Trotwaer. Jaargang 27
(1995)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 287]
| |
Teake Oppewal
| |
Groei yn fakmanskipDe rom fan De Reade Bwarre gûnzet al trije jier lang oer Fryslân. Doe't yn 1992 buorkundich makke wie dat Steven de Jong de GJ-priis krige, sei ien tsjin my: ‘Ja, en de priiswinder foar oer trije jier is ek al bekend’. Dy persoan wie, foar it goede begryp, net ien fan de trije minsken dy't dizze reis yn de advyskommisje sitte. It boek hat yn dat earste jier nei ferskinen in soarte fan cult-boek west. Minsken praten deroer, de mûle-op-mûle reklame die syn wurk, en it iennichste ferlechje om jin net oan it boek oerleverje te hoegen | |
[pagina 288]
| |
wie de stavering. Mar dat gûnzjen hie gjin fergelyk mei it trelit dat Riemersma syn debút Fabryk yn 1964 feroarsake, yn oktober 1967 nochris herhelle doe't er foar de earste kear de GJ-priis krige. De advyskommisje wie yndertiid net sa ienriedich as no. De konkurrint fan Fabryk yn 1967 wie De fûke fan Rink van der Velde. As wy no weromsjogge dan docht bliken dat beide boeken by de klassikers hearre út de Fryske literatuer. Mar wa't De Reade Bwarre ferliket mei Fabryk kin net oars as konkludearje dat Riemersma stikken groeid is yn syn fakmanskip en rjusidigens as skriuwer. Ek dat feit fyn ik in blyk fan wurdearring wurdich, wat foar myn gefoel mei útdrukt wurdt yn de priis fan hjoeddedei. It hat gjin doel en eidzje hjir dingen oer dy't yn de besprekken en yn it juryrapport al neamd binne. Leaver wol ik yngean op in pear kanten fan De Reade Bwarre dy't ik nijsgjirrich fyn en dy't mei bydrage ta myn wurdearring fan it boek, mar dy't yn eardere besprekken noch net sa sterk nei foaren helle binne. | |
YntertekstualiteitDe tekst fan De Reade Bwarre ferbyldet net allinne in realiteit fan eartiids en fan koart ferlyn, mar ferwiist ek nei in protte oare teksten út de Fryske literatuer. De iene kear is dat in direkt neammen, de oare kear bart it mear yndirekt, it kin sa sydlingswei of yn in grutter fragmint. Ik wol dêr in pear foarbylden fan bybringe. Yn haadstik 19 nimt Tilly it heft sels yn hannen en jout er de kopijskriuwers dien. Hy begjint it hûs fan wurden dat er opboud hat wer ôf te brekken, en dat makket him mismoedich. Yn dat ferbân seit er: ‘Nee, it is mis hjoed, ik haw it famke dat my hert en hân joech oerdei al wer út ‘en treure op it tsjerkhôf rêste litten en sels haw ik befêstige stjerre te wollen yn it âlde Fryslân. Fryslân is myn libbens sin, dêr waait it altiten fan auto's, trekkers en fytsen, dut is ús lân jawis, mar selskastijen is 't om hjir te wenjen’ (s. 450)Ga naar eind(2.). Dat binne trije rigels fan trije ferskillende dichters yn ien sin oan inoar laske: G.N. Visser, Jelle de Jong en Sybe Krol, foarôfgien troch fragminten út ‘It âldershûs’ fan Piter Jelles TroelstraGa naar eind(3.). Mar it moaiste sit dan noch yn it stikje tekst dat dêr fuort nei komt. Tilly seit dat er it hûs biezemskjin ha wol, krekt sa't men in leech hûs opleverje moat: ‘In oare skriuwer kin dan hinnegean en rjochtsje it hûs yn sa't hy it wol. Oername sil der net by wêze, nim ik oan’. Dat is in typysk grapke yn de tekst, en ik kin my yntinke dat Trinus dy sin mei in sekere nocht deltypt hat: ‘Oername sil der net by wêze, nim ik oan’, krekt neidat Tilly sels de tekst | |
[pagina 289]
| |
fan fjouwer dichters oernommen hat. En as ik as lêzer dat yn de tekst ûntdek belibje ik der ek wer wille oan. Yn De Reade Bwarre stiet in nuveraardich los fragmintsje dat spilet yn de simmer fan 1486: ‘Sjukste dy toer dêr wol stean, Hedzer?’. ‘Ja pake’, seit it jonkje en boartet fierder’ (s. 13). Dat ferwiist nei Toer en tsjerke fan E.B. Folkertsma: ‘En Hedzer, sjuch ús toer dêr stean, sterk en swier tsjin it noarden, heech boppe alle dingen’Ga naar eind(4.). Dat, no mar sykje oft Prof. Heymans ek yn De Reade Bwarre foarkomt! Want Riemersma skriuwt yn Minskrotten-Rotminsken oer Ferwert: ‘(..) dit doarp hat dan ek trije grutte minsken fuortbrocht: Prof. Heymans, E.B. Folkertsma en my. Foar myn beide doarpsgenoaten wie de Ferwerter mienskip te wreed: Heymans flechte yn de acht utersten fan syn karakterkubus, Folkertsma flechte yn syn estetisisme, mar ik haw de wrâld yn syn wêzen litten en stront stront neamd. Dêrom bin ik de grutste fan trijen’Ga naar eind(5.). It werkennen fan literêre sitaten is fansels nijsgjirrich, mar it wurdt pas echt ynteressant as der ek op djipper nivo ferbiningen oan te jaan binne mei eardere literêre teksten.
Foar't ik no fierder gean moat ik even wat kwyt oer de priiswinner: Trinus hat in ûnthâld as in ‘iisderen pôt’. Ik wit by ûnderfining, krekt as oare studinten dy't kolleezje literatuer by him folge ha, dat it der bytiden op liket dat Trinus alle ferhalen út de Fryske literatuer yn 'e kop hat, en dat er alle romanfigueren út al dy ferhalen libbensliif ken. It is dus hiel goed mooglik dat er yn syn eigen susjetten eigenskippen bebakt hat fan figueren út eardere boeken.
Sa sil it de measte lêzers net ûntgien wêze dat de frou fan Têke Bosma Eelkje hjit. Dy namme is yn de Fryske literatuer net neutraal, it is ommers de namme fan de ik-figuer yn Wadman syn roman De smearlappen. Yn Wadman syn boek wurdt Eelkje troch mear as ien man misbrûkt, mar har heit neamt sy ‘de grutste smearlap fan allegearre’. Riemersma set yn syn ferhaal oer Eelkje Westra en har heit Jurjen dat gegeven op 'e kop, ik sitearje: ‘Heit en dochter frijden in bytsje, in gewoane saak yn mannich húshâlding, en it wie ek noch syn iennichst bern, mocht er dêr wat ekstra wiis mei wêze? Beppe-Ferwert, dy't it yn in fertroulike rite fan Eelkje sels heard hie, mocht it dan smearlapperij neame, Eelkje hood der neat fan oer en it die har gjin skea’ (s. 96). Dat is dus dúdlik ynspirearre op Wadman syn boek mar der is in eigen draai oan jûn. In moai foarbyld fyn ik ek it haadstik dat ferhellet oer de berte fan Harm Bosma, mei as titel ‘Vot gyselen de vynviisders’ (s. 53 e.f.). | |
[pagina 290]
| |
Dat hiele haadstik ferwiist nei it earste haadstik fan Berutsen fjoer fan G. Burgy, wêryn 't ferteld wurdt fan de berte fan de haadfiguer Wimer Sjaarda. Yn beide ferhalen, by Burgy en by Riemersma, is it waar tige rûzich. Dat rint lykop mei in rûzige rite yn it libben fan de romanfigueren: In typysk skaaimerk fan de boereroman. Mar der binne ek ferskillen. De heit fan Wimer Sjaarda is by Burgy de sintrale figuer dêr't it haadstik om draait, en hy wurdt ús toand as in sterke en grutske stamhâlder. Yn Riemersma syn ferzy wurdt wol in soad oer Têke Bosma ferteld, mar hy is net sa'n trochpakker en lit him stjoere troch de froulju, dy't de baas binne. Oan de ein fan haadstik 1 stiet yn Berutsen fjoer: ‘Dan kriget Hyltsje Wimers in pinne fan de skoarstienmantel en skriuwt mei in sterke, puntige letter yn it âlde boek:....’. En dan folget de lape tekst dy't yn de bibel skreaun wurdt. Yn De Reade Bwarre stiet ek hoe't Têke Bosma foaryn de bibel skriuwt, mar hoe oars giet it dêr! Sitaat: ‘Der gyng in healoere mei hinne foar't it inketpoatsje op 'e tafel stie, in pinne fûn wie en de letters ien foar ien mei puntige halen yn de bibel skrast wienen.’ (s. 63). | |
DissertaasjeYn 1984 promovearre Riemersma op in dissertaasje oer it ‘proaza fan it plattelân’. Ien fan de konklúzjes dêrfan wie dat yn de Fryske boereromans fan de 20e ieu de klam lein wurdt op konflikten tusken de romanpersonages en ‘hegere machten’ (dat kin fan alles wêze; de natuer, it needlot, God) en dat maatskiplike problemen lykas de arbeidsferhâldingen op it plattelân en de tiid fan de krisisjierren oan krapper ein komme. Yn dit ferbân kin ek it oardiel neamd wurde dat Riemersma hat oer de ferhalen fan Ulbe van Houten: ‘It is fansels net de werklikheid fan 'e tritiger jierren, dy't Van Houten sketst “de wrâld wie ek doe gjin doedelsek”, it is in idyllysk byld, en dus mei opsetsin iensidich, mar as men it stikel-opsetten bedimje kin, is it wol hearlik toevjen yn sokke ferhalen’Ga naar eind(6.). Mei De Reade Bwarre lit Riemersma sjen hoe't it ek kin en jout er sỳn ferzy fan de werklikheid. De ferhalen oer Tilly syn heit passe dan noch better yn dy opset as de histoarje fan de Modderklauers. In moai foarbyld dêrfan is it opnimmen fan de oantekens út de skriften fan Tilly syn heit mei de wykynkomsten yn it twadde haadstik fiif. Dy list is fansels saai en lang, mar past yn de geast fan it boek, ik lês dat as: Tilly sìl dokumintearje hoe't syn heit as los arbeider bodde hat om troch de tiid te kommen, en jim, lêzers, sìlle it witte. Mar fansels ûntbrekke sels yn dit haadstik de typysk Riemersmaiaanske parody en sarkasme net. It haadstik iepenet mei in parody op it krekte beskriuwen fan it uterlik fan | |
[pagina 291]
| |
skriften fan skriuwers of skriuwsters dy't op de pb of it flmd bewarre wurde, en eindiget mei de opmerking: ‘Hjir einiget de skriftlêzing. Sillich binne de onwittenden’ (s. 126). Dat haadstik mei dy siferkes lit my dêrnêst tinke oan in passaazje út Brolsma syn boek Grûn en minsken, dêr't ek in skrift mei jildsaken yn foarkomt, mar dêr is it it ynstrumint fan de hurde boeresoan Daniël fan Kuken om it jild yn te barren fan de gernieren om him hinne dy't noch skuld hiene by syn heitGa naar eind(7.). De Reade Bwarre kinne in soad kwalifikaasjes oan jûn wurde, en ien dêrfan is dat Riemersma in literêr monumint oprjochte hat foar syn heit, net ta meardere gloarje fan de man op himsels, mar foar de man as in fertsjintwurdiger fan in generaasje en maatskiplike klasse dy't knoeid waard troch de krisisjierren. Troch op meinimmende wize de ferhalen oer it hurde libben fan Tilly syn heit te fertellen - dy't sels ek al sa goed fertelle koe! (s. 295) - docht Tilly him rjocht. Yn it boek stiet: ‘Want wa sil foar Tilly syn heit opkomme as hy it net docht?’ (s. 157). Dy stikken hearre wat my oangiet by de meast ûntroerende parten. De Reade Bwarre sit net allinne fol mei ferwizingen nei de Fryske literatuer, mar besjoen sa't ik hjirfoar dien ha kin it boek ek kwalifisearre wurde as in literêr en kritysk antwurd op de tradysje fan de Fryske boereroman sa't Riemersma dy ynterpretearret, en foarmet it mei syn dissertaasje in soarte fan twa-ienheid. Foar minsken dy't gefoelich binne foar kleuresymbolyk: beide boeken binne útfierd yn oranje, wyt en swart. | |
Feit en fiksjeDan kom ik op in tredde punt: It bewust omgriemen mei feit en fiksje. As lêzer fan De Reade Bwarre geane jo der al gau-eftich fan út: In figuer as Harm Bosma, dy is troch de skriuwer optocht. Soksoarte minsken binne der wol yn de realiteit, mar der is net ien en deselde persoan dêr't alle lêzers oan tinke moatte. Mei de figuer fan Tilly leit dat oars, want as lêzer kin men jin net losmeitsje fan it izeren resepsjeramt dat jin seit: Tilly, dat is Trinus sels. De skriuwer besiket dat faker as ien kear yn 'e kiif te stellen. Oan de ein fan diel twa seit er: ‘Lit it no literatuer wurde, gjin oantinken mear, mar fiksje’ (s. 299), en hast oan de ein fan it hiele boek freget Tilly him ôf: ‘Kliemt Tilly romon en werklikheid trochinoar?’ (s. 441). It antwurd moat dan fansels ‘ja’ wêze. By it lêzen fan it boek kaam my mear as ien kear oer dat ik tocht: Ferhip, hearde dat no yn it Modderklauersferhaal of yn it Tillyferhaal? Foarbyld: De Sineeske matte (s. 20 en 296). Troch de grins tusken feit en fiksje dizenich | |
[pagina 292]
| |
te meitsjen hat Riemersma de mooglikheid blokkeard dat De Reade Bwarre lêzen wurdt as in klearebare ‘autobiografy’. It is en bliuwt in roman, mei autobiografyske eleminten. Mar ek de parten oer Tilly moatte lêzen wurde as fiksje, en wy meie ús net bekroadzje om de fraach oft Trinus no wierwier as jonkje fan fiif jier yn 'e broek skiten hat en it Frysk folksliet songen, of dat dat ien oars west hat, of faaks hielendal gjinien! It is Tilly oerkaam, en it is prachtich en oertsjûgjend werjûn yn de wrâld fan wurden dy't de skriuwer ús foartsjoent. | |
StaveringAs lêste punt wol ik op 'e tekst oer de stavering dêr't it boek yn skreaun is. Dêr kin ik net omhinne, want ik fiel dêr in djippe haat-leafde ferhâlding mei. It heucht my noch dat De Reade Bwarre krekt út wie. Wy hiene as studinten fan de learareoplieding fan de nhl tegearre mei de dosinten de jierlikse slotjûn, yn july 1992. Trinus wie tige fleurich en hie wat jongeseftichs oerdwealsks oer him. Dêr wie alle reden ta: net allinne begûn de simmerfakânsje, mar hy hie ek in stikmennich eksimplaren fan syn nij boek by him. Wat moat dat in geweldich gefoel wêze, dat je in boek yn hannen ha dêr't je sa'n 25 jier earder al mei begûn binne! Myn kollega-studinten kochten mei gragens in eksimplaar, en Trinus sette syn hân der yn. Ik seach it kaft en lies it wurd ‘bwarre’ - en ik woe it boek it leafst mar boykotte. Wêrom moast it no mei alle geweld yn dy ferrekte eigen stavering? Anne Boersmavan der Mark seach my achter har briltsje wei glimkjend oan. ‘Moast it mar lêze,’ sei se, ‘dan wurdt it dy wol dúdlik!’ Dyselde fakânsje haw ik it boek lêzen en it is my dúdlik wurden wêrom't it in ôfwikende stavering ha moat. Tilly jout in oantal rasjonalisaasjes en beskriuwt emoasjes dy't achter it brûken fan syn eigen stavering sitte. Allegearre dúdlik en prachtich. Haadstik 2-20 oer de konfrontaasje tusken Tilly en Efy Bosma, ‘provinsjaal subsydzjeôviisder’, is ien fan de kostlikste stikken út it boek, en tagelyk nammers ek in moai foarbyld fan trochinoar-griemen fan feit en fiksje. Op it nivo fan de tekst sels kin de ôfwikende stavering sjoen wurde as in persoanlik stylelemint dat him foeget nei de ynhâld. It ferhaal spilet yn Ferwert en dêrby om. En dus is it yn Ferwerter dialekt skreaun. ‘Couleur locale’ neame se dat as se it oer streekromans ha. En it boek giet oer de Grutte Ferneuker, de Dwarsbongelder - en hoe kin men lêzers makliker dwarsbongelje as troch in ôfwikende stavering te brûken? Boppedat wurde der aardige grapkes úthelle mei de stavering, Saepke Seepsop bygelyks wurdt beskreaun yn de offisjele stavering, dy't oars | |
[pagina 293]
| |
bewust korrupt brûkt is, en greidboer Vypke praat in oar dialekt. Oant safier is alles dúdlik: De Reade Bwarre is Trinus syn ‘bloedaigen bûk’ en de lêzers moatte it mar nimme sa't it is. Mar de reaksje fan in soad potinsjele lêzers is: Sil dy Riemersma dwars? No, dan ik ek dwars. Gean mar op it dak sitten te prottermelken! As literatuerbefoarderder fiel ik my krekt de dealer-ferkeaper fan in machtige auto, mar wol ien mei fjouwerkante tsjillen. En dan kin ik hûndert kear tsjin ynteressearde keapers sizze: Dat hobbeljende riden heart by de auto, sjoch ris hoe moai oft de spatbuorden der by oanpast binne, en de fearring is ek fantastysk, de fabrikant hat der wier hiel djip oer neitocht - ik kom der net trochhinne. En ik kin my al dy boykottende lêzers wol begripe. Hawar, sa lizze de saken no ienris. Dêrom liket it my better ta in oare wei yn te slaan. De Reade Bwarre is in boek mei safolle kwaliteiten dat alle war dien wurde moat om it oer te setten yn it Hollânsk, en by in lannelike útjouwer útjûn te krijen. Lykas altyd by oersettingen sil dan wat ferlern gean, mar as dat ferlies binnen de perken te hâlden is omdat ek yn it Hollânsk in foarm fûn wurde kin dy't past by de ynhâld, dan moat sa'n oersetting mooglik wêze. Dat is net in saak fan ‘dat dogge wy even’, mar der binne kontakten en mooglikheden om wat te besykjen. | |
BeslútTrinus, ik hoopje datst noch lang yn sûnens genietsje meist fan de wurdearring dy't dy takomt foar dyn skriuwerskip. Oar jier hâldt dyn wurk op de learareoplieding fan de nhl op en it soe my neat fernuverje datst oer seis jier wer yn de running wiest foar de Gysbert Japicxpriis, as de regleminten tsjin dy tiid net feroare binne alteast. Wat De Reade Bwarre oangiet: Ik bin der wis fan dat it foar de leafhawwers fan de moderne Fryske literatuer krekt sa'n klassiker wurde sil as de boereroman-toppers foar de eardere generaasjes. |
|