Der binne twa fersen yn 'e bondel dêr't ik de sin net fan begryp. Se geane oer Tiny Mulder en binne, eufemistysk sein, net sa aardich. No hoege minsken en ek dichters fansels net altiten aardich tsjin inoar te dwaan, mar is in dichtbondel it plak om sa mei modder te smiten?
Der is ek noch in hiel skift mei fersen oer Fryske fuotballers. Ik wit net goed wat ik der fan sizze moat, want ik ha yn fuotbaljen noait wat oars sjoen as twaentweintich manlju dy't har twa kear trije kertier drok meitsje oer ien bal. Dus sil ik my ek net bekroadzje om fersen oer fuotbaljen en lit ik dat graach oan in oar oer dy't mear kennis fan saken hat.
De lêste fjouwer fersen geane ek wer oer it dichterskip. Hieltiten wer relativearret Eppie Dam it skriuwen en yn it lêste fers slachtet er syn wurden! Wat yn it earste kûplet noch geve taal is: ‘Ik bin de slachter fan myn wurden, / lûk dit fers de franjes fan 'e hûd. / Ik strûp it libben. Mei myn swurden / de betsjutting skiedend fan it lûd.’ (s.46), sjocht er yn it tredde kûplet sa út:
Ik: bindeslachter Fon. Mynwurden!
Look, dit! Fez, de franjes fan 'e hoed.
X-troep. It libben mei 'm yn swurden?
Debet. Sjutting, Skied end Fan. Ut-lûd.
In apart dichter dy't in lêste fers yn syn bondel slachtet. Uteinlik kin er dus gjin posysje ynnimme tusken de ûnmooglikheid fan it dichtsjen en syn relativearjen fan dy ûnmooglikheid. Hy bliuwt, lykas alle dichters, hinne en wer swalkjen tusken de wurden en de wurklikheid. Dat is miskien net sa orizjineel, de oplossing om syn fersen dan mar te slachtsjen yn it lêste fers is dat wol. It sil my benije oft Eppie Dam trochslachtet of dat er wer in nije bondel skriuwt en wat er dêr dan yn skriuwt. Want wat bliuwt der oer foar de dichter dy't syn wurden fermoardet? Ik soe it net witte, mar ik bin benijd.