Trotwaer. Jaargang 28(1996)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 248] [p. 248] Minder blau Baukje Wytsma Hoe faak waard ik net mankelyk fan nammeleaze dingen: de kjeld op in perron wietreinde skiep, ynmoedich skreppen op in iensum hoekje bou. Eangst foar de dea ferkleuret mei de tiid, wurdt minder blau. Sa kin ik al hast sûnder weemoed troch in nachtlik lânskip ride en nei de ljochte winterfinsters fan 'e huzen sjen. Of nei 't ûnwennich reauntsjen fan 'e guozzen hearre, sûnder in tinne laach fan jiske op 'e lippen. [pagina 249] [p. 249] Túnpaad Us mem giet sacht en sa oandachtich troch myn tún, dat it wol liket oft sy sels de blêden kleuret. 'k Rin yn har spoar, it paad komt frij. Us mem bewennet my. Moarns hinget sy de sinne op, myn wurden falle boartsjend om har hinne. Ik hear de fûgels om it hûs, in fyts komt ratteljend foarby, ferdwynt wer yn 'e fierte. It ljocht ferrifelet, kinst oer de kimen sjen. Ut alle tunen wei komt my ús mem temjitte. [pagina 250] [p. 250] Losrekke Sa ienfâldich liket it. Moarns oer de drompel stappe. Sûnder euvelmoed de wrâld temjitte, frij fan benearjende dreamen. Hark, buorfrou smyt de finsters iepen, it wurdt in waarme dei. Ferblynjend ljocht en dan dat ûnferwachte kanteljen fan tiid. Hearst dyn bern wer. It lûd fan bleate fuotsjes op de keukenflier, wylst tagelyk de katten skonkstreakjend om iten flaaikje. Wiesto it dy't de dagen driuwe liet op it ritme fan dyn eigen hân? Wiest it wol sels? Do wiest it ommers ek dy't yn 'e stilte middeis let by't sjen fan wat ferwaaide kranten yn it tún hierskerp dyn takomst witst: sûnder lûd útmekoar glydzje, losreitsje, noch wat hingjen bliuwe ûnder de hage. Vorige Volgende