| |
| |
| |
Fan bûgjen frjemd
Doeke Sijens
Der binne sûnt 1945 mear as fjirtich romans útkommen dêr't de besettingsjierren yn Fryslân in wichtige rol yn spylje. Dêrnjonken binne der noch ûntelbere fersen en koarte ferhalen mei itselde tema. Men kin sadwaande fan tinken wol ha dat de oarloch ien fan de wichtichste ûnderwerpen yn de Fryske literatuer is. It grutste part fan dat wurk oer de oarloch is de lêste fiifentweintich jier útkommen. Blykber is it ûnderwerp aloan mear aktueel wurden. Yn Trotwaer dit jier dêrom rom omtinken foar de oarloch yn 'e Fryske literatuer. Dêrnei moat it dan mar ris dien wêze.
| |
Labbekakken, duvels en in húsfrou
De Fryske romans dêr't de oarloch in wichtige rol yn spilet, komme - sa liket it - yn trije weagen. De earste romans (sj. ek Trotwaer 2 fan dizze jiergong) komme direkt nei de oarloch út, as alles noch mar krekt foarby is. De twadde weach komt yn 'e sechtiger jierren, de tredde begjint yn 'e jierren tachtich en is noch net foarby.
It ferlet om alle ellinde te ferjitten hie de earste tsien, fyftjin jier grut west en alle enerzjy wie noadich foar de ‘wederopbouw’ fan Nederland. Der wie sprake fan in kollektive ‘ferkringing’ fan de oarlochsjierren, is wolris sein. Mar yn 'e jierren sechtich kaam de belangstelling foar de oarloch by skriuwers èn lêzers werom. De televyzjesearje De Bezetting
fan Dr. L de Jong en it boek Ondergang fan Jacques Presser hawwe dêrby tige wichtich west. Lju begûnen ek mear each te krijen foar de bliuwende skea dy't minsken yn 'e oarloch, foaral op it geastlik mêd, oprûn hienen. Yn de krityske jierren sechtich waarden ek fragen steld dy't tsien jier dêrfoar noch taboe wienen. Sa begûn ‘Swarte Jan’, pseudonym fan Kerst Huisman, yn 'e Strikel in rige oer faksistyske tendinzen yn 'e Fryske Beweging.
De oarloch wie, soe men sizze kinne, noch lang net útwurke.
De earste Fryske skriuwers hienen har yn 'e boeken oer de oarloch dwaande hâlden mei helden en de grutte prestaasjes fan it ferset. Sokke romans komme der yn 'e jierren sechtich net mear út. In feroarjende optyk op de
| |
| |
oarlochsjierren is dúdlik werom te finen yn 'e boeken fan de ‘twadde weach’. Yn it plak fan de helden komme ferliezers en twivelers; yn it plak fan de aventoeren komt seks en mankelikens. Oerfallen op distribúsjekantoaren en finzenissen komme der net mear yn foar. Sokke aksjes binne ek mear geskikt foar films, sa't út it sukses fan De Overval (1962) wol bliken docht. It literêre nivo fan de romans giet omheech. It binne ek net mear allinnich romans dy't yn 'e oarloch spylje. Der komme boeken by, dy't yn lettere jierren situearre binne, mar dêr't de oarlochsjierren noch wol slim yn trochwurkje.
By de ‘twadde weach’ giet it om de neikommende romans:
Piter Terpstra, Soldaten en muzikanten, Drachten, Laverman, 1959.
Anne Wadman, Kûgels foar in labbekak, Drachten, Laverman, 1964.
Rink van der Velde, Beafeart nei Saint-Martin, Drachten, Laverman, 1965.
Anne Wadman, By de duvel to bycht, Drachten, Laverman, 1966.
Rink van der Velde, De fûke, Drachten, Laverman, 1966.
Rink van der Velde, Rjochtdei, Drachten, Laverman, 1968.
Ypk fan der Fear, Ien lyk minder, Boalsert, Osinga, 1970.
Fan dizze skriuwers hawwe Anne Wadman, Piter Terpstra en Ypk fan der Fear de oarloch as folwoeksenen meimakke, Rink van der Velde wie yn 1945 trettjin jier. Hy hat dus al mear in berop dwaan moatten op ûnderfiningen fan oaren en dokumintaasje. Hy brûkt as iennige net allinnich Fryslân as dekor, twa fan syn romans spylje om utens. Op de omslach fan Ien lyk minder stiet dat Ypk fan der Fear de oarloch bewust meimakke hat ‘en de fiifentweintich jier neitiid wol nedich hawn [hat] om to forwurkjen en distânsje to nimmen.’ De tiid wie doe lykwols noch net kommen, dat der by sein waard dat de skriuwster yn 'e oarloch in boek útbrocht hie en dat har dêrfoar yn 1945 troch de ‘ereraad voor Letterkunde’ in publikaasjeferbod fan in jier oplein wie.
Yn Soldaten en muzikanten komme suver alle eleminten, dy't letter by Wadman en Van der Velde har boeken sa'n wichtige rol spylje, al oan 'e oarder. Yn de roman fan Terpstra giet it om in skriuwer, dy't werom giet nei syn bertedoarp en dan wer betize rekket yn it ferline. Om it allegear op in rychje te krijen skriuwt er in toanielstik, dêr't er alle feiten werkenber yn ferarbeidet. Sintraal stiet it ferskil yn hâlding yn 'e oarlochsjierren fan in keunstner, dy't net hannele hat en fan in fersetsman. Frâns de Jager, de haadpersoan, hat yn 'e oarloch gjin held west. De heit fan Mar- | |
| |
tha Winkelman, de frou op wa't er fereale west hat, wie dat wol. As dy heit, in kommunist, troch de Dútsers deasketten wurdt, trout hja út in soarte fan solidariteit mei ien fan de oare fersetsmannen. It ‘nije’ part fan de roman spilet yn in tiid dat de tredde wrâldoarloch útbrekke sil en ûnder dy driging wurdt syn earder dilemma foar de haadpersoan nochris aktueel. Ofwikseljend wurdt de ynhâld fan it toanielstik ferteld, dat de opstelling fan de kommunisten en de oare politike streamingen fan it doarp tsjinoer de Dútsers dramatisearret. Terpstra brûkt in sobere, keale styl en it boek is dúdlik ‘modern’ yn opset en hâlding tsjinoer it ferline.
Yn syn besprek (Het Vrije Volk, 4 desimber 1959) neamde Anne Wadman de roman ‘nijsgjirrich, mar mislearre’. Neffens him koe Terpstra de ‘swierladen problematyk’ fan syn haadpersoan, ‘de lúkse fan de kunst kieze boppe de hurde en faeije wurklikheit fan de forsetsstriid’ net oan. ‘Of is de kar allinne ien tusken al of net rjochtfeardige heldedom en al of net bewuste leffens?’ frege er him ôf. It mei opfallend hjitte dat dit tema werom te finen is yn Wadman syn earste roman oer de oarloch, Kûgels foar in labbekak. Ek yn dat boek is de haadpersoan gjin held en de iennige reden dat er ûnderdûkt, is dat er net foar de Dútsers wurkje wol. Foar in rol yn it ferset fielt er neat, en net earder as krekt foar de befrijing besiket er noch wat heldhaftichs te dwaan, mei't er dêr letter mei sjen litte kin dat er dochs wol wat ‘dien’ hat. Der is suver gjin grutter kontrast te betinken as tusken de hyperaktive striders út de earste romans oer de oarloch en dizze ‘labbekak’. Der wurdt op de lêste dei fan de oarloch noch wol op him sketten, mar dy kûgels reitsje gjin doel. De Dútsers binne ek sa fûl net mear. De measte soargen hat de haadpersoan oer syn ferhâlding mei in ûnderdûkster, Paula, dy't miskien yn ferwachting fan him is. Har man is wol in held, sit yn in kamp en foaral tsjinoer him fielt de haadpersoan him skuldich. Seks mei Paula hat foar him suver net mear as in ferfaltsje west, hy hâldt net fan har. Yn 'e gaos fan 'e befrijing treft er Jolt, dy't wol yn it ferset sitten hat en dêroer praat as hie it ien grut, tafallich avontoer west. Wylst syn frou mei de lytse bern thús siet, hat hy wille mei oare froulju hân. By de befrijing docht bliken dat Paula de haadpersoan bedondere hat en dat sy troud west hat mei in NSB-er en
in ferhâlding mei in Dútser hân hat. It skeelt neat of de ‘labbekak’ komt troch syn ferhâlding mei har ek yn in pro-Dútsk ljocht te stean.
Wadman wie net de earste dy't op in yllúzjeleaze wize oer de oarloch skreau; Vestdijk en Hermans bygelyks wiene him foargien. Yn Quatrebas (1964 (3), nûmer 9) skreau Theo Jensma: ‘mei faesje trochinoarmjukse: (yn alfabetyske folchoarder) her- | |
| |
mans, de donkere kamer van damocles; kouwenaar, ik was geen soldaat; vestdijk, bevrijdingsfeest; wolkers, kort amerikaans. yntroduksje fan dizze, yn fryslân ûnbekinde skriuwers yn in thematyske blomlêzing.’ Dit oardiel giet (fansels) foarby oan it ‘eigene’ fan Wadman syn boek en ek oan it fernijende fan de roman foar it tema yn de Fryske literatuer. Noch net earder hie sa'n ferliezer yn in roman oer de oarloch sintraal stien.
Yn Beafeart nei Saint-Martin giet in sjoernalist, Andrys, sa'n tweintich jier nei de oarloch werom nei Frankryk, dêr't er yn in kamp sitten hat en meidien hat oan aksjes fan de Maquis. Hy is troud en hat in goede baan by de krante as er oerspand rekket. It is him dúdlik dat it mei de oarloch te krijen hat en hy giet, allinich, werom. Yn 'e pear dagen dat er yn Frankryk is, komt er yn alle foar him sa bekinde plakken dêr't de minsken noch wol witte wat der bard is. Hieltyd yn fragminten komme de saken dy't der doe yn 'e oarloch foarfallen binne, him wer yn 't sin. Syn eindoel is lykwols in frou, Krysta, mei wa't er doedestiids folslein gelokkich west hat, mar dy't er nei de befrijing sûnder ek mar ôfskied te nimmen, stikke litten hat. De haadpersoan wit wol dat syn reis neat úthelje sil (Krysta is yndie troud), dochs wol er har noch werris treffe. As dat bard is, giet er werom nei Fryslân en nei syn frou en bern. As in soarte fan beslút skuort er syn deiboek út 'e oarloch oan snipers. De man giet sûnder yllúzjes werom; syn houlik sil troch dizze ‘beafeart’ net better wurde en hy sil him ek net better teplak fiele yn it normale libben as earder. Yn it Friesch Dagblad (29 jannewaris 1966) ûntgie de (anonime) resinsint de betsjutting fan it boek. ‘Forgese reis nei Saint-Martin hie faeks kinnen, mar “beafeart”, né! Hwat der yn dit langtrieddige boek ek dien wurdt, bidde net.’ Sjoerd Leiker neamde syn besprek ‘De earste leafde’ (De Tsjerne, 21 (1966), IV, s. 137-142) en wurdearre it boek tige. ‘It giet Van der Velde ommers yn haedsaek om it útwurkjen fan in licht romantysk motyf, om de earste leafde, dy't sa suver wie en dy't jin altiten by bliuwt.(..) De oarloch en de striid fan de Marquisards binne foar de skriuwer it dékor.’
1966 mei wol in topjier hjitte foar romans oer de oarloch. Yn dat jier kamen Anne Wadman en Rink van der Velde beide mei in nij boek.
Earst kaam De Fûke út. Yn dizze lytse roman wurdt de haadpersoan, in fisker, oppakt troch de Dútsers, dy't miene dat er fan alles oer in aksje fan it ferset witte moat. Yn 'e rin fan it ferhaal docht bliken dat syn soan by dy aksje dearekke is en dan fertelt er de Dútsers hielendal neat mear. Yn flash-backs bout Van der Velde it ferhaal op fan in man dy't altyd dwers tsjin autoriteiten yngien is, en
| |
| |
foar him binne de Dútsers de lêsten yn in rige fan ûnderdrukkers. Ek syn houlik hat in died fan ferset west tsjin syn famylje. Dat houlik waard byinoar hâlden troch de soan, dy't alles foar de man betsjut. No't dy net mear libbet, sjocht de man ek gjin doel mear. Oan 'e ein fan it boek krijt er de kûgel.
De measte skôgers fûnen Van der Velde syn eardere boeken te lang (Beafeart nei Saint-Martin hat 175 siden). Freark Dam (Drachtster Courant, 3 juny 1966) skreau: ‘Ik leau dat Rink van der Velde pas syn grutte krêft toane sil en kin as er syn forhael tonei wit to biheinen ta de omfang fan in Zwart Beertje.’ De Fûke wie tin, minder as 100 siden, en strak en sober skreaun. It wie in boek, fûn Marten Sikkema (Ljouwerter Krante, 22 oktober 1966) ‘dat men yn ien sike útlêst en dat oan alle kanten foldocht, hwant de biskriuwing fan it formidden, de tekening fan de karakters, foaral fan de haadfiguer, en de spanning en de sfear, it is allegeare allike masterlik.’ Dit oardiel wie frij algemien.
Ek yn 1966 komt By de duvel to bycht út. Dy roman fan Wadman spilet sa'n tweintich jier nei de oarloch. Op in middei treft de haadpersoan, Jelmer, in âlde bekinde, Kaspar Mulder, yn in kafee. Hy kin Mulder as freon fan syn broer, doe't beide pro-Dútsk wienen. Mulder hat dêr foar sitten, Jelmer syn broer is oan it Eastfront sneuvele. Mulder is no wer sakeman en hat gjin lêst mear fan syn ferline. De reden dat er kontakt mei Jelmer opnommen hat, is dat er brieven fan de broer fûn hat.
Jelmer is de iennichste út 'e famylje dy't net ferkeard west hat yn 'e oarloch. Yn it petear, dat fiif oeren duorje sil, komme allegear saken út dy oarloch oan 'e oarder, mar ek lit Wadman sjen hoe't Jelmer syn libben der tjintwurdich útsjocht. Hy is troud, hat twa bern, hat in skoftje in ferhâlding mei in jong frommiske hân, hat problemen mei syn bern, koartsein alle moderen eksistinsjele problemen fan in fjirtiger komme oan 'e oarder. It is lang ûndúdlik wêrom't de oarloch noch sa swier foar Jelmer weaget. Net earder as op 'e lêste siden komt it nei foaren: suver by tafal hie hy yn 'e oarloch in boer en syn ûnderdûkers fan de Dútsers rêde kinnen, mar dat hat er - om redenen dy't er noch altyd net foar it ferstân hat - net dien. Hy hie de minsken warskôgje kinnen en hat troch dat fersomjen miskien de dea fan fiif minsken op syn gewisse. Dat sokke saken him no noch pleagje neamt Mulder ‘selsbeklach’.
Yn syn besprek fan dit boek seit D.A. Tamminga (De Tsjerne, 22 (1967), nûmer 3, s.115) ‘Ek nou wer set dy haedpersoan de stikels fûl op tsjin in him frijwat fijannige bûtenwrâld. In wrâld dy't net of amper de bisteansreden ynskikt fan sokke jin toheisterjende wroechwjirmen. Ek nou wer soe men Wadmans haedpersoan in moralist neame
| |
| |
kinne. Gjin sedemaster yn de itige bitsjutting, gjin lytsboargerlik apostel fan de reine libbenswandel, mar yn dy sin dat er it amorele ôfskouwen fan forantwurdlikheden by himsels èn by de oar ôfwiist as lef en swak. Hy wol klearrichheit oer de motivearringen en eftergrounen fan eigen (misse) dieden (..).’
Yn Rjochtdei fan Rink van der Velde giet it ek wer om it ferline. Yn dat boek wurdt yn in lyts plakje yn East-Europa op in dei it lyk fûn fan in man. It docht bliken dat it om in likwidaasje út 'e oarloch giet. Noch deselde dei wurdt ien fan de doarpsminsken fermoarde, dy't alles mei it barren út 'e oarloch te meitsjen hie. De minsken út it doarp wolle de plysje der net by hawwe en yn it kafee wurde de feiten troch de lju sels útsocht. Sa komt nei boppen dat suver net ien doedestiids ûntkommen is oan kollaboraasje mei de Dútsers. Dit boek waard minder posityf besprutsen as De Fûke. ‘De spanning, dy't der wol hwat yn sit, forsloppet en brekt ôf. Hie it net mear op in klimaks ta kinnen?’ fûn Leo Popma (De Tsjerne, 23, 1968, 7/8, s. 321-324).
Yn Yn lyk minder komt in joadse ûnderdûker telâne by in Fryske húsfrou, dy't him feilich de oarloch troch krijt. It boek wurdt foar it grutste part troch dy frou ferteld yn in oanienskeakeling fan lytse en grutte feiten, sûnder folle oardering of refleksje. Krekt as yn 'e earste romans nei de oarloch stean dy foarfallen op 'e foargrûn en bliuwe de minsken dizich. It ynsjoch dat de frou sa no en dan krijt yn eigen hanneljen en de oarlochssituaasje, wurdt suver altyd wer oerwoekere troch wer in nij barren. De frou is earlik oer har motivaasje: foar in part giet it har der om letter sizze te kinnen: dat ha ik foar in Joad oerhân. ‘It is wolris faker opmurken dat de stoffe Ypk fan der Fear wolris oermânsk is,’ fûn de (anonime) resinsint yn 'e Ljouwerter Krante (16 oktober 1970), ‘dat it har gauris oer de fûst rint. It liket in karakteristike eigenskip to wêzen fan har skriuwen. It is sa'n opsteapeling fan feiten en barren (..) it ferhaal is lykas in drokke film, oerladen mei bylden, sfearen, ympresjes, as hat de skriuwster dizze stoffe jierenlang opkroppe en is it yn dit boek kommen ta in aktive ûntlading.’
Yn 'e reaksjes op de ‘twadde weach’ oer de oarloch is te fernimmen dat de tiden feroare binne. Opmerkingen as ‘sa wie it net’ ûntbrekke suver alhiel. De measte resinsinten beoardielje de boeken objektyf, as literatuer dy't tafallich oer de oarloch giet. Allinnich J. Noordmans giet yn tsjin it byld dat Anne Wadman yn Kûgels foar in labbekak jout fan it ferset. ‘Mar de haedfiguer begrypt harren net. Harren wrâld is him frjemd. Hy skynt der gjin aen fan to hawwen, dat efter it forset yn de oarloch ek noch in stik leauwe sitte koe.’ (Ljouwerter Krante, 31 oktober 1964)
| |
| |
Guon resinsinten binne net botte bekind mei it tema. In besprek yn 'e Ljouwerter Krante oer Ien lyk minder begjint mei de fêststelling: ‘As men neigiet hwat der yn de 25 jier nei de twadde wrâldoarloch oan literatuer ferskynd is, komt men winliken noch mar ta in sober resultaet, alteast wat wurk oanbilanget dat fan hwat bestjutting is.’ En dat nei't de masterlike boeken van Wadman en Van der Velde al útkommen wienen. Dat Ypk fan der Fear har boek net meunsterje kin tsjin dy romans en dat har boek in tebekfal is, werom nei de earste romans fan krekt nei de oarloch, wurdt net opmurken.
Gerben Abma giet yn in besprek oer Rjochtdei yn op de tematyk fan de oarloch (De stim fan Fryslân, juny 1968). ‘de oarloch spilet yn it wurk fan Rink van der Velde oanhâldend in rol, ek yn dizze roman. dat tsjut oan dat de problematyk net eigentiidsk is. dizze tiid ynspirearret de skriuwer blykber net. dat jowt dan de lêzer in gefoel fan hwat frijbliuwends. de Fryske minske anno 1968 komt net oan it wurd. (..) om misbegryp foar te kommen: ûnderskreaune wie ek net wei fan De Fûke. it is allegear yn it forline, de wiere ynset en oandriuw mist.’
Fan de sân romans út de twadde weach is De Fûke fierwei it meast populêr. It boek is al oan de seisde druk ta. Alle oare boeken hawwe gjin twadde printinge helle, al binne in pear boeken oerset yn it Hollânsk. Dat Soldaten en Muzikanten en Ien lyk minder net bot lêzen wurde, is te begripen. Dat jildt ek wol foar Rjochtdei. Mar de twa romans fan Wadman binne wier bêste romans en dêrby wat tematyk oanbelanget tige fernijend. De Fûke is dus net it iennige hichtepunt út dizze perioade. Dat it boek dochs it measte lêzen wurdt, komt sûnder mis om't de haadpersoan echt in held is. Hy hat ûnderdúkers opnommen, hy lit tsjin de Dútsers neat los en troch de dea fan syn soan en syn eigen dea is hy tragysk en heroysk tagelyk. It sil foar guon lêzers makliker wêze om har mei dizze fisker te identifisearjen as mei de ferliezers fan Wadman. Boppedat soe Wadman wolris wat te folle de gewoane werklikheid fan de oarlochsjierren benei komme kinne. De fisker út De Fûke fertsjintwurdiget it bêste it tradisjonele byld dat lêzers fan de Friezen yn 'e oarloch hawwe. Yn in besprek fan de (earste printinge fan de) Hôllanske oersetting skreau Anneke van Luxemburg (Haarlems Dagblad, 4 july 1970): ‘Wat mij stoort in het verhaal, is niet de manier van vertellen maar is de hoofdpersoon en de presentatie van de hoofdpersoon. De man is visser en Fries, vooral dit laatste. Hij heeft een stug karakter, veel praten doet hij niet (..); wat hem gevormd heeft, dat zijn alleen de Friese mensen en de Friese natuur. Dat is een dwingende conclusie en precies die conclu- | |
| |
sie staat mij tegen. De heldhaftigheid die deze man in het verhaal ten toon spreidt, is niet die van hem persoonlijk, maar dat is heldhafitgheid
van het soort dat in Friesland bij Friezen te vinden valt. (..).’
Beafeart nei Saint-Martin fertsjinnet mear oandacht. De roman is prachtich mankelyk fan sfear, en de minsken binne perfoarst gjin stereotypen. Boppedat, de Fransêze Krysta is miskien wol de iennige frouljusfiguer út Rink van der Velde syn boeken, dy't nèt in karikatuer is.
|
|