gen op: in kollum, in essay, in wittenskiplike riddenaasje en in pleit dat by in objektive basis ek de nedige romte joech oan emoasjes. It gie sa út en troch oer feiten, mar meastentiids oer gefoelens en mieningen.
By alle ferskillen wie der ien aspekt dat yn alle bydragen werom kaam. Eltsenien hie in skuldige. De beweger Westra jout de skuld foar it net mear lêzen oan it skriuwen fan 'e skriuwer. De skriuwer Dam klaget oer de beheinde kapasiteiten fan 'e lêzer. De lêzer Hibma slacht woest om him hinne nei drege en yntellektualistyske skriuwers. En de yntellektueel Breuker is benaud foar bewegingsidealen yn 'e literatuer. Dêr is de sirkel mei rûn, mar binne wy noch gjin stap tichter by in slutend antwurd op de fraach boppe dit stikje. Ik sil my der by del lizze moatte, dat dat antwurd der op basis fan bydragen fan lêzers, skriuwers, taalkundigen en taalstriders ek net al te gau komme sil. De ferskillen binne gewoanwei te grut.
Dêrmei soe dit stikje in sêfte dea stjerre. Dam jout lywols yn syn bydrage yn nûmer fiif in nije en tige nijsgjirrige draai oan de fraach. Ut syn eigen ûnderfining as amateurboekferkeaper wei konstatearret er dat boeken benammen kocht wurde foar bern en troch fyftich-plussers. Spitigernôch jout er net in soad oanfollende ynformaasje. Ek giet er amperoan yn op it wêrom fan it netkeapjen fan boeken troch tweintigers, tritigers en fjirtigers. Dat past dan ek net sa goed yn syn riddenaasje oer de lêzer fan literatuer.
As Dam gelyk hat mei syn konstatearring, dan hat de Fryske literatuer in aardich grutter probleem as it net mear lêzen fan 'e Fries. As it lêzen fan Fryske literatuer oer de hiele lynje him net al te bot mear ûntwikkelet is der noch wol in mouwe oan te passen. Kin de fraach ‘wêrom lêst de jongere Fries gjin Frysk mear?’ lykwols mei rjocht steld wurde, dan moat de skrik in man as Hibma om it hert slaan.
Faaks wie it lêsgedrach fan 'e jongere Fries in better tema foar in rubryk. Op it wêrom fan dy fraach haw ik teminsten in dúdlik antwurd: besjoch de tabel yn ‘Fan 'e redaksje’ mar ris. It begjin fan in oplossing fan it - noch net iens offisjeel fêststelde- probleem is dan ek al gau fûn. Wy goaie it idealisme fan 'e generaasje-Dam oerboard en Lokje Hoekstra publisearret har earste roman...