| |
| |
| |
Fan bûgjen frjemd
Doeke Sijens
Der binne sûnt 1945 mear as fjirtich romans útkommen dêr't de besettingsjierren yn Fryslân in wichtige rol yn spylje. Dêrnjonken binne der noch ûntelbere fersen en koarte ferhalen mei itselde tema. Men kin sadwaande fan tinken wol ha dat de oarloch ien fan de wichtichste ûnderwerpen yn de Fryske literatuer is. It grutste part fan dat wurk oer de oarloch is de lêste fiifentweintich jier útkommen. Blykber is it ûnderwerp aloan mear aktueel wurden. Yn Trotwaer dit jier dêrom rom omtinken foar de oarloch yn 'e Fryske literatuer. Dêrnei soe it dan mar ris dien wêze moatte.
| |
‘Mar de neisleep, as komt dêr nea wer in ein oan’
De lêste jierren is de oarloch sa'n gewoan tema wurden foar Fryske romans, dat it opfalt as in skriuwer de besettingsjierren lizze lit. Wêrom kiest in skriuwer de oarloch as ûnderwerp?
Foar guon skriuwers jout de oarloch stof foar in moai, spannend en aventoerlik ferhaal. Foar oare skriuwers is it dêrby in manier om in trauma te ferwurkjen. Fan beide oanliedingen binne foarbylden te finen yn 'e tredde stream oarlochromans. ‘Wat in avontoeren, net? Dêr koest no wol in boek oer skriuwe.’ (It spoekskip, s. 82) Sa sille der ferskate boeken begûn wêze.
It pak fan heit begjint mei in ynlieding fan in psychiater: de lêzer wit dan daliks dat it om in autobiografysk boek giet. Dêr binne lêzers fansels ek gefoelich foar. Doe't In appel foar ûnderweis bygelyks útkaam, stienen yn 'e kranten ynterviews mei de skriuwer om ‘it wiere’ fan it boek te ûnderstreekjen.
Der is in tredde groep skriuwers, dy't it minder giet om de oarloch as ‘ferskynsel’ mar mear as útgongspunt foar fiksje. ‘It giet de skriuwer om it inerlike konflikt dat dy oarloch yn de minske opropt. It is de skriuwer der om te dwaan der efter te kommen hoe't de minske dy oarloch ferarbeidet, en de psychise spjalt dy't it teweech bringt. De skriuwer registrearret de geastlike neiklap.’ (Durk van der Ploeg, LC, 10 maart 1995) Sa'n skriuwer kin dat fansels kombinearje mei de driuw om in spannend ferhaal te fertellen of in trauma te ferwurkjen.
De tredde weach oarlochsromans is grutter as de eardere weagen. Opfallend is, dat it ûnderwerp fan ‘fout’ yn 'e oarloch en de gefolgen dêrfan, foaral foar de bern, faker as
| |
| |
earder foarkomt. It wurdt aloan minder in taboe. De romans wurde ek hieltyd mear ‘psychologysk’, in soad geweld komt net mear yn 'e boeken foar. En nei fyftich jier krijt de fijân lang om let in gesicht.
It giet by de tredde weach om de neikommende boeken:
1987
Rink van der Velde, De histoarje fan Kammeraat Hollanski, Drachten, Friese Pers Boekerij. Willem Verf, Tiid fan libjen, Drachten, Friese Pers Boekerij. |
H.Y. de Vries, Stikeme Keimpe, Ljouwert, De Tille. |
|
1988
Th. Kuiper, De harmeling, Ljouwert, De Tille. Durk van der Ploeg, De jacht, Drachten, Friese Pers Boekerij. |
Sjoerd van der Schaaf, De lawine, Drachten, Friese Pers Boekerij. |
|
1989
Steven de Jong, De wuttelhaven del, Boalsert, Koperative Utjowerij. |
Riek Landman, Skaden oer de snie, Drachten, Friese Pers Boekerij. |
Sjoerd Palstra, Minske en bist. Novelle oer in bewenner fan it ‘Arbeitseinsatzlager Erika’ Ommen-Wesseling, Ljouwert, de Tille. |
Johannes Walinga, As wie it juster. Verzetsroman 1940/45. Leeuwarden, Interboek. |
|
1990
H.Y. de Vries, Moai-Anne, Ljouwert, De Tille. Anne Wadman, De fearren fan de wikel, Amsterdam, Wimpel. |
Geart van der Zwaag, It spoekskip. In oarlochsferhaal út it wetterlân, Boalsert, Koperative Utjowerij. |
|
1991
Tiny Mulder, In moaie leeftyd, Drachten, Friese Pers Boekerij. |
Tsjalling fan Wolsum, Dûbele striid, Ljouwert, De Tille. |
|
1992
Riek Landman, De Bolleman brieven, Drachten, Friese Pers Boekerij. |
Tr. Riemersma, De reade bwarre, Boalsert, Koperative Utjowerij. |
Willem Tjerkstra, Finzen yn bylden, Drachten, Friese Pers Boekerij. |
Anne Wadman, In ûnbetelle rekken, Grou, Stichting It Fryske Boek. |
|
1993
Benny Holtrop, In appel foar ûnderweis, Boalsert, Koperative Utjowerij. |
Rink van der Velde, Rjochtdei op de Skieding, Drachten, Friese Pers Boekerij. |
Jaitsche Wassenaar, It pak fan heit, Ljouwert, AFUK. |
|
1994
Durk van der Ploeg, It wrede foarjier, Ljouwert, Friese Pers Boekerij. |
Anne Wadman, In okse nei de slachtbank, Boal
|
|
| |
| |
sert, Koperative Utjowerij. |
|
1995
Durk van der Ploeg, De reis nei de kalkman, Ljouwert, Friese Pers Boekerij. |
Durk van der Ploeg, It lekken oer de spegel, Ljouwert, Friese Pers Boekerij. |
|
Ta de boeken dêr't it gefaarlike, mar benammen ek it spannende fan de oarloch sintraal yn stiet, hearre de romans fan H.Y. de Vries, Tsjalling fan Wolsum en Sjoerd van der Schaaf. Yn Stikeme Keimpe giet it om in slachter en syn famylje, dy't mei in soad snoade streken en gâns aventoeren de oarloch trochkomme. Yn Moai-Anne komt ien figuer ût it eardere boek werom, in frou dy't in bern oerwûn hat fan in Dútske soldaat mar ek yn it ferset holpen hat. De Dútske soldaat komt nei jierren werom yn it doarp en foar moaie Anne komt dan it ferline wol hiel tichteby as har dochter fereale rekket op - sa docht bliken - har healbroer.
Ek yn De lawine leit de klam op it aventoerlike fan de oarloch en de swierrichheden, dy't de haadpersoan meimakket. It boek einiget as de man - nei de oarloch - de frou op wa't er fereale wie, en dy't op 'e tiid it lân útrekke wie, wer treft.
Likemin as Sjoerd van der Schaaf giet de skriuwer fan Dûbele striid psychologysk ek net botte djip. It earste part fan de roman spilet yn 'e mobilisaasjetiid, oant de man út tsjinst rekket nei in ûngemak. It twadde part begjint dan ynienen yn 1944 as er it ferset helpe mei.
De boeken fan Geart van der Zwaag, Johannes Walinga en Sjoerd Palstra geane sûnder mis op eigen ûnderfiningen werom. Palstra hat syn boek út argewaasje skreaun, sa liket it wol, om't kamp Ommen neffens saakkundigen as Dr L. de Jong, in ‘licht’ kamp wie. Wat er meimakke hat wie lykwols allesbehalven ‘licht’.
Ek Johannes Walinga hat syn oarlochsoantinkens de foarm fan in roman jaan wollen. It is in sober ferhaal wurden, mar wêrom 't er it net gewoan as in ‘ego-dokumint’ útjaan woe, bliuwt ûndúdlik.
Geart van der Zwaag fûn yn 1970 Reinder Brolsma âldmoadrich. It falt jin dêrom ôf, dat It spoekskip sa'n konvinsjoneel boek is, dat like goed by de KFFB útjûn wurde kind hie. Yn it boek giet it om twa broers, dy't yn 'e lêste oarlochswinter twa deserteurs út it Dútske leger oan board nimme as in fersetsman har dat freget. Al rillegau krije de bruorren har nocht om't de Dútsers wolris wat lestich binne. Troch in trúk soargje sy der foar dat de beide mannen troch de besetter oppakt wurde, wylst sy sels bûten skot bliuwe. Op desersje stie de deastraf en it is dan ek opfallend hoe maklik at de bruorren de soldaten útleverje. By de feestlikheden by de befrij- | |
| |
ing wurdt der net iens mear oer harren praat. Anne Wadman syn boek De fearren fan de wikel nimt ek in foarfal út it lêste part fan de oarloch as útgongspunt. In frou, dy't de Dútsers helpt om fee te foarderjen, wurdt troch mannen fan it ferset likwidearre. Teminsten, dat wie de bedoeling, mar de oanslach mislearret. In âld skoallekammeraatske fan de frou siket, jierren letter, de saak út. Har eangst is dat har ferstoarne man, in âld-boargemaster, de hân yn de saak hân hat. It komt dochs eefkes oars út, mar dúdlik wurdt dat de motiven fan it ferset ek net altyd like ‘heech’ wienen.
Foar syn boek, De histoarje fan Kammeraat Hollanski hat Rink van der Velde as útgongspunt in man socht dy't werklik bestien hat, mar nei eigen sizzen hat er it wjerfarren fan de man yn it boek sels optocht. It is in ferhaal oer in ivige soldaat, dy't earst tsjin Franco fochten hat mar dan foar de Dútsers kiest en sa yn Ruslân telâne komt. Dêr rint er op in stuit oer nei de partisanen. It is in kundich, meinimmend boek, mar de inerlike driuwfearren fan de man bliuwe dizenich.
Dat de besettingsjierren slim traumatysk wurke ha foar minsken dy't oan 'e ‘goede’ kant stien hienen, wie sûnt de jierren sechtich al dúdlik. Wat de effekten west hawwe foar de famyljes fan NSB-ers is folle langer ûnbekend bleaun. De neiklap fan H. Hoogeveen wie it earste boek dat oer in NSB-bern gie. De roman fan Benny Holtrop, In appel foar ûnderweis hat wol wat fan dat boek. Ek hjir giet it om in man dy't net tsjin de wrâld opwoeksen is. Hy rekket yn in isolemint as er it swijen yn syn famylje oer it NSB-ferline fan syn heit net langer akseptearje kin. Boppedat kin er him mar net begripe, hoe't sokke leave âlden sa fout west ha. Hy rekket oerspand en út it wurk. Ek yn De harmeling giet it om de neiklap by de soan fan in NSB-er. De heit stjert net lang nei de oarloch yn kamp Sondel, mar de mem is al hiel âld ear't sy har soan fertelt, dat de heit joaden ferret hat foar hûndert gûne. De mem wie de baas yn 'e hûs, de heit koe mei dat jild sjen litte dat er ek wol wat sûnder har fertsjinje koe. Foar de soan wurdt it probleem minder grut as in joadske man him de sûnden fan syn heit ferjout. Ek docht bliken dat syn heit, krekt foar't er stoar, berou krigen hat.
Yn It pak fan heit giet it om it famke Jetske. Har heit (en oare famylje likegoed) is by de NSB. Op skoalle wurdt sy dêr wol mei pleage, mar soks wurdt folle slimmer as har heit oppakt wurdt en yn in kamp telâne komt. De famylje moat fan 'e pleats en wennet salang by pake en beppe fan 'e goede kant. Ek op 'e nije skoalle wurdt sy mei dy NSB-heit pleage, foaral troch de master. Ut it (konsekwint folhâlden) perspektyf fan in bern wei, wurdt in yngeand byld jûn fan in ferkearde
| |
| |
hâlding en de gefolgen dêrfan. Oan 'e ein fan it boek komt de heit werom en mei de famylje fan de tsjerkeried wer op 'e pleats. Dat smyt ommers wer ekstra bern op foar de skoalle! In happy end is it lykwols net. ‘Dan ek komt de krityk op heit, net allinne fan 'e bern, mar ek fan 'e mem. Faak ûnbewust wurdt de heit as in “underdog” yn it gesin behannele. Hy mei de kost fertsjinje, mar fierder kin er in grutte mûle krije. En no't er der net mear is, tinke de bern: hiene wy der mar ris wat mear meimekoar oer praat.’(s. 130)
Earder hie Steven de Jong ek al it perspektyf fan in bern brûkt yn syn roman De wuttelhaven del. Dy roman bestiet út trije lagen. Yn it foarste plak in beskriuwing fan de heit, Doede Haaies de Jong, dy't yn 'e oarloch haadredakteur is fan 'e iennige krante dy't fan 'e Dútsers noch útkomme mocht. In oar part fan de roman beskriuwt de oarlochsjierren troch de eagen fan syn soantsje. In tredde part spilet yn it moderne Ljouwert, dêr't de soan meimakket hoe't der noch altyd antisemitisme bestiet. Ek yn dit boek pakt de soan om mei it ‘foute’ ferline fan de heit. De roman is net bedoeld as rjochtfeardiging fan de foute heit, mar beskriuwt wol yngeand hoe't sa'n man fout wurde koe. De roman krige fan de kritisy gâns wurdearring (en yn 1992 de Gysbert Japicxspriis). Om't by de measte minsken noch wol bekend wie, wa't de heit fan Steven de Jong wie, gienen de besprekkers yn op de autobiografyske eftergrûn fan it boek. ‘As my it goede prototype fan Doede Haaies foar eagen stiet, dan ha ik guon derfan [fan syn artikels, DS] lêzen op de dei fan ferskinen. En it wie net wurk fan in superieure sjoernalist, mar fan in breaitende profeet, in kollaborateur. Gjin grut stilist ek noch.’ (Jan Wybenga, LC, 21 april 1989)
‘En dat er in bêste heit en in goed minske wie, dat nim ik daliks oan. It byld dat Steven de Jong jout, ferkeart ek iderkear troch sa'n bytsje op 'e grins fan dizze twa op it earste each min te fersoenjen utersten: aimabel mins en polityk misdiediger. Hy komt der ek net út - it byld is net oer alle boegen konsistint - en dat mei ek gjin wûnder hjitte.’ (Anne Wadman, Frysk & Frij, 8 april 1989) Yn syn besprek hie Jan Wybenga sa syn betinkingen tsjin it oarlochsgehalte fan de roman. ‘En net allinne omdat der gjin oarlochshannelingen of fersetsdieden yn beskreaun wurde, mar ek omdat de binnenkant fan de oarloch, it essinsjele fan in besetting bygelyks, bûten de optyk fan in jonkje tusken de fiif en tsien jier falt.’
De gefolgen fan de besettingsjierren wurkje op alderhanne fronten noch troch. De ferteller fan Anne Wadman syn In ûnbetelle rekken fielt him nei jierren der noch skuldich oer
| |
| |
dat er net yngien is op it fersyk fan in freon om fersetswurk te dwaan. Yn In moaie leeftyd fan Tiny Mulder emigrearret Saakje mei har man nei Kanada. Nei in soad lijen giet it harren better, mar dan ken sy de man dy't harren nije kânsen jaan kin werom, as de NSB-buorman út it heitelân. De frou wol perfoarst net dat har man yngiet op syn oanbod. Har man docht dat wol en dêrtroch mislearret it houlik. De frou bliuwt wrokjen oer de langmoedigens fan it Kanadeeske regear. Yn Nederlân is it fansels al net oars. Hat it ferset dêr al dat wurk foar dien...? Yn Finzen yn bylden is it de Golfoarloch dy't de oantinkens en trauma's fan in pear minsken wer opropt. In man hat yn 'e oarloch in Dútser fersûpt, doe't dy it skûlplak fan in joadsk famke ûntduts. It famke is doe fuort gien en sûnder mis yn Auschwitz omkommen. Mar by in scudoanfal op Tel Aviv sjucht hy har op 'e tillevyzje, in tel foar't hja stjert oan in hertoanfal. In oare man is slim oan 'e drank en sjocht yn Saddam Hussein almar Hitler werom. Hy hat yn Dútslan yn in werkkamp sitten en is troch in Dútse frou bedondere. In freon fan har hat him sa tramtearre dat er altyd handikapt bleaun is. Dy frou komt werom nei it doarp, want dêr is har ferloofde fan doe fersûpt! Sa giet it oan op in klimaks. De tematyk is earnstich, mar de útwurking is slim melodramatysk.
Ek yn Wadman syn In okse nei de slachtbank pleaget de oarloch noch altyd de haadpersoan, dy't - oars as syn frou - nea in wichtige rol yn it ferset hân hat.
De tinzen fan de man dêroer binne sa njonkenlytsen in standertûnderdiel fan Wadman syn wurk wurden en ferrasse sadwaande net mear.
Rjochtdei op de Skieding is foar Rink van der Velde, sa liket it, ek in herhelling. Krekt as yn Rjochtdei en De ôfrekken giet it yn it nije boek om in moard mei de oarloch as eftergrûn. Alles wiist der op dat it ek no wer om in ôfrekken giet, mar dat pakt dochs oars út. Van der Velde is in master om mei koarte, lakonike sintsjes in hiele problematyk op te roppen:
‘Dan krigen jo lykwols al in gatsje yn it fytsplaatsje. Elk koe sadwaande sjen dat jo wurkleas wienen. En dat wie ús heit yn 'e wei, dêr skamme er him foar, dat hy woe eins net op 'e fyts fuort. Us buorman Ingbert is der NSB-er om wurden.’
‘Homme seit: ‘Ik ha der frijwat oer lêzen, ik ha der oer neitocht en ik bin der net wis fan oft ik it wol goed dien hie as ik yn dy tiid by de plysje west hie. Miskien hie 'k as jong plysje en yn opdracht fan myn earste kommissaris wol joaden út har huzen helle en op transport steld.’
Hoe knap Van der Velde de oarlochsproblematyk ferarbeidet yn in detektive docht wol bliken as men sjocht nei de twa boeken fan
| |
| |
Riek Landman. Yn har beide boeken hawwe de moarden ek de besettingsjierren as eftergrûn (yn Eastenryk en Frankryk), mar de yntrige is folle slopper en de klam leit mear op de deistige saken fan twa freondinnen.
Yn it autobiografyske part fan De reade bwarre beskriuwt Trinus Riemersma hoe't de krisisjierren syn famylje oanpakten en hoe't mei de komst fan de Dútsers de arbeiderslju it ynearsten better krigen. Hy brûkt dêrfoar it ynkomstenlistje dat syn heit altyd byhâlden hat as bewiis. Syn boek jout in tige nuansearre byld fan hoe't gewoane minsken de holle boppe wetter hâlde koenen. Yn in oar part fan syn boek lit er sjen hoe't in gernierssoan, dy't ynearsten net fout en net goed is mar gewoan oerlibje wol, dochs in kollaborateur wurdt.
Lang wienen Rink van der Velde en Anne Wadman de skriuwers dy't de measte boeken oer de oarloch skreaun hienen. Dêr is Durk van der Ploeg bykommen. Hy kaam yn 1988 mei De jacht, dat in sekuer opboud byld jout fan de krisisjierren yn Ealsum, in doarp boppe Dokkum. It hâlden en dragen fan minsken yn 'e oarloch is yn dat boek werom te bringen nei wat er yn dy jierren bard is. Hoe fitaal de oarloch as literêr ûnderwerp noch altyd is, docht bliken út de trije (!) romans dy't Van der Ploeg yn 1994 en 1995 útbrocht hat.
It wrede foarjier is in rekonstruksje fan it lêste oarlochsjier op in pleats - wer yn Ealsum. Der wurde wapens dropt, der binne ûnderdûkers, mar de ferteller, in jonkje fan fjirtjin mei der neat fan witte. It stekt him dat er net foar fol oansjoen wurdt. Op in dei fynt er in kûgel dy't er yn samar in jas oan 'e kapstok opberget. Dan komme de Dútsers, fine de kûgel en dan witte se dat der wapens wêze moatte. De heit en in ûnderdûker wurde deasketten, in evakuee rekket nei in kamp. Nei De fûke is dit de earste kear dat de terreur fan de Dútsers wer ris echt fielber is. Krekt as yn De reade bwarre wurdt yn dit boek in hiel detaillearre byld jûn fan de oarlochsjierren fan in gewoane famylje.
De reis nei de kalkman is in ambisjeuze roman oer wat der bart as de Dútsers weromkomme yn Fryslân, diskear as rekreanten. In Dútse famylje komt yn it hûs neist dat fan de widdo fan in fersetsstrider te wenjen. De man hat soldaat west, mar oars as syn heit en broer, wie er gjin fûle nazi. As syn houlik mislearret wol er mei de widdo trouwe, dy't dat eins ek wol wol. As hy lykwols de deadebetinking op 4 maaie bywennet folget in doarpsgerjocht en de man rekket dea. Durk van der Ploeg jout in soad omtinken oan de eftergrûn fan de Dútser en docht dat mei sympaty. Günther en syn famylje wienen likegoed slachtoffers fan Hitler.
| |
| |
Yn It lekken oer de spegel, Van der Ploeg syn (ynearsten?) lêste oarlochsroman, wurdt de heldedea fan de broer fan de ferteller, nei fyftich jier dochs noch ta wiere proporsjes werombrocht.
Wat de oarloch foar de Dútsers betsjutte, wie ek al oan 'e oarder kommen yn Tiid fan libjen fan Willem Verf. Yn dat boek komt in Fries yn Noard-Dútslân telâne en rekket yn 'e kunde mei in frou en mei neo-nazi's. De frou is feministe en lid fan de Grünen. Har mem en beppe hawwe slim te lijen hân fan de oarloch. De man en de frou besykje mei help fan de plysje, in groep neo-nazi's te ûntmaskerjen. Dat slagget, mar it is oan 'e ein fan it boek net wis oft se ûntkomme sille oan 'e wraak fan de lieder.
| |
Nei fyftich jier.
Wa't de hichtepunten út fyftich jier oarlochsliteratuer lêst, Kûgels foar in labbekak, By de duvel to bycht, De fûke, De ôfrekken, De wuttelhaven del, De reade bwarre, De reis nei de kalkman, kin gjin swart-wyt byld fan de oarloch mear koesterje. Der binne noch wol inkele helden, mar Fryslân as heldenaasje, dat byld komt net werom. Seis romans dy't it byld fan it ferset, fan de ‘foute kant’, fan de Dútsers totaal feroare ha. Wat is der foar de helden yn 't plak kommen? Yn alle gefallen gjin kompleet byld fan: ‘sa hat it west!’ De kompleksiteit fan dy fiif jier en de gefolgen dêrfan is allinnich mar grutter wurden.
Binne der noch mooglikheden foar de roman? It tal lêzers en skriuwers dy't it allegear sels meimakke ha, wurdt hurd minder. Oarlochsromans wurde strak histoaryske romans, dêr't de skriuwer research foar dwaan moat om de lêzer te oertsjûgjen. De fraach is oft soks de kwaliteit fan de literatuer net heger meitsje sil. De oertsjûgjenste romans oer de besettingsjierren binne, sa docht bliken, gauris skreaun troch guon dy't der sels net al te tichtby stien ha.
Wat is lizzen bleaun? Opfallend bliuwt dat de joadske ûnderdukers en de evakuees mar sa'n bytsje omtinken krige ha. It giet hast altyd om eigen lot en hâlding. De problematyk fan in toanielstik as Leedvermaak (Judith Herzberg), in roman as Het jongensuur (Andreas Burnier) of Voor een verloren soldaat (Rudi van Dantzig) is bûten de Fryske literatuer bleaun. Dat soe nochris feroarje moatte. Ek in oertsjûgende roman oer it ferset is der noch net.
De minsken dy't dêr oant no ta romans oer skreaun hawwe, wienen foar de goede distânsje, der fierstente folle by belutsen. En hoe gie it bygelyks fierder mei al dy piloaten, dy't oan Swol ta brocht waarden en dan troch de Pyreneeën wer nei Ingelân gienen? Wy kinne noch wol eefkes foarút.
|
|