| |
| |
| |
Babs Gezelle Meerburg
It sykljocht op Noardfryslân
Noardfryslân yn 'e eagen fan Westerlauwerskfryske skriuwers: fan Mare Frisicum nei rudimint
‘Heimat ist Sprache’. Dat wiene wurden fan Oskar Maria Graf dêr't Jakob Tholund syn rede foar de ‘Tagung über Sprache en Kultur der Nordfriesen’ in Sankelmark 1989 mei einige. Tholund pleite dêrmei foar it brûken fan it libben Frysk op allerhande gebieten fan it libben. De ferantwurdlikheid dêrfoar lei er by de brûkers fan dy taal, de Noardfriezen. Yn hoefier't hja har dêr foar ynsette, hinget ôf fan taalmacht, mar ek fan har identiteit. Yn hoefier beskôgje hja harsels as Friezen?
| |
Welche Heimat ist Sprache?
Ut 'e literatuer kinne wy in byld krije yn hoefier't de minsken har troch de tiden Friezen fiele. De fraach dêr't ik op yngean wol, is: hokker rol spilet Noardfryslân yn de identiteit fan de Westerlauwerske Friezen sa't dy nei foaren komt yn har literêre produkten? Mei oare wurden en weromgripend op Oskar Maria Graf: Welche Heimat ist Sprache? Ik sil earst ûntjouwingen yn it tinken dêroer ynventarisearje en besykje dan ta in literêr-histoaryske ferklearring te kommen. Ik behein my ta proaza en poëzy fan de tweintichste ieu.
Westerlauwerskfryske literatuer oer Noardfryslân ha ik opsocht yn It Heitelân, De Strikel, De Tsjerne, de Studinte-almanak, De Stim fan Fryslân, blomlêzingen fan Fryske literatuer en samle wurken fan guon skriuwers. It oersjoch sil fêst net kompleet wêze. Eventuele oanfollingen hear ik graach. Nei't ik in oersjoch lingen hear ik graach. Nei't ik in oersjoch jûn ha fan plakken dêr't Noardfryslân foarkomt en inkelde grutte linen dêryn oanjûn ha, set ik de fizy op Noardfryslân út de Westerlauwerskfryske literatuer yn in breder maatskiplik en literêr-histoarysk ramt.
| |
Westerlauwerskfriezen oer Noardfryslân
Fansels bestiene ek foar de tweintichste ieu kontakten fan Westerlauwerskfriezen mei Noard- en mei Eastfriezen. J.H. Halbertsma korrespondearre mei G.H. Ehrentraut en mei de Noardfryske Knut Jungbohn Clement dy't Halbertsma syn Lapekoer oersette; Rinse Posthumus en De Haan Hettema
| |
| |
makken in reis troch it Sealterlân; fia it Selskip fan 1844 hiene Harmen Sytstra en Tiede Roels Dykstra kontakten mei Noardfryslân. Beskate Noardfriezen wiene lid fan it Selskip 1844. De Westerlauwerskfriezen hiene benammen taalkundige ynteresses. De eftergrûnen foarmen romantysk-nasjonalistyske ideeën fan ferbûnens mei Skandinavië, Frisia Magna en Mare Frisicum. De belangstelling resultearre op literêr mêd yn reisferslaggen en oersettingen fan Noardfryske poëzy, al moat men jin by de oersetfrekinsje net tefolle foarstelle. Kl. Dykstra neamt yn syn dissertaasje Oersettingen yn it Frysk (1960) in getal fan 0,3 kear jiers foar 1896.
Nei de Earste Wrâldoarloch socht Douwe Kalma mei syn Jongfryske Mienskip kontakt mei de Noardfriezen. Hy stie dêr net allinnich yn, ek leden fan it Kristlik Frysk Selskip, benammen Eeltsje Boates Folkertsma, fielden har by de Noardfryske taalstriid belutsen. Direkt nei de Earste Wrâldoarloch wie der yn Noardfryslân ferdieldheid ûntstien oer oansluting fan stikken by Denemarken of by Dútslân. De Westerlauwerskfriezen mongen har ek yn dat konflikt, mar wiene it ûnderinoar lang net iens. Folkertsma skreau stikken dy't anty-Dútsk en pro-Deensk wiene, Kalma seach krekt mear yn de pro-Dútske Nordfriesische Verein. Folkertsma rjochte yn 1929 in Greatfrysk Striidbûn op dat ta doel hie om de West- en Noardfriezen te ferienigjen yn har striid tsjin de nasjonale Nederlânske en Dútske regearingen. Hy wie dêrmei Douwe Kalma in slach foar dy't wat ferlykbers fan doel wie.
Yn de jierren '20 en '30 waarden de kontakten tusken de Fryslannen hieltyd frekwinter. It earste grutfryske kongres wie yn 1924 yn Jever en yn 1930 waard de Fryske Rie (Friesenrat) oprjochte dy't kongressen, reizen ensafuorthinne fersoargje soe. Foar de Noardfriezen wiene dêryn allinne pro-dútske Friezen fan de Nordfriesische Verein fertsjintwurdige. Nettsjinsteande dat de machtsoername fan Hitler yn 1933 fan ynfloed wie op alle kulturele ferieningen, dus sawol op pro-Dútske as pro-Deenske ferieningen, bleaunen oant it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch de kontakten tusken West- en Noardfryslân oerein. Gj. Zondergeld skriuwt oer de ynterfryske kontakten yn dy tiid yn syn dissertaasje De Friese beweging (1978).
Behalve politike geskriften levere dat literêr wurk op. It gong om oersettingen - gemiddeld ien yn it jier, sa skriuwt Dykstra - fan wurk fan M. Nissen en M. Lorenzen. Fierder ferskynden reisferslaggen fan Madzy, J.P. Wiersma, Douwe Kalma en Anne Quarles van Ufford en yndrukken fan Noard-Fryslân troch Joh. Rickers. Orizjineel Westerlauwerskfrysk wurk dêr't Noard- | |
| |
fryslân in rol yn hie waard skreaun troch J.B. Schepers, D. Kalma, R. Sybesma en O. Postma. Op dat orizjinele wurk út de foaroarlochske jierren gean ik wat neier yn. Reisferslaggen lit ik eefkes bûten beskôging, om't dy wat in oar karakter hawwe.
‘Dit is heel Fryslân’, sa skriuwt Obe Postma yn syn gedicht nei oanlieding fan Friedrich Paulsen, ‘[...] oer ieuwen skaet en dochs ús folk sa nei’. Postma fielt him besibbe oan Friezen yn Noard-, East- en Westfryslân, fan it Noardhollân fan hjoeddedei oant Sylt. Hy beskriuwt hoe moai it is om nei de Halligen te gean, de minsken oan it wurk te sjen en de taal te hearren. De Jongfriezen Kalma en Sybesma skriuwe oer it grutfryske idee fan de Mare Frisicum: ‘De Noardsé ienris de Friezene sé’, neffens Sybesma. Bedriigjend fynt er de ûntfrysking. Hy ropt de Friezen op ta ienheid en striid:
Noarderfolk, herriizje as it Friez'ne folk,
Om 'e frijdom, jimme erflike kroane;
Manmachtich om Redbad syn troane
J.B. Schepers, dy't sawol yn it Hollânsk as yn it Frysk dichte, hat trije fersen oer Noardfryslân skreaun. Ek hy is bang dat de Fryske sprake ferlern giet troch ynfloeden fan bûten, lykas Kalma en Sybesma. Hy rjochtet him oan in boerinne op Hilligenlei:
Jo laken mei krytgeve tosken
Twa jonkjes holpen mar wakker
Yn 't gêrske-swyljen mei.
Jou tredde siet stiltsjes to puozjen
En stil wie de pôle rounom;
Jo hienen mar nocht oan ús komst dêr
Ei siz my boerinne, hwerom?
Siz, wier't omdat heech op jins terp noch
En hearden je yn uzes de wjergalm,
Kaem 't sa dat jou each ús tablonk?
Wy komme werom, hear boerinne,
Bliuw foarpost op Hilligenlei,
Wy komme werom en wy bringe
Us eigen Fryskens wer mei.
O laitsje mei krytgeve tosken
Us dan op jins pôle wer ta:
Dan laitsje wy allegjerre,
Omdat wy ús Frysk hâlden ha.
Noardfriezen en Westerlauwerskfriezen steane nêst-inoar yn 'e striid tsjin de oantaasting fan de taal en yn de striid tsjin it wetter, lykas Schepers syn fers oer de Noardfryske dykgraaf Wilhelm Ketelsen sjen lit:
Ek oer ús fjilden gong de floed
Us dykgraaf stie ek fêst:
| |
| |
‘Dou dêr, ik hjir!’ wier 't wird fen moed
En - it byljen wykte op 't lêst!
Wer West- en Noardfries stean togjerre
Dêr sil it Fryze folk net stjerre
Schepers skreau fierder in fers oer ferskrikkingen op Helgolân nei de Earste Wrâldoarloch en de oarloch is in tema dat yn de literatuer nei de Twadde Wrâldoarloch faak weromkomt. Yn de jierren 1946 oant 1955 is de belangstelling foar Noardfryslân fan de kant fan de Westfriezen grut. Der binne persoanlike kontakten (bygelyks Tiny Mulder mei James Krüss), de oersetfrekwinsje is relatyf heech mei trije oersettingen jiers en yn de tydskriften ferskine stikken oer Noardfryske literatuer fan Smilde, Obsen George en Sikkema. Noardfrysk wurk wurdt yn it Westerlauwersk oerset fan ûnder mear M. Lorenzen, Albrecht Johannsen en L.C. Peters. De wichtichste Westfryske oersetters yn dy jierren binne Groustra, Sikkema en Smilde.
Yn it orizjinele wurk dêr't Noardfryslân yn foarkomt, is oarloch faak it tema. Dam, Eysinga, Rely en Folkertsma tematisearje it elk, mar op in hiel oare manier. Dam is yn 1944 by in razzia nei Dútslân, nei Noard-Fryslân brocht. Yn syn fers ‘Nacht in Sankt-Margarethen’ hat de ik-persoan langstme nei hûs, nei Fryslân en nei syn leafste, wylst er yn it Lager sit en wyn en wetter heart. ‘Wurd fan treast’ en ‘Oars neat’ geane oer de ûnrêst fan de ‘ik’ yn it gedicht en de fergonklikheid fan libben en relaasjes. Ut beide gedichten sprekt hope op frede en in oar libben. De Noardfryske natuer is yn dizze fersen it dekôr en net it tema. Dam syn koarte ferhaal ‘Ilse Rohde en it eilân’ spilet op Sylt yn 'e oarlochsdagen. Op Sylt hat de dichterlike ‘ik’ syn kâns om in pear lokkige mominten mei in frou te hawwen, ferspile. ‘Souvenir’ giet oer in transport dêr't in freon fan it haadpersonaazje, in meigefangene, in kapper út Marseille, by omkomt. De ‘ik’ wit dat it lot krekt likegoed him treffe kinnen hie. Yn dizze koarte ferhalen dy't in moderne toan hawwe, is it Noardfryske lân dekôr fan de oarloch.
De oarloch is it tema yn it fers fan Eysinga dy't nei oanlieding fan in krante-artikel yn de Leeuwarder koerier de reade rots fan Helgolân sels oan it wurd komme lit:
Wol Friezen, gjin rousang oer my sjonge Wie great myn libben - great myn tragyk, Hat dochs de skiednis jim dieden - [...] [...] - forwiisd ta de romantyk?
Folkertsma, dy't troch de jierren hinne tige belutsen wie by Noardfryslân en dêr ek minsken koe, skreau in moai fers oer Helgolânske fiskers dy't bloeiende reade roazen plôke hiene op in ferwoastige Helgolân, as sym
| |
| |
boal fan hope:
Noch bloeije op Helgolân de roazen,
Noch bloeije hja, útdaegjend rea,
Mids fjilden pún, eazende hoazen
Fel stiel bloeit libben út 'e dea.
Rely Jorritsma freget him yn 1952 ôf wat der fan Helgolân komme moat nei't de bombardeminten ophâlden binne: wurdt it in natuerreservaat of ‘sille hja it âlde Fryske sa stadichoan útslûke foar badpalast, roulette en baccaraet?’
Nei de jierren '50 rint de belangstelling foar Noardfryslân yn de Westerlauwerskfryske literatuer werom. Sa út en troch komt Noardfryslân nochris foar, noch it meast by de Reiddompskriuwers, fan de minsken dy't koart nei de oarloch debutearren en benammen bekend wurden binne mei harren koarte ferhalen. Foarbylden hjirfan binne ferhalen fan Geart Jonkman, ‘De forantwurding fan Foppe Feanbaes’ en ‘Jorn en Mattje’ en de boartlik-romantyske fersen fan Marten Sikkema:
De reade rots yn fryske see.
betsjut foar ús in hillich stee
no't wy ús stappen sette kinne
mei wyn en weagen om ús hinne
op 't grien lân, it wite sân...
Symboal fan frijheid: Helgolân.
In byld fan de noarmen op Sylt yn de twadde helte fan de foarige ieu jout Poortinga yn syn koarte roman, Ik haw in man stellen út 1966. De fersebondel fan Jan Dotinga út 1971 draacht de titel Finster op Helgolân. De titel fan de bondel komt werom yn de opdracht. Mei it eilân hat dy titel net folle te krijen, mar wol mei skriuwersambacht en it wurkjen mei taal: ‘in hûs fan wurden bouwe / en mei wreed frjemde lûden / in wrâld yn pún / it libben in dykbrek / de minsken hawwe stienkoale eagen / mar earne moat in finster / op helgolân wêze’.
| |
Kontekst
Yn de Westerlauwerskfryske literatuer fan hjoeddedei komt Noardfryslân eins net mear foar. Yn de nijste blomlêzingen steane gjin fersen oer Noardfryslân en oersettingen ferskine ynsidinteel. De ôfnimmende belangstelling foar Noardfryslân fan ús jonge, Westerlauwerskfryske skriuwers kin ferklearre wurde út 'e maatskiplike en kulturele kontekst.
Typysk foar Fryslân is dat de modernisearring letter op gong kaam as yn 'e rest fan Nederlân en West-Europa. Nei de oarloch wreiden har de yndustrialisaasje en de tsjinstesektor út. De wurkgelegenheid yn 'e lânbou naam troch meganisaasje ôf, de wolfeart waard grutter. De maatskippij wie hyl- | |
| |
tyd minder agrarysk. Fryslân rekke de relatyf isolearre posysje kwyt mei grutte gefolgen foar de Fryske taal en it folkslibben.
De Fryske literatuer dy't foar de oarloch minder lykop rûn mei ynternasjonale kulturele streamingen begûn nei de oarloch dy oansluting mear te krijen. Nij is, dat direkt nei de oarloch in soad koarte ferhalen ferskine. Yn Dútslân is dat ek sa. De koarte ferhalen binne oars as de foaroarlochske ‘sketsen’, azemje de geast fan de Amerikaanske short-stories en beskriuwe de minske yn eksistinsjele sitewaasjes. De manier fan fertellen is oars as foar de oarloch, der komme nije personaazjes: ‘Het is niet toevallig dat Friese dichters de liftboy bezingen of de interessante boer uit de nieuwe polder, die de hele nacht door, met de koplampen op, zijn motorploeg over het eindeloze veld stuurt; de conductrice, de administrateur van het grote ziekenhuis, een krankzinnige worden aantrekkelijker objecten voor de romanschrijver dan de boer en de arbeider; het is alweer niet toevallig, dat J.P. Wiersma in zijn nieuwste roman zijn heldin door nagenoeg geheel Europa laat trekken’, sa seit Brouwer yn syn lêzing foar de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde yn 1954. Moderne koarte ferhalen kamen benammen fan de Reiddompskriuwers. Dizze groep skriuwers hie feeling mei de Noardfriezen, hie kontakten dêr en sette him ek aktyf yn foar de Helgolanners doe't har eilân bombardearre wurde soe. Skriuwer Geart Jonkman die mei oan in besettingsaksje fan it eilân.
Geandewei komt der in skieding tusken sirkwy's fan Fryske beweging en literatuer. Skriuwers binne nei de twadde helte fan 'e jierren '60 net mear ynteressearre yn nasjonaal bewustwêzen, mar yn klassebewustwêzen, net yn de nasjonale identiteit, mar yn seksualiteit, net yn in kollektyf Frysk folk, mar yn it yndividu. Der is gjin plak foar ferhearliking fan it mienskiplik ferline, mar krekt in ferset tsjin de heiten en tsjin foarige generaasjes. De jonge Fryske skriuwers meitsje harren geandewei los fan de taalbeweging en der komt in nij, yndividualisearre bewustwêzen. Dat kin ferklearje wêrom't Noardfryslân yn de nijste literatuer net mear foarkomt: ‘Heimat’ beheint him wat de literatuer oangiet benammen ta it eigen Fryslân, ta de eigen Westerlauwerskfryske taal. Noardfryslân makket langer fan dat Heimatsgefoel gjin diel mear út. Mei't de bûthúsbank ferlitten is, is ek Noardfryslân út it repertoire fan de moderne dichters ferdwûn. As der yn ús literatuer eat mei dien wurdt, komt dat troch persoanlik ynteresse en partikuliere ynisjativen. It Noarffryslânnûmer fan Trotwaer yn 1992 is dêr in foarbyld fan.
Noardfryslân is foar in protte Westfriezen sa njonkenlytsen in ‘ûnbrûkber rudiment’
| |
| |
wurden. Dat gefoel beskriuwt Bartle Laverman yn syn fers ‘Lânfolk’ oer it argayske agraryske Fryslân:
de groun hat harren ruile
fortellers fan forgetten forhalen
(hurry Ype hein dit lêste lûd)
mar ek it hea hat oan syn eigen rook
de tekens dy't ik skriuw:
Om by ‘Heimat ist Sprache’ werom te kommen: yn 'e foarige ieu wie yn de Fryske literatuer fanwege de mienskiplike taal fan in mienskiplike of in as mienskipik ûnderfûne Heimat sprake. Hjoeddedei hawwe East-, Noard- en Westfriezen, de taal noch mienskiplik, mar is der yn 'e literatuer gjin mienskiplike ‘Heimat’ mear. Yn it moderne bewustwêzen ûntbrekt dat.
Wat bliuwt is dus de mienskiplike taal. Kontakten tusken de Fryslannen sille harren beheine ta fermiddens fan taalkundich ûndersyk, filology, taalpolityk yn Mercator of it Europeesk Buro fan Lytse Talen. De Noard-, West- en de Eastfriezen binne op dy manier gjin direkte stambruorren mear, mar sille as fiere bûtenlânske freonen yn it bûnte mozayk fan de Europeeske talen oparbeidzje.
| |
Oersjoch Westerlauwerskfryske literatuer fan 'e tweintichste ieu oer Noardfryslân
Dam, F., ‘Souvenir’, yn De Tsjerne (1946), pp. 180-183; ‘Wurd fan treast’, yn De Tsjerne (1946), pp. 290; ‘Lagerlietsje’, yn De Tsjerne (1946), pp. 106; ‘Nacht in Sankt Margarethen’, yn Frieslands dichters (1949), pp. 343; ‘Ilse Rohde en it eilân’, yn Sawn is in galgefol. Drachten 1951, pp. 7-12. |
|
Dotinga, J., Finsters op Helgolân: fersen. Bûtenpost 1974. |
|
Eysinga, W., ‘Hilgolân’, yn It Heitelân (1946), pp. 132. |
|
Folkertsma, E.B., ‘Roazen fan Helgolân’, yn De Tsjerne (1951), pp. 242. |
|
Jonkman, G., ‘De forantwurding fan Foppe Feanbaes’ en ‘Jorn en Mattje’, yn: Jonkman, G., Tusken dea en dream. Boalsert 1967, resp. pp. 5-40 en 185-190. |
|
Kalma, D., ‘Noardfryslân’, yn It Heitelân
|
| |
| |
(1929), pp. 3, 40 en (1930), pp. 239, 275, 300 en fierder; ‘It tredde kongres’, yn It Heitelân (1930), pp. 238-239; ‘Ta nijjier oan 't Helgolânske folk’, yn: It Heitelân (1931), pp. 6. |
|
Laverman, B., ‘Lânfolk’, yn Skimerlânskippen. Ljouwert 1973, pp. 22. |
|
Madzy, ‘Yn it lân fen de Noardfriezen’, yn Sljucht & Rjucht (1906), pp. 397, 411, 421, 433, 447, 457, 469, 481, 493 en fierder. |
|
Obsen George, Dr. E., ‘Noardfryslân en de wrâld’ (oer: Elise Heitmann, Naiere tääle üt näi än fir. Flansborj 1969), yn De Strikel (1970), pp. 42-43. |
|
Postma, O., ‘By Aus meinem Leben fan Friedrich Paulsen’, yn Samle fersen II (1949), pp. 34; ‘Greater Fryslân’, yn: It Heitelân 1936, pp. 141 (Samle fersen II, pp. 100); ‘Fan it Fryske lân’, yn: Frysk en Frij, 18 maaie 1951 (yn Samle fersen II, pp. 109-110). |
|
Quarles van Ufford, A., ‘Stambroerren’, yn It Heitelân (1933), pp. 226-229. |
|
Rely, ‘Frede op Helgolân’, yn It Heitelân (1952), pp. 167. |
Rickers, J., ‘Sketsen út Noard-Fryslân’, yn It Heitelân (1924), pp. 163 en (1925), p. 110, 228, 299, 635 en fierder. |
|
Schepers, J.B., ‘Oan Wilhelm Ketelsen’, yn It Heitelân (1930), pp. 268; ‘Oan in boerinne op Hilligenlei’, yn It Heitelân (1930), pp. 324; ‘Oarlochsleed. Oan Anna Boyman op Helgolân’, yn It Heitelân (1930), pp. 327. |
|
S[ybesma], R.P., ‘Fryslân’. Yn: It Heitelân (1933), pp. 229. |
|
Sikkema, M., ‘Berjocht út Noardfryslân wei’, yn Lyts Frisia july-sept. (1990) en ‘Helgolân’, yn it oktober-desimbernûmer fan datselde tydskrift yn (1990); Meerburg, G., ‘Ta in Frysk jubileum’, yn De Strikel (1988), nû. 1 (jan.), pp. 21-22. |
|
Smilde, B., ‘Inkelde aspekten fan de Noardfryske literatuer’, yn de Studinte-almanak fan 1955, pp. 50 en fierder. |
|
Tholund, J. (gearstaller), Noardfrysk nûmer fan Trotwaer, Boalsert 1992. |
|
Wiersma, J.P., ‘In reis troch Noard-Fryslân’, yn It Heitelân 1926, pp. 314, 327, 338, en fierder; ‘It stribjen fen de Noardfriezen’, yn It Heitelân (1926), pp. 470, 482, 494, 506, 530, 554, 566, 590 en fierder; Helgolân, Ljouwert 1930. |
Dit stik is in bewurking fan in lêzing dy't 13 maaie 1995 op Helgolân hâlden is foar de Fryske Rie.
|
|