Sjoerd Bottema
De djipste gedachten fan Eppie Dam - in iepen brief
Under de alarmearjende koppen ‘Hoe tagonklik is literatuer foar de Frysk-lêzers?’ en ‘Wêrom lêst de Fries net mear Frysk?’ levert Durk Hibma in bydrage oan it idee dat Trotwaer gjin literêr tydskrift mear is. De fragen dy't Hibma stelt, binne earlike fragen. En it stik dat Hibma skriuwt, is in earlik stik. Mar it hie noait - alteast, net sûnder redaksjoneel kommentaar - yn in himsels respektearjend literêr tydskrift stean meien. In himsels respektearjend literêr tydskrift wit dat literatuer har eigen wegen giet, mei oare wurden: dat skriuwers inkeld skriuwe kinne wat se skriuwe moatte, ûnôfhinklik fan 'e Doelgroep. Dêr moat in literêr tydskrift hurd yn wêze, en oars kin it better opdoeke. In bydrage leverje oan 'e diskusje? Waai yn in knoop, dit is redaksjonele labbekakkerij.
(Eppie Dam, LC 26-5-'95)
do leffert fan 'e grachten
sa gau krij ik dy by de sturt
(Eppie Dam, De hûnsdagen)
Weidum, 30 - 5 - '95
Bêste Eppie,
Do skriuwst aardige stikjes. Moaie boeken. Foar lyts en grut. En prachtige gedichten: gjin tsjustere poëzij mar gedichten mei kop en sturt. Foaral dy sturt is faak de muoite wurdich:
yn it djipst fan myn gedachten
Fan mysels tink ik dat ek gauris. It bewiis sit noch yn myn computer: ‘ik ben een God in het diepst van mijn gedachten / almachtich en ivich, dat wol / sizze sa lang as it duorret / en it bliuwt pielen fansels’.
Ha 'k hielendal sels skreaun. Op dat iene sitaat nei dan, fan Willem Kloos. Ik ben een God in het diepst van mijn gedachten. Dat miende er ek noch, leau 'k. Hy hie wol mear fan dy opstigings: Kunst is de allerindivueelste expressie van de allerindividueelste emotie. Jaja. Ik doar der fergif op yn te nim-