpriis, no fjouwertûzen gûne, ‘flink omheech moat’. Dit yn reaksje op in útspraak fan syn kollega Mony Brandsma. Dy sei yn in Steatekommisje dat se in ferheging nei tsientûzen gûne eins te min fynt; dêrom kin it mar better sa bliuwe, it giet ommers foaral om de eare.
In aparte redenaasje, foaral ek at je sjogge nei belangrike Nederlânske literêre prizen. Even in fergelykjend oersjoch (mei tusken heakjes de lêste
| |
| |
winners):
P.C. Hooftprijs: f 125.000 (K. Schippers foar proaza); |
Martinus Nijhoffprijs: f 100.000 (Jerzy Koch, foar oersettingen yn it Poalsk); |
Libris Literatuurprijs: f 100.000 (Thomas Rosenboom, Gewassen vlees, roman); |
AKO Literatuurprijs: f 100.000 (Frits van Oostrom, Meerlants wereld, biografie); |
VSB Poëzieprijs: f 50.000 (Huub Beurskens, Aangod en de afmens, dichtbondel); |
Prijs van de Nederlandse Letteren (takend troch de Nederlandse Taalunie): f 32.000 (Harry Mulisch, foar syn oeuvre); |
De Gouden Strop (foar it bêste spannende boek): f 25.000 (Tim Krabbé, Vertraging); |
Liraprijs: f 25.000 (Arthur Japin, De roering van het kielzog, harkspul); |
Toneelschrijfprijs (fan de Nederlandse Taalunie): f 20.000 (Koos Terpstra, De Troje trilogie); |
Trouw Publieksprijs: f 15.000 (Connie Palmen, De vriendschap, roman); |
Multatuliprijs: f 15.000 (Tonnus Oosterhoff, Het dikke hart, roman); |
Busken Huet-prijs: f 15.000 (Willem Jan Otten, De letterpiloot, essaybondel); |
Herman Gorterprijs: f 15.000 (K. Michel, Boem de nacht, dichtbondel). |
Dan folgje noch tal fan ‘legere’ prizen; dêrûnder ek de Fryske:
Gysbert Japicxpriis (bêste boek/oeuvre): f 4.000 (Trinus Riemersma, De Reade Bwarre, romon); |
Fedde Schurerpriis (bêste debút): f 1500 (Wilco Berga, Hauk en hazze); |
Obe Postmapriis (bêste oersettingen): f 1500 (Harke Bremer & Jarich Hoekstra, Kwea-each en De Boppebazen fan Marten Toonder); |
Simke Kloostermanpriis (bêste berneboek): f 1000 (Berber van der Geest, De Kilekanen); |
Piter Jellespriis (opfallende prestaasjes ‘de letteren betreffende’): f 1000 (Rod Jellema, foar oersetten fan Fryske poëzy yn it Ingelsk); |
H.J. Bergveldpries (bêste boek yn Stellingwerfsk): f 1000 (Fokke Middendorp, Huus op 'e Miente). |
Ta beslút de priisfragen, prizen dêr't foar ynstjoerd wurde moat:
Romanpriisfraach Kristlik Fryske Folksbibleteek: f 5.000 (Jacobus Knol, In earsten dragonder en Lieuwe Pietersen, De fal); |
Rely Jorritsmapriis: yn 1996 f 15.000, te ferdielen oer op syn heechst fiif ferhalen en fiif gedichten yn de ferhâlding 1:5, wat delkomt op sawat f 2400 foar in ferhaal en f 500 foar in gedicht; Afûk Jongereinpriis: f 500 (Eelco Salverda, ‘Tusken de muorren’); |
Oolde Pookpries (anvieteringspries): f 500 (Jan Oosterhof, Keuning Hum is uut zien hum, kiendermusical); |
Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen, skriuwwedstriid om de Gouden VSB-pen. |
(Boarnen: Mekka, Jaarboek voor lezers 1996, Rely Jorritsma Founs.) |
Giet men de jildbedraggen by del, dan moat men deputearre Brandsma gelyk jaan: in Gysbert Japicxpriis fan tsientûzen gûne soe noch fierste suterich bliuwe en tefolle ôfstekke by de Nederlânske prizen (en trouwens ek by de Fryske priisfragen). De konsekwinsje fan dizze redenaasje is lykwols dat it dan better helendal in earesaak wêze kin. Dus: gjin sinten mear jaan mar folstean mei in oarkonde en in feestlike útrikking (dy't no al mear kostet as de fjouwertûzen gûne dy't de winner krijt).
|
|