tige respektearre kultuerredakteur fan 'e Hoofdomrop en in goed ûntwikkele meiwurker fan in sakeblêd fan myn groeiproses mei Om Teatske ôf. Sa't sein is, dit is gjin reden ta selsbeklach, want ik haw oer oandacht gjin kleien. Eins, om earlik te wêzen, moat ik Doutsje gelyk jaan dat ik it wol moai fyn. En dochs doocht it net, dy pystige reaksjes allegear op dat iene wurdsje seks. Nei De smearlappen en Fabryk ha wy dat yn Fryslân dochs wol hân, soe men hoopje. Yn Dr. Kildare wurde aardich mear hichtepunten belibbe as yn Om Teatske. My gong it by dit skriuwen nammers net om seks mar om lot en leafde, yn dy folchoarder.
Doe't Tolstoj yn 'e jierren 1865-1869 de tsjokste roman út 'e wrâldliteratuer Oorlog en Vrede skreau, krige er fan alle kanten strips oer syn histoaryske opfettings. Dy doogden net. De frede fan Tilsit hie er sels heal en heal beskreaun as in oerwinning fan de Russen!
De siel, nei de publikaasje fan syn roman yn fiif dielen befrijd fan syn romantyske ferhaledrift en al foar in part ta kristlik passifisme bekeard, begûn syn fisy te ferdigenjen. Wylst er gewoan ferwize kind hie nei de kwaliteit fan syn ferhaal, bejoech er him op in slachfjild dêr't er autodidakt en dilettant op wie, dat fan 'e skiednis. Sa waard er in maklike proai, om't er mei beide fuotten yn in wittenskiplike tradysje stie dy't al in ieu efterhelle wie.
Dat is myn skrikbyld: gjin skriuwer wêzende, gjin literator, gjin psycholooch noch medikus, gjin psychiater en gjin teolooch, haw ik in ferhaal skreaun dat al dy fjilden beslacht. Winliken soe ik mei elkenien wol diskusjearje wolle oer literêre, psychologyske, medyske, psychiatryske en teologyske aspekten fan dit ferhaal, mar ik soe by alle ûnderwerpen in útwedstryd spylje. En boppedat leit dy diskusje de reek en de neare rook oerhinne fan seks dy't der net yn stiet en net yn stean moat, feroarsake troch minsken dy't mear aardichheid hawwe oan stekkers en stopkontakten en it opportunisme fan de skriuwer Klaas Jansma, as oan in boek fan 224 siden dat noch ferskine moat.
Dêrom, foar Teatske en har ferhaal, freegje ik yn alle needrigens om it mar foar himsels, ‘autonoom’, sprekke te litten. Dat wy meiinoar beare meie dat it net troch my skreaun is, net troch de KFFB útjûn, net beoardiele troch in sjuery mei in opmerking oer frijmoedige leafdesbeskriuwings. En dat wy mar krekt dogge as wie der noch net in letter oer skreaun.
Hoe wiis myn oare ik ek mei alle oandacht yn 'e media is.