koe? Ja, ‘Reisweik davon habe ich gehört, aber ich bin da noch nie gewesen,’ liigde ik. Al myn hope hie 'k no op 'e kondukteur set. Dy soe it frommes, as er daliks kaam, grif fertelle dat se op in reservearre plak siet en dat se dêrwei moast. It duorre lykwols noch in moai skoft ear't er opdaagjen kaam.
It begûn goed, dizze fakânsje allinne fuort. It wie no mear as in fearnsjier út tusken Sieger en my, mar fan myn kant wie it noch lang net út. Hy tyske mar yn myn holle om en allinne dêrom al wie it goed om no ris echt fuort te gean. Fakânsje: lege tiid, jinsels leechmeitsje foar wat oars. Wat dat oangie, hie ik fansels gjin better begjinpunt fan myn reis fine kind. Mar dan moast ik fansels al wat minder ôfwarrend mei de minsken omgean oars koe 'k kontakten überhaupt wol ferjitte. Ik hie my ynskreaun foar in ynternasjonaal yogakamp foar homo's, organisearre troch ien of d' oare idealistyske Deenske feriening. Lolland hiet it eilân dêr't ik hinne moast. Yn ien dei koe 'k dêr net komme, dat ik soe yn Kiel earst wol om in hotel sykje moatte.
De frou prate wer en hie it der oer dat se neat oan it flakke, keale lân fûn dêr't wy trochkamen. Neffens har wie it lân hjir tusken Leer en Bremen ien grutte ‘Einöde’. Ik hie net folle nocht om tsjin har yn te gean. Neffens my wie dat har bedoeling.
It krong ta my troch, dat sy likegoed as ik, ek kontakt socht. Mar de wize dêr't se dat op die, soe minsken net gau foar har ynnimme. Ut in soarte fan meilijen en lotsferbûnens stelde ik har doe marris de fraach wêr't har reis hinne soe. Se fertelde, dat se wer nei hûs werom soe en dat se yn Hamburg wenne. Se hie krekt by har dochter yn Norden west en se begriep net hoe't dy it dêr yn dat gat mei sa'n stille Eastfries úthâlde koe. Eins hie ik no wol fierder lêze kind, want der kaam in hiele monolooch. Mar om de frou it gefoel te jaan, dat der nei har harke waard moast ik har wol oansjen. Lang om let wie dêr dan dochs de kondukteur dy't útrêding joech. Sa't ik al tocht hie, siet de frou op in reservearre plak, dêr't yn Oldenburg in oarenien op sitte moast. Salang mocht se fan 'e kondukteur noch wol yn 'e kûpee bliuwe, mar dêrnei moast se dochs earne oars in plak sykje. Alhiel feralterearre socht de frou fuortdaalks al har spullen byinoar en liet my doe allinne. Har ferhaal hie se net dien makke.
It hotel yn Leer hie ferskriklik west. De deis dêrfoar wie ik dêr al hinne reizge, om't ik dat plak wolris wat better besjen woe. Oant dan ta wie 'k der allinne mar in pear kear op trochreis trochhinne kaam. It die bliken dat der yn dat âld marineplak eins net folle