Albertina Soepboer
Iepen brief oan Y. Qaspersmah
Achte hear Qaspersmah,
Jo hawwe jo wol drok makke tocht ik doe't ik jo stikje lêzen hie. Dêr mei ik wol oer as kritika, want eltse kritika wit dat se net de suvere stien hat. Dat soene jo as dichter dochs witte moatte. En elts goed ûnderboud stientsje is dan ek wolkom. Mar hoe't ik myn bêst ek doch, ik begryp wier net wat it ferline fan jo en de hear Smink der ta docht by in skôging. Dy ferhalen oer it bilskokken yn de jierren sechtich yn Gasterlân binne fansels wol aardich, mar dat makket Smink syn lingery dochs net oars?
Fierder begryp ik dat jo sels gjin muoite ha mei bleate wurden. Dat is moai foar jo. Ha dy jierren sechtich dochs noch wat opsmiten. Ik moat tajaan dat myn kennis fan de bibel net grut is, want ús heit en mem bil skokten ek foar it earst yn de jierren sechtich, dus dan witte jo wol hoe't dat giet mei God, de tsjerke en de bibel. Ik bin dan ek bliid mei dat bibelske stientsje fan jo.
Miskien hie ik yn dy jierren sechtich fan jo jong wêze moatten om jo en jo idee oer seks as in wanhoopsdied te begripen. Dan hie ik dat ek wol tocht at ik fan jo leeftiid wie. Of soe it komme omdat ik frou bin? Dy binne miskien wat minder wanhopich oer seks en bleate wurden. Betinke jo it mar.