Trotwaer. Jaargang 27
(1995)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 271]
| |
Bertus Mulder
| |
[pagina 272]
| |
Slager, Feenstra, Sterk en Zylstra yn Ferwert foar. In pear misten, lyk as Jongbloed en Streekstra. Mar it seach der oannimlik út. En dy nammen op it tsjerkhôf fan Ferwert? As jo witte wolle oft in Marten Visser, in Wytze de Ruiter, in Durk Burmanje, in Geart Prosee, en in frou Gerniers-Klompstra yndie oan de noardkante fan 'e tsjerke yn Ferwert te hôf lizze, dan pakke jo mar de auto, ride derhinne en sykje nei de nammen dy't yn it boek foarkomme. Ik haw der omstrúnd en koe alle nammen fine, ek Sytze Zylstra en Tsjitske Botma. Allinnich net de nammen fan de âlde Harmen Bosma en syn frou Richtsje Papma, dy't lizze moatte soene ‘yn 'e hoeke, nêst it paad nei De Bok’ (444). Wierheid en werklikheid. De wierheid fan de skriuwer, de werklikheid fan de feiten. Hoe steane dy tsjinoer elkoar? De skriuwer lit him der yn de persoan fan Tilly de tillefoanist wol oer út: ‘Tilly wol neat ferifiearje, want de werklikheid is net de objektyf fêststelbere feitlikheid, mar de werklikheid sit yn Tilly syn kop. Dy werklikheid, dêr moat Tilly mei klearkomme. Hy wie in bern, en seach mei berne-eagen.’ (145). En in ein fierder, as er syn jonge jierren beskreaun hat, de levertraan, it waarmiten en it bêdpisjen, dan skriuwt er dat er ophâlde wol werom te sjen: ‘Lit it no literatuer wurde, gjin oantinken mear, mar fiksje’ (301). Wy hawwe it dus oer in roman, net oer skiednis. It giet om de ferbylding fan de werklikheid troch de skriuwer. En dêrom kom ik op de fraach hoe't de skriuwer de werklikheid ta útdrukking bringt. Tilly beskriuwt it libben fan in gernier. Hy hat, sa seit er, sympaty ‘foar dizze wrotter, dy't syn eigen bealch ynset en in dreaun minske is’ (162). Mar fuort nei't er dat skreaun hat, nimt er it ek werom: ‘Mar wat Tilly hjirboppe skreaun hat, is fansels net de Wahrheit achter de Dichtung. Wat in skriuwer fertelt oer de achtergrûnen fan syn skriuwerij, dat is net de feitlike werklikheid. It is in hypoteze oer de mooglike ûntsteansboarnen fan syn wurk op grûn fan in ynterpretaasje fan dat wurk’. In analyze achterôf, dus (163). En ûndersikers, literatuerûndersikers wurde warskôge: sy hâlde harsels foar de gek troch literatuer foar de werklikheid oan te nimmen (163).
Der wurdt ús trochdien dat De Reade Boarre de tredde kear is dat de skriuwer him setten hat ta in skriuwen fan in roman oer de Modderklauwers. Earder wie dat om 1967 en om 1980 hinne. Earst yn de jierren njoggentich is it dus kommen ta de foarm dy't it boek no hat. Tilly jout oan dat syn opfettings yn de rin fan de jierren feroare binne. Yn 1967 hie er syn nocht fan it ‘psychologisearjend útdjipjen fan beheinde gefaltsjes’ en woed er de ferdivedaasjeroman omsmije ta in ‘kritysk wapen’ (164). Hie Tilly ‘wrâldferbetterjende oanstriden’ (165)? | |
[pagina 273]
| |
Yn de jierren tachtich spilet de literêre earsucht net swak by. Mar ek doe waard it him net. Hy koe tsien jier net ta skriuwen komme, om't er te heech rikke woe (166). Hy wie ek strontsiik fan de literatuerwittenskip; en boppedat: der wiene belangriker dingen te dwaan; it fytshok moast ôf, de tún op-knapt, it haltsje ferve, it hûnehok timmere of oare nuttige dingen. Skriuwen betsjut de werklike wrâld ferlitte en jins húshâlding barste litte (312).
Nei't er dus jierren net skreaun hie, is De Reade Bwarre dochs útkommen. Twa faktoaren wurde yn de roman oantsjutten dy't dêrta bydroegen hawwe: yn 't foarste plak: It kin him minder skele; hy is ûnferskilliger wurden. En de twadde wie doe't er seach hoe't Steven de Jong mei De Wuttelhaven del skiednis yn literatuer feroare hie. De ynstelling dêr't er mei skriuwt is feroare. De skriuwer wol net safolle mear; hy wol yn elk gefal net mear ôfhinklik wêze fan de lêzer, ek net fan de útjouwer. De skriuwer skriuwt foar syn eigen wille; hy moat der sels plezier oan ha. Hat de lêzer de frijheid om te lêzen wat er wol, de skriuwer hat de frijheid ‘om del te kwatteljen wat er wol, sûnder him drok te meitsjen oer de kontoeren fan de Fryske literatuer. Literatuer is in aardichheidsje en dat moat it bliuwe’, sa skriuwt de wizer en âlder wurden skriuwer (307). Dêrom skriuwt Tilly ek: ‘de iene Tilly is de oare net’ (166). Mar amper hat er dat delsetten, of hy freget fuortendaliks: ‘Is dat wier’? It antwurd is: ‘Neat is wier. Wierheid is dy leagen dêr't wy ús fan alle leagens it noflikst by fiele’. Want al binne der ferskillende Tilly's, de emoasjes fan de literêre figueren dy't ûnder syn hannen ûntsteane, binne faak deselde; der wurdt skreaun fanút deselde sentiminten. Wat dat oangiet feroaret in minske nei syn twintichste jier amper, sa lit Tilly ús witte.
Sjogge wy nei wat de skriuwer yn syn roman oer de emoasjes fertelt. Trije eleminten op syn minst moat ik dêryn neame. yn 't foarste plak de earmoede fan de arbeidershúshâlding dêr't Tilly yn opwoeksen is, yn it doarp dat sterke skiedsmuorren hie tusken grifformeard en otterdoks herfoarme en frijsinnich herfoarme, mar foaral tusken earm en ryk (156). Tilly syn heit, in man dy't yn goedens woe, wie net goed genôch om yn 'e tsjerkerie te kommen. Doe't er spul krige mei in boer oer reistiden, liet de Christelijke Landarbeidersbond him sitte. Tilly fielt him partij: ‘wat oan syn heit dien is, is oan Tilly dien’, wjerklinkt it (159). De húshâlding moat ieren sykje; trije sekfollen smyt it op (226). En nei de oarloch hawwe Tilly en syn maten lêst fan steden en swollems, der wie temin sjippe en luzen wiene hiel gewoan (422/23). Hy | |
[pagina 274]
| |
stamt út in ‘autochtoane earme húshâlding’ (226). yn 't twadde plak dat er yn dy húshâlding thúsheart. It is prachtich sa't Tilly beskriuwt dat er as lyts jonkje wurch mar lokkich mei syn heit en mem te kuierjen wie. Syn heit leart him it reedriden en sa't syn heit dat mei him die, wol Tilly it syn bern letter trochjaan (329). Op de MULO yn Dokkum wurdt de iensumheid fan de Ferwerter jierren trochbrutsen. De húshâlding is yn opgong. It is de moaiste tiid fan syn libben. Dan it tredde elemint. Mei de MULO komt de kweek. Tilly wurdt ûnderwizer. Hy komt yn oare fermiddens, bedarret yn de middenklasse. Yn in hiel nijsgjirrich part om side 400 hinne wurdt der wiidweidich by stilstien: de solidariteit fan de skriuwer mei it arbeidersfermidden, wylst er sels in witeboardman wurden wie. Yn it nije sosjale fermidden fielde er him net thús, fielde er him in ynkringer. En der kaam noch wat by: ‘Tilly kin net goed ferjitte en ferjaan kin Tilly hielendal net. Tilly hat al te slim field dat er neat wie, in earmoedsaaier, in twadderangsminske’ (157). Ek al kamen se him freonlik temjitte, hy wie erchtinkend, earsuchtich en hy woe wraak nimme foar juster. Hy akseptearre net rjocht wat oan syn nije sosjale posysje ferbûn wie. Mar, sa skriuwt Tilly, de âldere en wizere Tilly, dat wie ‘folslein ûnnut’ (399). Syn klassebewustwêzen wie in anakronisme. En hjir komme wy op it punt dat ik in fraach stelle wol. Wat leveret sa'n sosjale achtergrûn op? In belangrike fraach dy't Tilly eins hiel algemien stelt: as it no om taal, ras of klasse giet, minderheden rjochtsje agresje maklik op harsels. Komme jo dêr echt los fan? Hoe, op hokker wize wurket sa'n achtergrûn mei yn jins fierdere libben? As wy Tilly leauwe meie, foaral negatyf. Tilly spotgnysket, Tilly gniist (156). Hy moast him losmeitsje fan lilkens - ‘literêr noch polityk hellet dat wat út’ (139)-, fan leedfermeits, en ek fan syn swartgallichheid (376). Dat wie in hiele striid.
Mar der is ek in oare kante. Yn de sosjale wittenskippen hat der de lêste desennia in soad omtinken west foar minderheden. Ien minderheid is mar in lyts bytsje oandacht oan jûn: oan learende bern út arbeidershúshâldingen. Dy bern, sa docht bliken, hawwe yndie tiid nedich om har plak te finen, ek om har de wittenskip eigen te meitsjen. En dat lêste wol wol slagje, mar net samar. Dizze minsken hawwe foaral swierrichheden mei it opbrekken fan de maatskiplike werklikheid yn in tal strikt ôfbeakene fakwittenskippen. Har brede erfarings mei hoe't de wrâld yn elkoar stekt stiet dwers op fakwittenskiplike ûnderskiedingen. Yn de werklikheid dogge dizze ûnderskiedingen har net foar. De werklikheid lit him net opslute yn hokjes, de werklikheid is ien, lyk as de minske ien is. Dat | |
[pagina 275]
| |
liedt derta dat arbeidersbern mei universitêre opliedingen earder yn ferbannen as yn segminten tinkeGa naar voetnoot1. It kostet tiid om ek dêr achter te kommen. Om in boek as dit skriuwe te kinnen, moast de skriuwer los komme fan syn ferline, en dat koe hy doe't er der foaral ‘aardichheid’ oan hie syn wurklikheid te ferbyldzjen. De skriuwer naam ôfskie fan it ‘psychologisearjend útdjipjen fan beheinde gefaltsjes’. De roman mocht net te smel en te iensidich wêze, sa blykt út de diskusje tusken ien fan de kopiïsten en Tilly (263). De komposysje mocht de skriuwer net te fêst lizze. De werklikheid yn al syn lagen moast nei foaren komme. My tinkt dat dat de krêft fan De Reade Bwarre útmakket.
De Epilooch fan it boek is nijsgjirrich. As it wurk dien is, lit de skriuwer it masker falle, en sprekt er net mear oer himsels yn de persoan fan Tilly, mar komt er sels oan it wurd. De tredde persoan wurdt earste persoan. Alder en wizer skriuwt er: Want by einbesluten is it net de wearze of de haat, mar de nostalgy. Unwennigens nei in jeugd dy't achterôf paradyslik liket, hoewol't er dat net wie. Noch lyts wêze, út it feilige nêst wei oer de râne kypje nei it kleurige en ûnthjittend libben, plannen meitsje en kânsen hifkje. Wat soe it libben bringe? (478).
De nostalgy fine wy ek werom yn de bydrage fan Riemersma foar de gemeente Ferwerteradiel yn de searje fan de Keunstútlien. Dêr slút ik mei ôf: yn 'e bus tusken Ljouwert en Dronryp
feroare it lânskip, de tiid, iksels -
ik ried net nei Frjentsjer
ik gyng nei hûs, nei heit en mem
ik sêch de greide, it Marsumer Aldlân
mar it waard it Klaailân by Marum, Ferwert
twintich wie ik, ik kaam fan 'e kweek
in swarte houtsje-toutsjejas hie ik oan
in sútrige canvas boeketas
en ik wist ik bin fiifenfyftich
heit en mem binne dea
Ferwert is tsjerkhôf
mar ik joech my oer en wie lokkich
twintich wie ik, in grut bern
mem hie noch thee stean
aansent kaam heit thús
dan kofje, it deistich praat
opwaarme rjappels, wat brij
ik soe de boeken op tafel leze,
heit soe krantsje, mem slûgje
noch thee? ja, noch mar ien
heit soe de wekker sette en him deljaan
mem soe de kat yn 'e keuken litte
moast net te let op bêd gean, no nacht
ik soe nei boppen gean, yn it tsjuster stoarje
prakkesearje oer sneon, oer in faam, oer letter
it wie op 'e keale dyk tusken Ljouwert en
De Ryp
it wie in momint, in ivichheid.
|
|