fan Fryslân as ik. Neffens my binne wy alletwa noch fereale op dat stik lân, mei syn bosken, marren, hichten, greiden en dêromhinne altyd wer it Iselmar. In inkele kear wiene Smink en ik fereale op deselde mokkels. Op pinkstermoandei giene wy allebeide nei Riis om ús dêr in stik yn 'e kraach te sûpen. By Jans siet it fol Lemsters, Bakhústers, Wikelders en Staverslju. Guon leine te bilskokken efter it fredestimpeltsje. Jûns wie der dûnsjen by Damstra yn Bakhuzen. Dat is it êfterlân fan Smink en my. Dêr ha wy it frijen en it dichtsjen leard. Soepboer bin ik nea tsinkommen yn Gasterlân.
Albertina hat sûnder mis de bondel fan Smink in kearmennich lêzen. Iksels ha syn bondel no in kear as fiif-seis troch west en noch begryp ik guon fersen mar heal. Dochs fyn ik de taal prachtich, echt de taal fan in Minsk.
Dan Albertina Soepboer. Sy hat it oer Eros en sy hat gelyk, sawat de helte fan fan de fersen hawwe de erotyk as ûnderwerp, of in eroatyske ûndertoan. Neffens Albertina hat erotyk metafoaren nedich. ‘It ûntstiet troch subtiliteit en troch suggestje.’ It oproppen byld soe neffens Soepboer trochskimerje litte moatte wat der bart. Smink brûkt sawol metafoaren as bleate wurden. Albertina fynt dy bleate wurden mar neat en jout Smink djipgeand útlis fan saken. It docht komysk oan hoe't immen dy't noch mar krekt droech efter de earen is, in yn it poëtyske sâlt bebiten dichter de les lêst. Albertina leit neat út en ûnderbout har stellingen net. Neffens har wurdt de died yn dizze poëzij presys beskreaun. Ik ha der om socht, mar ik bin gjin inkeld fers tsjinkommen dêr't ekwivalinten ynsteane fan: ‘doe stiek ik myn stive kul yn har smachtsjende, dweiltrochwiete kûnt.’ Soks is keale porno en de eroatyske fersen fan Jacobus binne útsoarte net pornografysk.
De subtiliteit dy't Soepboer ‘mist’, hat Smink dus al yn syn fersen ferfrissele. It de boaiem ynslaan fan eroatyske suggestjes hat yn de poëzij fan Smink in funksje. Immen dy har net ris yn de leafde feriten hat en likemin in foege hûndertmeter yn de skuon fan Smink rûn hat, kin soks net pleatse of begripe. Dat dy swarte side net allinnich op de stof slacht, mar ek op de swarte side fan Smink sels, de swarte kant fan syn dichtsjen, is Soepboer folslein ûntkommen.
My tinkt dat Smink syn fersen al tige prikkeljend en orizjineel binne, ek wat de erotyk oanbelanget. ‘Nokturnen fan it begearen’ is in wanheapsfers, it frijen dêryn in wanheapsdied. Soks hat amperoan wat te krijen mei de geslachtsdied, mear mei de ûnmacht fan de haadpersoan om deryn te bliuwen, om it hichtepunt fêst te hâlden. In skitterjend vanitasgedicht, tinkt my.
Klisjees bin ik net folle tsinkommen. It troch Soepboer neamde foarbyld is in sank