Trotwaer. Jaargang 27(1995)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 186] [p. 186] Jacobus Quiryn Smink Ien psalm oer Bryfke mei kroantsjepin Ps.136:1, dat bryfke fûn famkenien nei tsjien, tweintich, tritich jier en dat inketferske koe 'k sa wer opsizze: Tankje de Heare, want Hy is goed, ivich duorret Syn geunst. Stiet sa yn de Bible in Frisian fan 1978, Nederlands Bijbelgenootschap en yn Het Bijbels Psalmboek fan Blok út Sondel (Fr.) giet it: Halleluja! Looft de Heer! Prijst Zijn goedheid, geeft Hem eer, want Zijn goedertierenheid blijft in alle eeuwigheid. En yn Psalmen fan de Nieuwe Berijming: Looft den Heer, want Hij is goed, trouw in alles wat Hij doet. Want Zijn goedertierenheid zal bestaan in eeuwigheid. Gjin fan dizze teksten hat it west; Meester Visser wie master ûnder âlde beriming - dy fan 1938 hiet doe sa - [pagina 187] [p. 187] en op de rapporten stie Versje mei in 9 of in 10. Net foar my, want ik grommele mar wat foar de klas en de grutste sûnde wie in 1. Dat bryfke, wer fûn nei in tsjien, tweintich, tritich jier heart yn in listke thús, want de geunst wie grut, ik ferlear de Hear en dat wie achternei gjin grutte keunst. Yn 'e pauze en nei skoaltiid fochten we mei de klomp yn 'e hân, it loovjen fan de Hear út it sin en de geunst wie foar de iperen; dy wie hurder as de pappel. Sa ferlearen we gewoanwei de Hear, mèi de papleppel, al hast foar ivich in sit yn 't bestjoer of yn de rie, we witte wol better; Jan Klompmakker is ek al stoarn. [pagina 188] [p. 188] Noch ien psalm ha 'k oer om op te sizzen en te jubeljen, - karajonkje út folle boarst - dy fan foar de oarloch: Looft den heer, want Hij is goed, looft Hem met een blij gemoed, want Zijn gunst, alom verspreid, zal bestaan in eeuwigheid! Vorige Volgende