Sietske de Jong
Durk Hibma en de literatuer
Durk Hibma fynt kneppels smite op syn tiid in aardige beuzichheid, skriuwt er yn Trotwaer. De kneppel dy't er yn Trotwaer 2 de loft yn goaide, hie wol fertuten mar op in oare wize as Hibma yn 'e holle hie.
Hibma hâldt ek fan harsensskraabjen. Neffens my sit er wat in frjemde kronkel yn syn holle. Hibma skriuwt nochal minachtsjend oer it literêre wrâldsje (ik sitearje: ‘... espeltsje skriftgelearden dy't inoar mei kritiken bestoke en letter noch in skoft omkôgje meie op in essay’). Boppedat neamt er de literêre skriuwers ‘heechlearde literatoaren’. Dy ‘heechlearde literatoaren’ wurde troch Hibma oproppen om harren wurk tagonkliker te meitsjen sadat der mear Frysk lêzen wurde sil. Hibma hopet dat syn ‘gouden tip’ in stimulearjende en kwaliteitsferbetterjende útwurking hat. Dan hat er teminsten net foar neat harsensskrabe en kneppels goaid. Stimulearje ensf. is allinne mar mooglik as it op freonskiplike basis bart, skriuwt Hibma. Hjir sit Hibma syn frjemde kronkel: minsken, ek skriuwers, litte har net earst minachtsjend behandelje om dêrnei goeie rie te akseptearjen. Hibma syn kneppel hat allinne mar stimulearre ta it opheljen fan 'e skouders.
Hibma hat as direkteur fan It Fryske Boek wiswier wol in stimulearjende funksje mar syn ‘gouden tip’ liket nearne nei: literatuer mei wol wat ûntagonklik wêze. Der binne foarbylden genôch, yn de Nederlânske likegoed as yn de bûtenlânske literatuer. Ik neam Gesloten huis fan Nicolaas Matsier, Diepe wildernis: de wegen fan Joao G. Rosa, tuin/as fan Danilo Kis, drege romans dy't as masterwurken bekend steane.
Hokker Fryske romans binne de lêste jierren foar de twadde kear printe? U.o. De reade bwarre fan T. Riemersma. Literatuer? Ja! Maklik lêsber? Nee! Ik freegje my ôf oft Durk Hibma wol wit wat literatuer is. Ik ha myn twivels.
Wêrút moat de funksje fan de direkteur fan It Fryske Boek bestean? Syn/har taak bestiet der út, dat der ‘folksaardige lektuer’ en ‘literêre masterwurken’ útkomme; it iene likegoed as it oare. Fan it iene komt der foldwaande út, mar fan it oare net, en dat is neffens my ien fan de redenen dat de ‘heechlearde literatoaren’ gjin Frysk mear lêze.