| |
| |
| |
Jetske Bilker
‘Hâlde jo fan Satie?’
Thús gie it ljochtsje fan it antwurdapparaat twa kear oan en se hearde him sizzen dat de ôfspraak trochgean koe. Hy soe der oer in healoere wêze. It boadskip dêrnei wie ek fan him: ‘Noch ien ding, Djoke... relax...’ Twa kear spile se it ôf, en doe hearde dy lêste koarte boadskip har as muzyk yn 'e earen. Se hong de jas op, brocht de wykeinboadskippen dy't se alfêst helle hie, teplak, klaaide har út en gie neaken op bêd lizzen. Wêrom wist se ek net presys, miskien wol om har ta te rieden.
Se lei op 'e rêch en mimere oer antwurdapparaten. Dy dingen wiene in útkomst. Allinnich al omdat se sa moai kwyt koe wat se woe sûnder dat der in reaksje fan de oare kant kaam. Unferwachte dingen koene har ferskriklik fan 't sintrum bringe. No hie se him fan 'e middei moai op it wurk belje kinnen, want se wist dat er op kolleezje siet. Ideaal.
Se tilde it dekbêd omheech en beseach har lichem sa't dat der hinne lei. Frjemd perspektyf op dy manier. Se koe harsels oant de knibbels ta lizzen sjen. Har boarsten liken wei te wurden yn har oksels, dêrom wiene se sa ek lytser. Mar net op 'e rêch lizzen gean daliks, oars gie it miskien wer net goed. It wie in stik better as se op 'e side lizzen gie. Mei de hân streake se harsels oer de heupe. It wie net omdat se net in goed figuer hie, dat hie se al, dat fûn se no dochs sels ek wol. As se dat no betocht, soe se al in stik rêstiger wêze, ‘relaxter’ sei se lûdop. It soe miskien ek wol wurkje as se even in dûs naam. Yn bad koe net mear. As it fol wie, soe er der ek wêze. Skande fan it wetter.
Hoe like de sliepkeamer? Wie it net te tuttich? Dat dekbêdoertrek wie dochs wol moai, dat rôse mei giel, se hie it noch mei mem útsocht. En alle rommel wie opburgen, dat hie se juster al dien, blykber hie se der dochs al wat mei omrûn om him hjoed te beljen, want oprûmje die se yn it wykein.
Foar't se de badkeamer yngie, draaide se noch de koark fan in flesse reade Bordeaux, want dat wist se noch, dêr hâlde er fan.
Doe't se ûnder de dûs stie, hearde se de tillefoan. Wilfred alwer? Om ôf te beljen? ‘O nee,’ kroande se. Asjeblyft net op it stuit dat se einlings safier wie. Se naam net op, miskien kaam er dan dochs. Se hearde it aansen wol, hy goaide it boadskip mar op it antwurdapparaat, dan koe er har teloarstel- | |
| |
ling ek net heare. Mar it dûsen wie no gau dien, ek omdat it miskien no wol om 'e nocht wêze soe en mei de handoek om har hinne slein gie se nei de keamer. Der stie neat op it bantsje. Dus hy kaam.
Wat moast se no oan? Se moast dochs earst wol wat oan! De oare kear hie se har swarte mohêr trui oan hân dêr't har kollega Betty fan sei dat dy wol wat hie en dy hie al hiel wat relaasjes hân. Mar dy trui moast mar net wer. Se seach de wite siden blûse. It oare uterste fansels. Boppedat hie se yn gjin jierren wyt mear droegen. Se hie in rothekel oan wyt krigen, mar miskien die se de blûse moarn oan nei it wurk. Ek om it waar en ek om wer ris wat oars oan. Hie Betty al net ris foarsichtich sein dat se wolris wat fan har liene mocht? Se hie klean genôch, dat wie it net, mar se joech net safolle om klean.
Op it wurk hie se al neitocht oer de muzyk dy't se opsette soe: Erik Satie. Piano. Spitich dat it fan dat moaie waar wie, oars koe se ek noch kearsen oanstekke, no moast allinnich Satie foar de sfear soargje. En ja, fansels, sijsels. Hoe soe se har hier dwaan? Opstutsen stie har wol en wie klassyk, mar los wie miskien seksyer. Se mocht wol opsjitte, aansten soe er der wêze en dan stie se hjir heal oanklaaid...
Se wie noch yn har slipke en beha doe't de bel gie, se hie telang dwaande west mei it hier op te stekken. Mar dat sakke wer út doe't se yn 'e spikerbroek en dochs mar de wite blûse skeat. Se koe wol janke. Soe se de doar wol iependwaan? It waard dochs wer neat.
Der stie in hiel oaren ien foar de doar. Breder en langer ek. Se seach gouden kettings. De siken besetten har en se gie tsjin 'e doarpost stean.
‘Goeiejûn.’ sei de man, ‘Jo binne Djoke Visser, nim ik oan.’
‘Ja.’ sei se, ‘Mar jo binne Wilfred net.’
‘Ik bin Peter. Wilfred koe net, op it alderlêste momint, hy hat noch besocht jo te beljen, mar jo namen net op. Doe hat er my frege oft er mei my ruilje koe.’
Hy stie al yn 'e gong foar 't se betocht dat se wegerje koe. Wat moast se no mei wer in oar no't se krekt sa'n bytsje wend wie oan it idee fan Wilfred? En Satie sloech no ek nergens mear op.
‘Hâlde jo wol fan reade wyn?’ frege se benaud.
‘Jawis wol, Djoke,’ sei de man en seach har lang oan. De mage kearde har der fan om. Hy begûn daliks al. Dit like wol in professional. Se gie foar him út nei de keamer en frege mei in oerslaande stim: ‘Binne jimme fan itselde buro?’
‘Ja,’ sei de Peter. ‘En de kosten binne gelyk.’
Dat jild koe har no even neat skele, dat
| |
| |
hie se fan 'e middei allang út 'e muorre pind. Mar dizze man woe se net, dit wie hielendal har type net.
Se wiisde him in plak op de wytlearen twasitsbank. Sels gie se yn 'e rookstoel sitten, skean foar him oer.
‘Studearje jo ek Frâns?’ frege se mei hege stim.
Hy skattere en lei de achterholle op it lear fan 'e bank. Lokkich hied er gjin fet hier oars moast se der aansten ek noch mei in wiet doekje by lâns. Wylst er sei dat it fyftjin jier lyn wie dat er yn 'e skoalbanken sitten hie en dat er no taksysjauffeur wie, beseach se him temûk. Gouden kiezzen en in matsje yn 'e nekke. Sokken koe se allinnich mar fan de Nederlânstalige muzyk op tillevyzje en fan de mominten dat se it buertkafee op 'e hoeke yn doarst te sjen. Gjin akademikus, net iens in HBO-er. En dêr hie se dochs wol sa de klam oplein. Sa stie se dêr yn 'e kompjûter. Waard der dan hielendal gjin rekken mear hâlden mei har winsken? Se krige de ôfstânsbetsjinning en drukte op ‘start’. Ientoanige pianoklanken stroffelen de keamer yn. Sokke muzyk skrok him fêst ôf. De sfear waard daliks elitêr.
Se die de eagen ticht, sa like it oft se der hielendal yn opgie. Mar doe't se se nei in hoartsje wer iepen die, siet de man har noch hieltyd glimkjend oan te sjen. Se moast fan him ôf, mar hoe krige se him hjirwei?
‘Moaie muzyk,’ sei er en knikte har ta.
‘Hâlde jo fan Satie?’
‘Ik haw der gjin lest fan,’ sei er en glimke wer. It wie wer even stil. Hy fielde blykber neat oan.
‘In glês reade wyn soe my wol oanstean,’ sei er ta har ferheardens. Dat se moast wol oerein om de twa glêzen yn te jitten. De man knikte har guodlik ta en glimke mar troch. It wie har as wist er wat der yn har omgie.
‘Dus Wilfred koe net...,’ sei se om mar wat te sizzen. De swiere klanken fan it klavier beklammen de rare sitewaasje. ‘Fan 'e middei koe er noch wol.’
‘Uteinlik dus dochs net,’ sei de man en dronk fan de wyn en sette it glês op har glêzen salontafel, net op mar neist de ûndersetter,
Wilfred kaam har foar de geast, sa't se de ôfrûne fjouwer wiken hieltyd oan him tocht hie. Dochs eins ek net har type, mar it kaam yn 'e buert. In bytsje lyts en in bytsje meager en koart read hier, echt in studint. En ferlegen, dat fûn se noch wol it aldermoaiste.
Wat mear se oan Wilfred tocht, wat sterker se waard yn har beslút dat dizze Peter de doar út moast. Wilfred belle se letter wol wer ris. Mei dizze soe it dochs neat wurde, want as se allinnich al nei dy ketting mei dy groffe skeakels seach, wist se it al.
‘Bart dat faker, dat op it lêste momint ruile
| |
| |
wurdt?’
‘Nee, net sa faak, we besykje safolle mooglik oan de winsken fan de kliïnten te foldwaan,’ sei de man en glimke wer.
Wat hie dy fint te glimkjen? Se waard der noch senuwachtiger fan as se al wie, ferlamme troch de gedachte dat dy keardel aansten oanstalten meitsje soe en oan har sitte soe, krekt sa as Wilfred de oare kear dien hie, doe't se him noch net dúdlik makke hie dat se earst prate moasten. ‘Nee!’ hie se roppen, ‘sa net! Do giest fiersten te fluch.’ En doe hie er frege wat sij dan woe en doe hiene se praat oer harren stúdzjes en it berop fan Djoke. It wie in goed teken dat se op deselde golflingte sieten en dat it net hielendal goed beteard wie, kaam trochdat der sa'n bytsje tiid oerbleaun wie.
Se gie wat rjochter sitten om moed te sammeljen.
‘Ik moat jo sizze dat ik hjir net op rekkene hie. Ik hie op Wilfred rekkene en jo binne myn type ek net hielendal.’
‘Kloppet. Ik bin net lang, slank, donker en akademikus.’
‘Dus,’ sei se en se hope dat er it har maklik makke en út himsels oerein gean soe.
‘Djoke, Djoke,’ sei er en se seach him ferheard oan doe't er oerein gie en de flesse pakte en har glês op 'e nij yn geat. Dêrmei rûn er op har ta. Se ferstienne. Se soe har fersette, tocht se, der soe neat barre wat sij net woe.
Hy joech har it glês yn 'e hannen, sei ‘asjeblyft’ en gie wer werom nei de bank. Djoke sette it glês daliks del. Se liet har hjir net dronken fiere yn har eigen hûs.
‘Ik bedoel dat ik leaver haw dat jo no fuortgeane, ik wol jo wol de helte betelje.’
‘Dat is hiel moai fan dy, Djoke. Ik drink in glês wyn by dy op it wyt learen bankje en ik krij twahûndert gûne ta. Fanke, ik woe dat it alle dagen sa gie, dan koe ik de auto út.’ ‘En no woe ik graach dat jo fuort giene.’ Hy knikte en glimke. ‘Sasto wolst, Djoke, de klant, kliïnt bedoel ik, is kening.’
Se moast har ynhâlde om net al te rom te sykheljen doe't er oerein gie. Se kaam ek oerein, pakte mei-ien it hantaske fan 'e bank en helle twa hûndert gûne út 'e beurs. Se joech it him oer. ‘Ja, sorry,’ sei se, ‘mar ik hie echt op Wilfred rekkene.’
‘Dy silst net wer sjen,’ sei er en seach har wer lang oan.
‘O, is der dan wat mei him?’
‘Neat, hear, mar hiest it him better net fertelle kinnen.’
De man knypte ien each in bytsje ticht en seach lâns har hinne ta it rút út.
Se hearde Satie no wat flugger gean as yn it begjin fan 'e c.d., der foel ek wat mear meldij yn werom te finen. De sinne skynde hiel moai de keamer yn. Wat diene har plan- | |
| |
ten it goed.
Eins hie se in hiel moai hûs. En se hie ek in hiel goede baan op it Museum. En se koe alle jierren op fakânsje. Dat koe lang net elkenien.
Wat se ek betocht, de wrâld stoarte yn. It bloed stiigde har nei de holle. Hy hie it sein. Dy smoarge matsjo taksysjauffeur! En dy man joech se der ek noch jild op ta! Hy moast hjir daliks wei. Se woe op bêd. Gûle. ‘Wolst my noch altyd fuort ha?’ frege er. O, wat gemien, tocht se.
‘Ja ja ja,’ sei se. Fuort, derút, se moast allinnich wêze.
‘Dit is oars wol in kâns foar dy. Bist der yn ien kear troch, as ik bliuw. En ik bin hiel goed.’
‘Nee nee, dat moat mar net,’ sei se beevjend. ‘Ik bin der net op ynsteld. Miskien in oare kear.’
Se belle dat buro fansels noait wer, dy minsken dêr gniisden har fansels dea om har. Hy gnyske even: ‘O nee, is ek sa, ik bin dyn type net. En Wilfred al, blykber. Dat pianogepiel sil ek wol foar him bedoeld wêze.’
‘Ik kin net mei jo prate.’
‘Dat hoecht ek net. Dêr bin ik net foar.’
‘Wolle jo myn hûs ferlitte?’
‘Sa as jo wolle, mefrou.’
Mei pakte er de beurs út 'e kontbûse en tearde de biljetten deryn. Hy hie ek sa'n earmbân mei sokke skeakels. Se seach in soad swart hier op syn earms. Dat gie hielendal troch oant de fingers ta, seach se fol ôfgrizen. Wer seach er har oan, mei dat iene each ta.
‘Ik begryp jo net.’
‘Jo soene hjirwei.’
No gie er mei ien finger lâns de mûlshoeke. De kâlde klanken fan de piano giene mar troch. Oan dy c.d. like gjin ein te kommen mar se doarst him net út te setten, want dat soe him miskien op ferkearde gedachten bringe. Dat se no al woe bygelyks.
‘Ja, ik sil ek fuort. Mar wat ik net begryp is dat jo alle kânsen lizze litte.’
‘Lizze litte?’
Dat ûntkaam har.
Hy gnyske. ‘Jawis,’ sei er.
‘Dan soe ik no dochs wol wolle dat jo der no út giene...’
Hy makke mar gjin oanstalten. As se de keamersdoar no foar him iependwaan soe, moast se him foarby en soe se him oanreitsje moatte. Dat wist hy ek, dêrom bleau er mar stean fansels.
Se waard bang. Hy koe har wol wit net wat dwaan. Wat hie har mankeard en helje sa'n frjemde keardel yn 'e hûs? Mar yn it ynformaasjeboekje hie dochs dúdlik stien dat allinnich har opdrachten útfierd wurde soene.
‘Jo gedrach is net neffens de regels. Ik sil myn beklach dwaan by it buro.’ Har stim hearde
| |
| |
senuwachtich.
Hy knikte. ‘Ik wit it.’
‘Dat kin jo ûntslach betsjutte.’
Wer dat healtichte each. Oft er nei har seach en ek oan oare dingen tocht. Oft er oan har seach hoe't it kaam. Oft er wist wat der mis mei har wie.
Doe draaide er him om. Hy rûn op 'e doar ta. Soe er dan dochs einlings...? Se bleau stean dêr't se stie en sei neat. Se koe allinnich mar sjen. Se seach him no foar 't earst op 'e rêch. De spikerbroek siet him spand. De ljochtrôse oerstrûper boppe de brede brune learen rym like er der krekt wer yn stoppe te hawwen.
Doe't er him nei har omdraaide, wie syn oerstrûper iepen. Se seach swart hier op syn boarst. ‘Nee!’ rôp se.
Hy wie samar by har. Pakte har beet by de boppe-earms.
‘Nee!’ raasde se. ‘Nee, ik wol net. Hjirwei!’ ‘Do wolst wol,’ sei er kalm en syn eagen boarren yn harres, ‘ik sjoch it wol oan dy. Mar do doarst net. Hast noait doard. Hast altyd wachte oant der ien kaam dy't foar 100 prosint doogde. Gjinien doogde.’
‘Lit my los.’ lústere se bang. Se koe har net losskodzje, hy hâlde har beet.
‘Nee, net ien. Der mankearde altyd wol wat oan dy feintsjes fan dy. Tritich jier tink.’ Hy gniisde. ‘Dan wurde jim wanhopich.’
‘Hâld op en lit my los. Ik begjin te razen, ast my net loslitst.’
Hy liet net los, mar drukte har no stevich tsjin him oan mei de hân op har rêch.
‘Dan wolst it wolris sels meimeitsje, no? Ynstee fan op in film te sjen. Of yn in boek te lêzen, want do lêst fansels in soad, Djoke.’ ‘Nee nee nee nee nee,’ gûlde se no. Hy stie hielendal tsjin har oan, wylst se safolle mooglik harsels nei achteren bûgde.
‘Moatst dysels net sa tsjinstean, Djoke. No hast in kear de kâns om in man te fielen en no dochst sa.’
Neat holp mear doe't er mei syn beide hannen har by de heupen pakte en syn ûnderliif tsjin har oandrukte. Se raasde en gûlde tagelyk. Hy beweegde hinne en wer. ‘En dat, fanke, is in ereksje,’ hime er, ‘fielst him? Meist him ek wol sjen, mar dan moatst wol ophâlde mei gûlen, want oars wurdt it wer neat.’
‘Lit my los en gean hjir wei,’ snikte se. ‘Ik wol dit net, ik wol dit net. Toe, gean hjir wei.’
Hy pakte har hurd beet by de linkerearm sadat it sear die as se tsjinaksele. ‘We sille even dyn sliepkeamer besjen, popke, rin der mar hinne.’ En doe't se net meijoech: ‘Nee, doch no mar wat ik sis, do silst my der letter tankber foar wêze,’ en hy die sels de doar nei de sliepkeamer iepen en treau har deryn. Hy die de doar ticht.
‘Gean mar op bed lizzen,’ sei er.
‘Ik wol it net mei dy’, gûlde se.
| |
| |
‘Jawol,’ sei er en joech har in dúst sadat se boppe op it dekbêd foel. Mei-ien lei er neist har.
‘Moatst net tinke dat dit foar my no sa aardich is,’ sei er en hâlde har mei ien earm tsjin him oan sadat se der net wei koe. ‘Ik haw ek leaver ien dy't wat williger is.’
Syn klean rûkten nei in waskmiddel dat se net koe. Se seach nei it hier op syn boarst, se wearzge derfan. ‘Hâld op, hâld op,’ gûlde se.
Samar siet er boppe op har heupen en doe die er har siden blûse iepen en skuorde de beha nei boppen. Hy fluite. ‘Meist der wol wêze dame.’
Se raasde en skopte mei de knibbels tsjin syn rêch oan, mar hy lake derom. ‘Toemar,’ sei er, ‘dêr wurd ik lekker hitsich fan.’ No liet er him oer har hinne sakje, sadat syn mûle by har ear kaam. Wylst er de iene hân op har mûle lei en ‘Hâld dy ris even stil,’ sei yn har ear, fielde se syn oare hân oer har boarsten gean, en doe, oer har búk nei ûnderen.
Se gûlde net mear, se stoarre nei de souder en tocht: ‘Dit bin ik net,’ doe't se syn finger fielde op it plak dat allinnich fan har wie. ‘En dit is noch mar it begjin,’ hearde se him sizzen. ‘Dit, fanke, neame se it foarspul.’ Se fielde syn finger bewegen. ‘Fynst dit dochs wol lekker, net,’ lústere er fierder.
Se skodholle mei syn hân op har mûle.
‘Ik al hear, do bist in lekker wyfke. Wat in ear, fanke, dat ik de earste wêze mei. Dat is foar my ek nij, hear,’ en yntusken ritste er syn broek iepen. Se seach dat er gjin ûnderbroek oan hie en doe seach se syn geslacht en se tocht: dat kin net.
Doe die se de eagen ticht.
‘Goedzo,’ hearde se him sizzen, ‘jou dy mar del, dat is wol sa goed, foar dy en foar my. Lit my myn gong mar even gean.’
En no sil er dan einlings fuort. De oare twahûndert gûne wol er net mear hawwe. It fielt oft se útinoar skuord is. De rook fan niiskrekt hinget noch om har hinne. Rûkt seks sa? Se sjocht nei him sa't er dêr stiet. Syn ferlutsen gesicht fan niiskrekt sjocht se noch foar har en se is bang dat se de dierlike lûden dy't er makke doe't er syn orgasme hie noait wer ferjitte sil.
It is bard.
‘Joust my oan?’
‘Miskien.’
‘Ik hie it net dwaan moatten.’
Se lûkt oan 'e skouders.
‘Dit haw ik noch noait dien.’
‘Ik ek net, dat skeelt.’
Hy sjocht har wifeljend oan.
‘Op sa'n manier wolst noait wer.’
‘Nee, ik hoech net wer. Mar ik wit no wat it is.’
‘Mar dit is it net. It is oars.’
| |
| |
‘O.’
‘Stadiger, leaver, lekkerder. Moatst dit ferjitte.’
‘Jimme binne dochs fan dy grutte ferwenners, dy't in frou sa krekt oanfiele.’
Hy seit neat, rint nei de doar. Dêr keart er him om en seit:
‘Se stjoere my altyd op 'e wat swiere gefallen ôf. Nee, ik bedoel dij net, froulju dêr't wat mei is, ynsestgefallen en sa. Ik bin fan de jonges de bêste. Ik fiel froulju oan, ik wit wat se wolle. Tocht ik oant no ta.’ Hy wachtet eefkes. ‘Mar ik bin net happy mei wat der niis bard is, dat meist wol witte.’
‘Soa.’
‘Ik hâld fan froulju, ik wol se net sear dwaan.
En ek neat tsjin har sin dwaan.’
‘En no hjirwei.’
‘Sil ik Wilfred stjoere? In kear fergees? Krijst fan my.’
‘Flikkerje op.’
‘It spyt my foar dij.’
Ut 'e keamer wei komme pianolûden. Hy docht de foardoar iepen, stapt oer de drompel. Bûten keart er him om.
‘Rotmuzyk.’ seit er en wylst er har oansjocht lûkt er de doar mei in slach ticht.
|
|