Fan 'e redaksje
Jurjen van der Weg
De skriuwende VUT-ter en de sifers
In minske wol wolris wat. Ik mei bygelyks graach oer resepsjes en oare iepenbiere gearkomsten. Jo kinne dat wol: bakje kofje, praatsje, slokje, hapkes en in soad minsken dy't wakker mei harsels te keap rinne. It is in plak dêr't men konsumearje kin en op itselde stuit de yndruk jout dat men tige nuttich dwaande is. Netwurkje is in nij wurd, mar in âlde praktyk... Doe't myn studintetiid nei de ein rûn, waard it lykwols stadichoan minder mei - benammen- de slokjes.
Lokkigernôch krijt de redaksje fan Trotwaer geregeldwei útnoegingen foar eveneminten yn it Fryske literêre wrâldsje. In pear dêrfan koe ik fansels net sjitte litte. It nije fermidden hie my daliks yn 'e besnijing. De alderearste kear dat ik de doar iepen die en tusken de Fryske skriuwers stapte, waard it my lyk griis foar de eagen. Op jierdeifeesten fan famylje kaam ik as jong studintsje noch wolris wat âlde minsken tsjin, mar nea safolle griiskopkes as doe yn 'e Skierstins. It wie suver in kultuerskok.
Doe't ik der wat ta wend wie, seach ik dat tusken it oerhearskjende griis ek wol wat reade burden, swarte snorren en blonde kapsels omstapten. It kwea wie doe lykwols al dien. It idee fan skriuwende VUT-ters en AOW-ers, dy't harren wil oplizze oan 'e Fryske literatuer, hie him al fiksearre yn myn harsens.
Hast twa jier en ferskate resepsjes letter sit it der noch. It is ek wol behaachlik, it hawwen fan sa'n idee. De foargongers fan ús generaasje hawwe ek ienris in âldere garde hân, dêr't hja har tsjin ôfsette koenen. Riemersma, Boersma en de Haan hawwe yn harren jonge en revolúsjonêre jierren fêst ek mei de grize massa ôfweefd.
Behaachlik en histoarysk ferantwurde of net: de lêste tiid frege ik my hieltyd mear ôf oft myn idee wol doogde. Wie it folk, dat op literêre gearkomsten ôfkaam, yn âldens wol represintatyf foar de Fryske skriuwerij? Sa'n probleemstelling freget om in ûndersykje nei de âldens fan de Fryske skriuwer.
In probleem wie it finen fan in geskikte databestân. De samling skriuwers yn it skriuwersalmenak foldocht net hielendal. De