net ferkeard ta dat ik ris mei jo yn 'e kunde kom, om ús ferhalen wat op elkoar ôf te stimmen, sis mar. Ik moat al witte wa't dy mokkeltsjes binne.
Lykwols, ik ha smaaklik lake om jo styl. Ien kear giet it echt mis: op 'e twadde side stiet nammentlik dat it yn myn poëzy funksje hat dat eroatyske suggestjes de boaiem ynslein wurde. As soarte fan útlis skriuwe jo: ‘Immen dy har net ris yn de leafde feriten hat en likemin in foege hûndert meter yn de skuon fan Smink rûn hat, kin soks net pleatse of begripe.’ Ik meitsje beswier om in tal dingen: ‘Immen dy har’ is in stylistyske ramp, prate we net oer, gewoan ferbetterje; ‘en likemin’ betsjut dat oan beide kritearia foldien wurde moat, ik sis noch oan it iene, noch oan it oare kritearium hoege lêzers te foldwaan, der is nammentlik mar ien kritearium en dat is dat se lêze; dy ‘skuon’, och ja, ik rin op bikkellearskes; ‘kin......begripe’ slút in duvelsk komplot mei in elite en neffens de hiele sin is dy elite der sels net om't alle samlings fusearre binne ta gjinien. (Jo gunne my dochs wol lêzers? Ik wit dat jo in residivist binne wat dat lêzen oangiet, dat jo sille it faaks oars bedoele?)
Bysûnder sympatyk fûn ik dat jo it anagram Minsk brûkten, dat is wol waarm foar my.
Jo sizze yn jo stik wier in soad fan dy waarme dingen, tankewol, mar ik tink al dat jo dat bilskokken èn dat sûpen op 'n duer berouwe sil, want besopen nûmerkes achter in fredestimpeltsje, of slimmer sa as ik de earste kear op in tsjerk-hôf, dêr moatte jo net grutsk oer dwaan. Jo kinne bêst yn 'e iepen loft bilskokke en sûpe (bygelyks yn jo achtertún), mar wês earlik, dy sturt fan de jierren sechtich hat allinne mar neidielich west foar jo karjêre. Albertina Soepboer is de njoggentiger generaasje, it koe in dochter fan jo wêze, as jo achter dat fredestimpeltsje in lytsen oanset hiene, bygelyks. Dat is echt wat oars en ik ken it famke net, mar ik wol har al hâlde... en dat sis ik om't sy my opfoel de earste kear dat se yn Trotwaer gedichten publisearre, jo kinne der Piter Boersma op neifreegje.
It hat yn dit brief net safolle doel om fierder op dy bondel en dy krityk yn te gean; ik wol dit eins net, ik wol eins net yn diskusje oer wat ik dien ha.
Foar de wissichheid stjoer ik oan de redaksje fan Trotwaer in ôfskrift fan dit brief, ik hoopje dat jo my gau weromskriuwe.
Mei achting,
Jacobus Q. Smink
P.S. Tjitte Piebenga docht it oer MINSKeGEDICHTEN noch mâler yn de LC fan 19 maaie, allinne al as it om argumintaasje giet.