| |
| |
| |
Hannah Ludwig, Albertina Soepboer en Hylke Tromp
Sjueryrapport Gysbert Japicxpriis 1995
Achte oanwêzigen,
Yn Fryslân bart nea wat oars.
Nim no de takenning fan de Gysbert Japicxpriis 1995.
Efternei besjoen is it ûnbegryplik dat ien der noch oan twifele hat dat Trinus Riemersma dy krije soe. Ik sis mei klam: efternei besjoen, want sels de leden fan dizze advyskommisje hawwe net earder as nei de publikaasje fan harren advys yn 'e rekken krigen dat se de dupe wurden binne fan in bwarristysk masterkomplot en dat de útkomst fan harren advys al fêst stie, foar't se dêr in tel oer neitocht hienen. It moat tajûn wurde dat soks ûnnoazel wie, mar it is net oars en it moat sein wurde.
Wat binne de feiten?
By de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 1992 wie de betrutsen advys-kommisje fan betinken dat de priis takend wurde moast oan Steven de Jong syn By de Wuttelhaven del, al wie it allinne al om't dizze roman - ik sitearje út it sjueryrapport -: ‘De Reade Boarre’ te wrâld brocht en dat is al hast in G.J.-priis wurdich’. In masterset, want as in boek al hast in priis fertsjinnet om't it de oantrún is ta it ferskinen fan in oar boek, hoe sil men dan it nije boek oars bekroane as mei deselde priis? It takennen fan de Fryske priis foar literatuer oan in oar wurk as De Reade Bwarre soe net mear en net minder betsjutte as it desavûearjen fan de eardere advyskommisje en dêrmei tagelyk in mislediging ynhâlde foar dejingen dy't it advys oernommen hienen.
De Provinsje hie gjin kar: De Reade Bwarre moast en soe de priiswinner fan 1995 wurde, mar hoe koenen de provinsjebestjoerders it safier krije dat nimmen troch hie dat hjir in spultsje spile waard? Yn earsten wie it fansels saak in sjuery gear te stallen dy't fan neat wist en dochs sûnder mis op De Reade Bwarre útkomme soe. Dat waarden wy dus. Albertina Soepboer, bekend as in Trotwaer-famke dat wol ris wat oandwaanliks skreaun hie oer Fryske poëzij, komt fan Holwert: sy soe wis wiis wêze mei in ferhaal dat spilet yn har bertekontrijen. Fan Hannah Ludwig waard grute dat se net oars oer literatuer prate koe as ûnder it ierappelskyljen, dat se soe grif wurdearring opbringe kinne foar in boek dêr't
| |
| |
de ierpelbou sa'n wichtige rol yn spilet. As tredde pion yn it spul waard Hylke Tromp neamd, dêr't men net folle mear fan wist as dat er fan Peazens wie en dat hy fyftjin jier ferlyn fonetikalessen joech oan de Noardlike Leargongen. Hy wie dus ien fan it selekte keppeltsje Friezen dat by machte wie it boek daadwerklik ta de ein ta út te lêzen. It strûpen fan dy trije kandidaten wie ienfâldich. De direkteur fan de Fryske Akademy, dy't blykber ek yn it komplot siet, waard frege de trije nije sjuery-leden te skiljen, har fluensk in likje sjerp om 'e mûle te striken en te hifkjen oft se yn prinsipe ree wienen in sit te nimmen yn de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis. Fansels fielden de trije slachtoffers har flaaid genôch om te sizzen dat sy yn prinsipe gjin beswier hienen. Doe't sy letter yn de Ljouwerter krante liezen dat sy definityf as sjuery beneamd wienen, wie it te let.
Sy sieten yn 'e fûke, alle trije.
De Provinsje ûnderwilens, om alle skyn fan beynfloeding foar te kommen, folge in suver bwarristyske taktyk en hâlde skriftlik kontakt fia in korrespondint dy't yn 'e kommisje al gau de namme fan Korry krige.
Korry joech de opdrachten en fan Korry krigen de kommisjeleden alle ynformaasje dy't se noadich hienen, mar se krigen Korry net te sjen.
Korry noege de kommisje wol út foar in geheim earste wurkbesprek yn de Provinsjale Biblioteek, mar ferskynde dêr fansels net yn eigen persoan. Slimmer noch: Korry hie de ôfspraak sa geheim hâlden dat sels op 'e P.B. nimmen op 'e hichte wie.
Mar hawar, de advyskommisje sette útein en kaam yndie needlottich út op de kar dy't yn 't foaren beskaat wie. De motivearring foar harren foardracht lei al klear yn it artikel Mondiale of regionale literatuer, dat yn 1987 ferskynde yn Omgean mei literatuer, in útjefte fan de Noardlike Hegeskoalle.
It sprekt fansels dat dit tûke essay skreaun wie troch de takomstige priiswinner.
Hoe slim de kommisjeleden foar de kroade riden wienen, murken sy earst doe't offisjeel bekend waard dat op harren oanstean yndie de roman fan de Modderklauwers bekroand wurde soe. De anti-bwarristyske Moddersmiters klommen yn 'e pinne. Earst noch tuike-tuike, om't nimmen wist wat oaren der fan sizze soenen. ‘Spitich mar terjochte’ skreau de Ljouwerter Krante de oare deis sunich; krekt as hie in nominaasje as ‘Te gèk, mar net terjochte’, folle mear foar de hân lein. Mar al gau waard de toan feniniger en waarden de modderkluten rjochte op de bekroande skriuwer yn stee fan op syn boek. Duvekater: wat gong it der om wei! It begûn mei de masterlike analyze fan de
| |
| |
skerpsinnige skriuwer fan de roman Freonen ûnder elkoar, dy't yn in ûnferjitlik ynstjoerd stik yn de Ljouwerter fan 12 septimber oertsjoegjend oantoande dat Riemersma de sintrale persoan is fan in misdiedich skriuwerssyndikaat dat der op út is alle net-bwarristyske talinten yn de Fryske literatuer de nekke om te draaien. Riemersma waard skildere as in ûnmeilydsume Mafiaman dy't himsels ferearje lit as in God op ierde. Sokken binne der mear fansels, mar de kommisjeleden waarden suver kjel doe't dy akademysk ûnderleine kenner fan de Fryske literatuer - dy't himsels etalearre as skriuwer èn as Gysbert-Japicxpriiswinner, dat binne blykber twa hiel ferskillende dingen,- syn lêzers fernijde dat Riemersma syn blasfemistyske pretinsjes der al ta laat hienen dat in jonge publisiste har boarre, grif in readenien, Trinus neamd hie. Wa freget dan om mear bewizen? Yn in wanhopich kommentaar warskôget in âld-Strikelskriuwer de lêzers fan de Ljouwerter krante fan 17 septimber dat troch de fersprieding fan Riemersma syn teksten de folkssûnens letterlik yn gefaar brocht wurdt: syn buorfrou moast der suver al fan koarje. Seit soks net genôch? Dan hoecht ien wrychtich De Reade Bwarre net earst te lêzen, foar't hy yn it iepenbier doart te skriuwen dat it wurk fan Riemersma te ûnhuer, te fyn en te plat is, mar benammen ek te eang, om ea yn oanmerking te kommen foar hokker priis dan ek. Dan hoecht ien foaral ek net yn te sitten oer it byld dat sa'n ferneatigjend kommentaar bûten de provinsje oproppe sil fan it peil fan ús anti-bwarristyske literêre krityk: nammentlik as dat fan in grutte pjutteklas dêr't de bern yn roppe: ‘Juf, Trinus docht altyd flau en no fynt Juf syn tekening al wer it moaiste, dat is net earlik!’
Dêrom wol de kommisje by dizze feestlike gelegenheid it Provinsjebesjoer útstelle mei gauwens in nij-Frysk wedstriidreglemint fêst te stellen, dat jilde sil foar Fryske sporten as keatsen, fierljeppen, skûtsjesilen en priisskriuwen, en foar tippen, en dat bepaalt dat tenei elke âld-priiswinner yn alle folgjende kompetysjes ien plak leger útkomt as dat er fertsjinne hat. Sa krijt elts in earlike kâns en hoege der nea wer fan sokke skandalige stikjes publisearre te wurden.
Mar goed, dêr is ús kommisje net mei rêden. As wy ús gesicht yn Fryslân net foargoed ferlieze wolle, sille wy dochs oannimlik meitsje moatte dat it boek dat wy foardroegen hawwe foar de Gysbert Japicxpriis 1995, yndie fierwei it beste literêre wurk is dat de ôfrûne trije jierren yn Fryslân útjûn is. Wy wolle dat lykwols net dwaan troch De Reade Bwarre te pleatsen neist it meast fertsjinstlike wurk fan oare skriuwers, mar troch oan te jaan dat it yn dit gefal giet om in roman
| |
| |
mei sa'n bysûnder hege kwaliteit dat it beskamsum wêze soe diel útmakke te hawwen fan in advyskommisje dy't him liede litten hie troch oare as suver literêre arguminten. Want stel foar: wy hienen ús hâlden oan de goedbedoelde oanwizings fan it omskriuwend laach: dan wienen wy sûnder mis útkommen op in stichtlik poëzijbondeltsje fan in gâns ûnthjittende jonge skriuwster, dy't krekt fiifensechstich wurden wie.
De Reade Bwarre hat yn 'e Fryske Literatuer syn gelikens net. Dy't it terjochte fynt dat Anne Wadman twa kear de Gybert Japicxpriis wûn hat, om't it gong om twa ferskillende sjenres, kin gjin beswier meitsje tsjin it takennen fan dy wichtige bekroaning oan in wurk dat tematysk fier útstiicht boppe de earder bekroande roman fan Riemersma. De Reade Bwarre is literatuer, mar jout ek kommentaar op alles dat mei literatuer te krijen hat. It boek mei syn trije ferhaallinen kin op minstens trije nivo's lêzen wurde: it hat in histoaryske, in ferteltechnyske en in taalfilosofyske ferhaallaach. Dat is unyk yn de Fryske literatuer. Om dy trije nivo's yn dit rapport weromkomme litte te kinnen, hawwe de kommisjeleden tillefoanysk de opdracht krigen harren fyzje op floppy yn te stjoeren.
De literêre ierpelskylster út Frentsjer hie it aspekt fan 'e histoaryske laach yn De Reade Bwarre opkrigen. Sy skreau it neifolgjende:
‘De Twadde Wrâldoarloch is yn it Frysk troch gâns skribenten beskreaun: romans oer it ferset, autobiografyske boeken oer bern dêr't de libbens fan tekene binne troch de ferkearde kar fan har âlden. Mar de wize dêr't Trinus Riemersma de oarloch op beskriuwt, is yn it Frysk noch net earder fertoand.
De beskriuwing fan de jonge, dy't yn al syn naïvens syn wrâldbyld beskiede lit troch de artikels yn De Fryske Boer en De libbensleare foar de Fryske nasjonalist, tsjûget yn de Fryske skriuwerij fan in folslein nije wize fan sjen. Faksisme, nasjonalisme en anti-semitisme hearre tenei ta syn tinken.
It is syn eigen-boeke-wiisheid.
En dan de nasjonaal-sosjalistyske sjoernalist, dy't ta syn ferbjustering - mar te let - ûntdekt dat syn kennis fan de Dútske taal te beheind is, mei fan gefolgen
- en dat folslein per ûngelok - dat hy yn syn feestartikel Von Abort zum Tatort Hitler ôfskilderet as in bange skiter en in krimineel.
Nij, geastich en boeiend.
En by eintsjebeslút de jonge wer, dy't troch de oarloch hinne skarrelet, bygelyks troch alle minsken te bedragen en dy't oan 'e ein yn folslein opportunisme kiest foar it ferset, mar
| |
| |
perfoarst net wit hoe't er der tusken komme moat.
Trinus Riemersma is de earste dy't de oarloch net swart-wyt beskriuwt, mar op syn eigen oarspronklike en ûnneifolgbere wize: it beljochtsjen fan ien man út dat hiele grutte grize fjild fan minsken, dy't troch sels oproppen omstannichheden lang om let dochs in ferliezer wurdt.
De bydrage fan it Holwerter dichtersfamke ferskynde in wike letter op it skerm. Sy skreau:
‘Ien fan de nijsgjirrichste personaazjes yn De Reade Bwarre is Tilly, de tillefoanist dy't fiif kopijskriuwers yn tsjinst hat om in roman te skriuwen. Dy roman bestiet út it ferhaal fan de Modderklauwers, in earmoedige gerniersfamylje by Ferwert, it ferhaal fan de kater Boldgrim en de profeet Grimbold dy't in bjusterbaarlik evangeelje yn Fryslân bringe en it ferhaal fan Tilly doe't er lyts wie yn Ferwert, deselde ferhalen dus dy't yn De Reade Bwarre stean. Sa no en dan bellet Tilly de tillefoanist de kopijskriuwers op om wer in nij stik oan de roman te skriuwen.
Wy as lêzers krije Tilly de tillefoanist beskreaun fan it perspektyf út fan ien fan de kopijskriuwers dy't soms syn opdrachtjouwer de hûd folskelt.
De kopijskriuwer hat mar wat in hekel oan dy Tilly de tillefoanist mei syn nuvere opdrachten en hy beskriuwt Tilly dan ek as ‘spikerhud fwar oaren oer, skriklek aigenikkeg, folsk as un slaine hûn en sa ónbetrauber as ut vaar.’ (s.261) Tilly de tillefoanist is gjin aardich man mei syn reade hier.
Riemersma stjoert troch de struktuer fan syn roman de lêzer al gau de kant op dat er nei begjint te tinken oer wa't Tilly no eins is. Op basis fan de gegevens fan de kopijskriuwer sil er tinke dat Tilly Riemersma sels is. Mar at Tilly Riemersma sels wie, dan hie Tilly dochs gjin fiif kopijskriuwers nedich hân en hie er sels tocht ‘potferdómme os dur dan skreon vurre mwat, dan sil dur potferdómme ek skreon vurre’ (s.24)?
Oan 'e ein liket it derop of Tilly dochs noch Riemersma sels wurdt at hy syn kopijskriuwers dien jûn hat en op de ik-foarm oerstapt. Mar hoe kin er dan op besite moatte by E. Bosma, soan fan Saepke Seepsop en ‘provinsjaal supsydzjeôviisder’ en dus in folslein betocht personaazje?
Wy as lêzers kinne net mear tinke wat wy altiten sa graach tinke at wy in boek lêze: de haadpersoan is de skriuwer sels en dus giet it om in autobiografyske roman. Mar Riemersma is ús te fluch ôf en seaget de poaten ûnder de noflike stoel fan de lêzer wei. Wy witte net mear wa't de ferteller is en oft der eins wol ien ferteller is. Wy komme yn 'e tiis te sitten mei ús begryp fan wat fiksje is
| |
| |
en wat realiteit is. In duvelskeunstner dy't dat sa foar inoar krijt.
Yn De Reade Bwarre wurdt net allinnich ôfrekkene mei de myte fan de skriuwer, mar ek mei it mytyske Fryslân fan de boereroman. De boereroman hat, at it goed is, alles yn him wat de minsken graach yn Fryslân sjogge: pleatsen, boeren, arbeiders, greiden, kij, skiepkes en in soad beskriuwingen fan it waar en de natoer. De ferteller yn de boereroman brûkt al dy eleminten yn syn ferhaal dat er neffens in folslein fêstlein skema fertelt.
De kopijskriuwer krijt fan Tilly de tillefoanist de opdracht om in stikje te skriuwen yn 'e styl fan de Fryske boereroman. De kopijskriuwer hat de smoar goed yn oer dat fersyk, omdat it ‘ommes sa ôkôge is os vot’ (s.53). Mar Tilly set troch, want ‘Frieske lêzers binne eang fon vot nijs en lêze ljest oltyd utselde’. Dêr kin de kopijskriuwer it dan mar mei dwaan. Hy moat fierder skriuwe oan it ferhaal oer de Modderklauwers.
Troch dy opmerkingen fan de kopijskriuwer lêze wy it ferhaal troch in hiel oare bril. Wy krije yn 'e rekken mei wat foar prachtige myte wy eins omrinne, dat it byld fan de boereroman net kloppet mei de werklikheid. Dy werklikheid wurdt beskreaun yn it hurde libben fan de Modderklauwers by Ferwert. Dat is net it aardige plaatsje dat de boereroman ús foarhâldt.
Ek it ferhaal sels rint net ôf sa't it heart, want oan 'e ein hellet de skriuwer alles wei út Ferwert en dus ek de Modderklauwers. ‘Ut klaailôn, vot mwatte vij dêr mei oan? Dur vrótte har gjin gernieren mear op dea, ek gjin boeren of arbeiders of hynders nammes.’ (s.454)
Mar ek de persoanlike myte fan Tilly de tillefoanist hâldt op fan bestean. Oan 'e ein fan it boek lit er Ferwert ferdwine en skriuwt er: ‘Lit ús fvotgean en net weromkeare en yn ús het bevarje wat ienrus wie.’ (s.495)
It Ferwert fan ‘Ferwerd één, twee, drie gaat nooit ferlohoren’ bestiet net mear.
De Reade Bwarre makket oan in soad myten in ein. It is Riemersma slagge en skriuw in boek dat ôfweeft mei de ideeën hoe't in ferhaal wêze moat. Hy lit de boereroman ûntspoare en leit sa de fûneminten bleat fan wat noait bestien hat. Hy lit de kopijskriuwer ferdwine en lit Ferwert ferdwine. Hy makket it hûs skjin foar nije skriuwers en lit úteinlik ek neat oer fan syn eigen boek. It sjocht der slim út foar de lêzer dy't graach oer in moai ferhaal mei. Tilly de tillefoanist smyt mei modder nei sokke minsken en lit har yn harsels omwrotte.
Wy sitte ferslein mei it boek foar de kachel. Net om it op te baarnen, nee, dat net, mar om ús waarm te hâlden. It ferhaal is op en
| |
| |
it boek is leech en is wer fan ‘vudden’ wurden. Stadich wurdt it ús dúdlik dat it in knap literator is dy't sa'n boek skriuwe kin, sokke linen útsette kin en se dan allegearre by-inoar bringt. Hy konfrontearret ús mei hoe maklik wy tinke en meigeane yn allegearre myten dy't wy konstruearre hawwe om de werklikheid yn en ûnder te ferdielen lykas ús idee fan realiteit, ús tinken dat der soksawat as in God wêze soe en oare grutte ferhalen. Hy konfrontearret ús mei it feit dat ek ús eigen ferline in konstruksje en dus in myte is.
Wy soene sizze kinne dat mei De Reade Bwarre Riemersma op prachtige wize sjen lit hoe't er it skriuwen yn 'e macht hat. Hy boartet mei syn lêzers, mei syn ferhalen en mei himsels as skriuwer. Hy jaget de boel yn 'e bulten. Riemersma is ús earste postmodernist yn in faaks noch mytysk Fryslân. Hy skreau de earste (lit ús it wurd dochs mar brûke) postmodernistyske gerniersroman yn 'e wrâld. Dat mei dochs wier wol honorearre wurde.’
Wat it tredde kommisjelid oanbelanget: hy wie fassineare troch de taalfilosofyske ûndergrûn dy't yn it earste haadstik fan De Reade Bwarre al oanjûn wurdt. Wat is langer de wierheid noch fan in beskriuwing as de betsjutting fan de wurden net yn de wurden sels leit, mar yn de tinzen fan de lêzer. ‘Yn ut oanbegjin vie ut vut, en ut vut is bleon en hat ûnder ús wenne’, seit de earste sin fan de roman en de roman lit sjen hoe't de personaazjes troch de wurden dy't se ta har nommen hawwe, foarme wurde en benammen ek misfoarme. It boek lit sjen dat de skiednis net mear ferteld wurde kin mei de wurden dêr't se út bestie om't de betsjutting fan 'e wurden net mear deselde is.
Koartsein: it soe skande wêze as dizze priisútrikking net mear as in goedkeape tinkstien wie op it ûntidich prielgrêf foar in prachtich wurk en net de oanset ta fernijende stúdzjes oer de histoaryske, de ferteltechnyske, de taalfilosofyske en yntertekstuële útdagingen dêr't De Reade Bwarre fol mei sit.
Lykwols: oer it meast elemintêre aspekt fan de roman, de fonetyske oanpak, is de kommisje min te sprekken. Al wie it allinnich mar om't it tal potinsjele lêzers fan sa'n wichtich boek dêrtroch ta in minimum beheind wurdt. De advyskommisje is dan ek fan betinken dat de Provinsje net allinnich de skriuwer fan De Reade Bwarre eare moat mei de trijejierlikse priis foar de Fryske literatuer, mar dat tagelyk in earemedalje takend wurde moat oan de soan fan Saepke Seepsop dy't fêsthâlde oan it wier net domme prinsipe dat in roman op it earste plak de ortografyske werjefte wêze moat fan de fonetyske reali- | |
| |
saasjes fan de morfofonologyske rigen fonemen dy't wy oantsjutte as wurden.
Riemersma soe it sels betocht hawwe kinne.
En dêrmei binne wy oan 'e ein fan dit sjueryrapport kommen. Wy tankje alle oanwêzigen foar har oandacht en wolle graach beslute mei it útsprekken fan ús lokwinsken oan Trinus Riemersma mei in brûkbere tip foar syn tankwurd daliks, dy't wy fansels, mei in lytse fariant, sitearje út syn mei rjocht en reden bekroande boek:
‘As in pommerant óp dy tastapt, dyn vurk priizget en kraait: dat boek oer dy Reade Bwarre, hût jo dat fwarenvar krigen havve, yn ien vud: geveldeg! Sees don, vylst de mage dij ómdraat, sees don freonlik: Tanke, ut stjit mij oan dot jo ut moai fûnnen.’
9 novimber 1995.
| |
Taheakke
Reduzum, 6 desimber 1995:
1) Yn de Ljouwerter Krante fan 4 novimber 1994 waard bekend makke dat Deputearre Steaten op foardracht fan de Fryske Akademy de trije leden fan de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 1995 beneamd hienen. De kommisjeleden, dy't in pear moanne earder yn in tillefoanysk petear mei direkteur Jansma fan de Fryske Akademy der gjin beswier tsjin makken dat sy mei fjouwer oaren kandidaat steld waarden as sjuerylid, wienen net fan te foaren fan harren beneaming op 'e hichte brocht. Wy fûnen dy gong fan saken net alhiel krekt, mar yn it brief, datearre 4 novimber 1994, dêr't de Deputearre Steaten ús yn meidielden dat wy ta lid fan de advyskommisje beneamd wienen, waard fêststeld:
Om't jo de Fryske Akademy witte litten hawwe dat jo ree wiene om in sit te nimmen yn 'e advyskommisje, nimme wy oan dat jo de beneaming oannimme. Wy stelle dat tige op priis.
It wie wat sloarderich dat yn datselde brief net stie wa't de oare kommisjeleden wienen, mar goed: dat hienen wy al yn de krante lêze kinnen. Adres en tillefoannûmer koenen wy sels wol útfine. Oer ûnkosten hoegden wy net yn te sitten, want:
Yn ús begrutting is deryn foarsjoen dat de leden fan de advyskommisje reis-, porto-, en telefoankosten oan de provinsje yn rekken bringe kinne. Fierders wurdt in beskieden honorarium takend yn de foarm fan in kadobon.
2) De útnoeging foar in earste wurkbesprek, waard troch de Provinsje in fearnsjier letter ferstjoerd op 2 febrewaris 1995. Blykber wie der haast by:
Hjirby fersykje wy jimme om op woans- | |
| |
dei 8 febrewaris, middeis om 5 oere yn de Provinsjale Bibleteek oanwêzich te wêzen, om útein te setten mei it wurk fan de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 1995.
De fierdere gong fan saken oangeande in ferfolchpetear, ôfspraken ensafh. litte wy oan de kommisje sels oer. De datum fan de priisútrikking is steld op 26 oktober 1995.
Wy wachtsje jimme advys ôf.
Doe't wy dy woansdeitemiddei, krekt foar slutingstiid, yn de Provinsjale Biblioteek kamen, wie dêr net ien fan ús gearkomste op 'e hichte. Wy hawwe wachte oant fiif oere, mar der kaam ek nimmen fan de Provinsje opdagen. No stie dat fansels ek net yn it fersyk, mar wy hienen der wol heal en heal op rekkene. Wy tochten dat der eat misrûn wie, mar doe't wy de wyks dêrnei neat fan ús opdrachtjouwer hearden, ferstjoerden wy op 13 febrewaris in brief oan de Provinsje:
Ofrûne woansdei, 8 febrewaris, wie de advyskommisje op jo fersyk krekt foar slutingstiid oanwêzich yn de Provinsjale Bibleteek. Frjemd dat nimmen dêr op 'e hichte wie mei ús kommen. Wy mochten dêr nei slutingstiid wol bliuwe, as wy mar nei ôfrin fan ús petear de kaai troch de brievebus smite soenen. Wy besleaten lykwols dat it gaadliker wie en sykje in oar plak foar ús twadde gearkomste. Wy wienen gau klear, om't wy earder al wurkôfspraken ensfh. makke hienen.
P.S. Wy hoopje net dat jo tafallich yn in oare Provinsjale Bibleteek op ús sitten ha te wachtsjen, wy witte hoe ferfelend soks wêze kin.
It andert fan Deputearre Steaten wie datearre op 2 maart:
It muoit ús tige dat jimme by de Provinsjale Bibleteek net opfongen binne lykas wy frege hiene. De bibleteek hie ús tasein om jimme te skewieljen. Hoe't ien en oar no krekt ferrûn is binne wy noch oan it útsykjen.
Oft se ea achterhelle hawwe wat der krekt misrûn wie, hawwe wy nea te hearren krigen.
3) De korrespondinsje waard al gau beheind ta earmoedige formulierkes mei lege rûntsjes, lykas dit:
| |
Provinsje Fryslan
It bygeande wurdt jo/jim tastjoerd
□ as antwurd op jo/jim fersyk |
□ op fersyk fan |
□ om jo te ynformearjen |
□ om fierder te behanneljen |
□ neffens ôfspraak |
□ nei oanlieding fan |
□ werom mei tank foar it ynsjen |
□ om troch te stjoeren |
□ om út te rikken |
| |
| |
□ foar jo/jim argyf |
□ mei fersyk om dit werom te stjoeren |
□ foar paraaf/ûndertekening |
□ mei fersyk om de behanneling oer te nimmen |
□ mei fersyk om advys |
□ mei fersyk om.... |
■ de folsleine list fan 1992, 1993 en 1994 |
■ de datum fan de priisútrikking is steld op 26 oktober 1995 |
Net ien fan de foarprinte meidielings wie fan tapassing. De lêste twa meidielings wienen mei de hân skreaun.
Wy stjoerden netsjes in soartgelikens dokumint werom:
| |
Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 1995
Hjirmei dogge wy jo/jim te witten:
□ dat wy graach op jo/jim fersyk yngean wolle |
□ dat wy jo/jim fraach wol/net beänderje kinne |
□ dat wy it nijs yn 'e krante lêzen hawwe |
□ dat wy priis stelle op in nije ôfspraak |
□ dat wy de kwestje neier besjen sille |
□ dat wy jo/jim om advys freegje |
□ dat wy jo/jim graach troffen hienen yn de P.B. |
□ dat wy graach wolle dat jo/jim dit dokumint net weimuozje |
□ dat wy tige/min te sprekken binne oer de gong fan saken |
□ dat wy it folslein/foar in part/alhiel net iens binne mei jo/jim útstel(len) |
□ dat wy ferbjustere binne |
□ dat wy ús tige fermakke hawwe |
□ dat wy der mei oan binne |
□ dat wy graach wolle dat jo/jim.... |
■ dat wy de folsleine list al hienen |
■ dat wy de definitive datum foar de útrikking al wisten |
□ mei rju achting |
■ mei heechachting |
□ mei freonlike groetnis |
4) Wy woenen net nochris begjinne oer dy luzige fjouwer tûzen gûne. Yn 1989 en yn 1992 hawwe de advyskommisjes ek al sein dat sa'n bedrach nearne nei like, dat soks moat gjin folkloare wurde.
5) No is it fansels net wisânsje dat pommeranten samar op eltsenien tastappe om tankjewol te sizzen. Nei it foarlêzen fan it sjueryrapport hat de advyskommisje bygelyks neat fan de Provinsje fernommen. Wy moasten it dwaan mei in freonlik knikje nei ôfrin fan de Deputearre fan kultuer. Hannah Ludwig hat lykwols op moandei 20 novimber ûndersteande tekst nei har partijgenoat Deputearre Mulder fakst:
Bêste Bertus,
De provinsje hat in advyskommisje foar de G.J.-priis beneamd. Dizze trije minsken hawwe in pear hûndert oeren oan it lêzen bestege. Se binne fiif kear gearkommen. Se hawwe reis- en konsumpsjekosten makke. Dat se gjin betankje of faaks ek mar in blomke krigen hawwe, hawar.
Mar dat der net iens frege (!) is oan û.o. in studinte út Grins - sûnder O.V.-jaarkaart- of 't se ûnkosten hân hat, dat
| |
| |
raast oan 'e protters!!!
Hannah Ludwig
Op 30 novimber krigen wy in brief fan 'e Provinsje:
Foar it wurk dat jimme as leden of as foarsitter fan boppesteande kommisje ferset hawwe, wolle wy jimme jitris tank sizze. It honorarium dat wy jimme tasein hawwe, litte wy jimme bygeand takomme yn de foarm fan in kadobon.
Soene de leden dy't harren reiskosten noch net oan ús trochjûn hawwe dit meikoarten dwaan wolle sadat wy dy ek noch yn 1995 fergoedzje kinne.
Ik haw it slúfke binnestebûten keard, mar dêr siet net in kadobon yn. It bedoelde honorarium kaam earst oare deis: seis kadobontsjes fan fiifentweintich gûne mei in fotokopy fan boppesteand briefke, sa krige it wurdsje ‘jitris’ út de earste sin dochs noch betsjutting.
Ik haw noch ien kear werom skreaun:
Achte dames en hearen,
In kado wurdt oerlange by in feestlike gelegenheid, leafst mei in freonlik wurd en in stevige hân: ik hie dêr bliid mei west;
in honorarium wurdt takend oan minsken dêr't men respekt foar hat en dy't men ek sa behandelet: ik soe dêr grutsk op west hawwe kinne;
mar in nustje kadobonnen oer de post, trije wike nei de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis, is mei betrekking ta it wurk dat wy dien, en de ferantwurdlikens dy't wy droegen hawwe, in foai:
ik soe my skamje soks te akseptearjen,
H. Tromp
Foarsitter fan de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 1995.
Ynsletten: 6 kadobonnen.
|
|