| |
| |
| |
Trinus Riemersma
Salto mortale
Trije gyngen fuort, trije kamen thús. Se kamen oars thús as wy graach wollen hienen, mar thús binne se.
Gemeente fan Kristus, âlden, froulju, freonen, jim allegearre, jim binne hjir gearkommen om ôfskied te nimmen fan trije jongkearels dy't yn 'e bloei fan har jeugd út it libben weinommen binne. It is hurd, it is hast net te dragen. Alden, freonen, lit ús treast byinoar sykje dizze oere en by it Wurd fan God, dy't Hear is fan 'e libbenen en de deaden.
Gemeente, lit ús dizze ongeloksdei, dizze dei dat trije jongemannen út it libben skuord waarden, lit ús har lêste oeren meibelibje en trochlibje. En ús eigen oeren dêrnei en de dagen dêrnei, dat wy sa fan 'e wize wienen. Dat wy de tiid stil sette woenen, dat wy de wizers fan 'e klok weromdraaie woenen, dat wy dat skriklike barren tefoaren kommen woenen. De wanhoop fan it witten dat men neat wat bard is ongedien meitsje kin. Lit ús it allegear beneame. Lit ús alles sizze wat ús benearet. Lit ús gûle, lit ús lilk wêze, lit ús flokke, lit ús bidde. Al ús leed, al ús opstannigens, al ús ellinde, lit ús derfan tsjûgje. Mar boppe-al: lit ús weardich ôfskied nimme.
Freedoerdeis, mei it wykein op kommendewei, is it ornaris wat drokker yn 'e stêd as trochstrings. Middelskoallebern binne gauris wat earder út. Ferskillende manlju hâlde freedtemiddeis yntiids op. Har froulju kinne dan de auto krije om te boadskipjen. Freedtejûns is it keapjûn, mar dan kin men de auto nearne kwyt. Nammers, men wol de freedtejûns graach frijhâlde foar oare beuzichheden. De stêd even yn, mar net boadskipje. Wat flanearje, hjir en dêr even sjen.
Dizze middei is it noch drokker as oars. Der is hjoed begraffenis, in trijedûbelen sels, en dêr is in smite folk op ôfkommen. De trije ferstoarnen hawwe tige bekende figueren west, sa't it liket. En al is de stêd oars net sa útweakke dat men de distânsjes net rinnende ôflizze kinne soe, dat is langer gjin brûkme. Men riidt of lit jin ride. Dat sadwaande rôlet der no heel stadich in lange rige auto's dy't de lampen oan hawwe troch de stêd, fan 'e iene kânt nei de oare ta. En alle oare ferkear moat wachtsje.
It wie moandeitejûn healwei tsienen hinne. Durk en Bjinse hienen Hessel holpen om in putsje te dwaan. Se hienen ommers
| |
| |
safolle meiinoar en foarinoar dien, it wienen freonen, al fan 'e basisskoalle ôf. Se hienen in ferwaarmingstsjettel nei boppen sjoud en teplak set, dan koe Hessel him der fierder wol mei rêde. Se hienen in kop kofje hân fan Eelkje, en doe woe Hessel syn maten noch in gleske bier ta ha. Mar der wie gjin bier yn 'e hûs, dat wie yn it wykein skjin oprekke. Dat doe stelde Hessel út: Mannen, wy keapje even ien, ik traktearje. Wy binne net let thús, sei er tsjin Eelkje. Fansels net, want oaremoarns healwei sânen gyng de wekker wer.
Gemeente fan Kristus, wy sjonge it liet fan 'e printer dy't de roukaarten printe hat en ek soarge hat foar dizze liturgije:
Ik ha in offsetprinterij,
Mei noch it ien en oar dêrby.
Is der ien stoarn of berne,
Gemeente, freonen, it wie in deagewoane moandeitejûn. Neat bysûnders. It hie snein west, de earste wurkdei wie al wer om. Trije freonen hienen nei iten in kerweike dien en no soenen se in gleske bier helje. Nimmen koe der aan fan ha wat der barre soe. It soe ek noch in oeremannich duorje foar't it barde, om krekt te wêzen noch fjouwer oeren. Mar op dat stuit begon de klok te tikjen. Te tikjen mei de lêste oeren dy't se te libjen hienen. Op dat stuit, doe't se de doar útstapten en Eelkje goeie seinen, doe wie der gjin werom mear. Gjin minske koe ane wat hjir achterwei komme soe, sysels it alderminst. It wie ommers sa deagewoan: trije freonen helje in gleske bier.
It moat jin oandeare om sokke âlden, mar dy jonges sels? Moat men dêr moederaasje mei hawwe? In stik drank yn 'e kont en healwiis jeie! Sa giet it ommers. It sil jo bern mar wêze, Rinskje! Dat sis ik: om sokke âlden moat it jin oandeare. Mar sokke jonges dogge it harsels oan. As gekken ommers ha se riden. No, mei dy drank foel it oars wat ta, wol 'k leauwe, teminsten neffens wat dy kroechbaas te Dokwert yn 'e krante útliet, wienen se net beskonken. Nee! Dat sil dy man ek net sizze, dêr soe er syn eigen glêzen mei yngoaie! In goeie kroechbaas skinkt net mear as syn klant de hichte hat, dat wit dy kearel ek wol. Dy hat it mei op syn ferantwurding, tink dêr goed om!
Eelkje knipte de tillefyzje oan, Hester wie oan it sporten, Welmoed siet by har suster. Gjinien fan harren hie in fermoeden. It wie ommers sa gewoan. Wa yn 'e leave frede koe yn 'e rekken hawwe dat op dizze fredige, iere maitydsjûn sóks te
| |
| |
| |
barren stie?
toaneeltsje
Der stiet in auto op 'e hoeke fan it Lytssân en De Mesken. Der sitte twa jongfeinten yn in tredden stiet op it trotwaar. De auto stiet op in ongelokkich plak. It oare ferkear moat der omhinne en hat hast gjin sicht op it krúspunt. Der wurdt alris op in klakson drukt, mar de jonges lykje it net te hearren. De autoradio spilet lûd. Of se male net om oaren? It ljocht by de brêge oer it Djip begjint te knipperjen en de bomen sakje stadich del. ‘Kom met,’ ropt de feint op it trotwaar, ‘si' wy foa' de brug wachte? Dan hè wy wat te doën!’ Hy springt yn 'e auto en dy riidt daliks fuort. Súntsjesoan rôlet de auto op 'e slachbomen ta. Se steane moai foaroan.
Men kin ferdomd de stêd net trochkomme, it sit muorrefêst fan 'e Lytse Heechstrjitte oan 'e Bredepleats ta. Watsei? Dy begraffenis, sei ik. Ja fansels, trije tagelyk. Ja, mar bliksem, dêr kin it hele ferkear net om stillein wurde! Hoelang duorret dy grapmakkerij? De foarsten binne no krekt út 'e tsjerke wei en dan sil de hele staasje aansent wol nei it Hetswerter park moatte. No, dan binne se teminsten de stêd út. Ik sit hjir mei in lading drainearslangen dy't ik fiif oere te plak ha moat. Slim genôch sizze jo. Dat is ek sa. Mar se binn' net dronken boarnd wol? Se hawwe 't harsels oandien. Dat onfoech sûpen en dan ride as blasten.
Wêrom binne Durk, Hessel en Bjinse nei Dokwert ta riden? Dat is in fraach dêr't wy mei wrakselje, mar in antwurd krije wy net. Wy soenen it har wol neiroppe wolle: Jimme hienen hjir yn 'e stêd ek wol in gleske bier keapje kinnen. Jimme hienen hjir doch jim fêste stekje dêr't jim almeast sieten, mei jim trijen, en noch
| |
| |
faker mei jim seizen? Mar it hat gjin doel, wy krije gjin antwurd. Har mûle is foar ivich stom. Se binne yn 'e auto stapt en fuortriden, dat witte wy en mear net, en dat moat ús genôch wêze. Wy moatte aksepteare wat wy net begripe, hoe hurd it ek is. En hoe opstandich wy ús der ek ûnder fiele.
Eelkje hat net iens murken dat se yn 'e auto fuortgien binne, dy stie ek wat fierderop yn 'e strjitte. Mar sa moat it west hawwe, se binne fuortendaliks yn 'e auto stapt en nei Dokwert riden. Dêr gyngen se likernôch tsien oere De Blauwe Bears, flak by de Binnenhaven, yn.
En jitris skriemt it yn ús: Wêrom binne se nei Dokwert gien? Hienen se mar yn Fraansert bleaun, wienen se mar te foet gien, dan wie dit net bard. Mar it is omdôch, it lot nimt gjin kear. Se stapten yn 'e auto en dêrmei kaam it skriklike barren wer tichterby.
Lit ús bidde:
Och God, hoe kjel as wy wurden binne, dat is mei gjin pin te beskriuwen. Wy hienen de sliep fêst te pakken en ynienen in almachtich geraas, net liker as dondere der in strieljeier op ús dak del. Ik kin jim noait sizze wat der yn Bindert en my omgyng. Men wurdt sa skriklike kjel dat men net iens tinke kin. Men tinkt net fan oarloch, of wat ek, men is finaal ferlamme, dat earste stuit. En pas letter komt de noed, libje wy beide, ha wy beide neat? En dan de bern! Op 'e solder kin men sa de stjerren sjen, der sit in gat yn it dak as in tafelsblêd. En nuvergenôch, de bern binne troch alles hinne sliept.
It is healwei alven, alve oere. Hessel, Bjinse en Durk hawwe in pear gleskes bier op en soenen op hûs oan moatte. Moarn is it wer ier dei. En wêrom dogge se dat dan net? Want by elk gleske bier
| |
| |
dat se nimme en by elk kertier dat se sitten bliuwe, wurdt har lot onkearberder.
Der krûpt in lange wjirm fan auto's troch de stêd. De foarsten binne lykauto's, dêrefter in stik of fjouwer swarte mercedezen en dan al mar auto's fan allerhande ferskaat, wol sechstich, wol tachtich of hûndert faaks.
By de Frijsinnich Griffermearde Tsjerke oan 'e Lange Leane is de tocht begon en no giet it dwars de stêd troch nei it begraafplak oan 'e Frater Hellemawei. Der steane oeral minsken op 'e trotwaars te sjen nei de lange optocht.
It is tolve oere. Eelkje freget har al in oere ôf wêr't Hessel doch bliuwt. Freedtejûns, sneontejûns, dan wurdt it wolris let, mar dan binne se tegearre, of mei har seizen. Foarhinne, doe wienen de trije mannen altyd meiinoar op en út, en dan gyng it der soms skean troch. Mar dat is lang lyn. Se binne no alle trije oan 'e frou en se dogge it sa mâl net mear. En in gewoane dei troch de wike. Wêr bliuwt Hessel doch? Se docht op ien skimerlampke nei it ljocht út en giet op bêd. Se is net ongerêst, mar it fernuvert har.
Gemeente, lit ús sjonge it liet fan 'e blommist, dy't dizze oerfloed fan blommen en dizze prachtige krânsen fersoarge hat:
Foar brulloft en foar berte,
Foar sykte en foar stjerte.
Eelkje hie neat yn 'e rekken, se wie wurch en woe op bêd. Hie Hester in fermoeden? Of Welmoed? Hienen de minsken dêr yn 'e bocht fan 'e Hege Hearrewei yn 'e rekken wat der yn 'e nacht barre soe?
Welnee, man, dat sei ik doch! Wy wienen fêst yn 'e sliep en ynienen in klap en in gerattel en in lawaai. Ik wit net iens hoe't it wie. It wie skriklik. Ynienen dondert der in auto op jo dak. 't Is sonde dat 'k it sis dûmny, mar der is gjin oar wurd foar. It is as falt de loft op jo hûs del, as wurdt it kreake. Ik ha noch noait sa út 'e liken west. Bang, dat is it wurd net, jo binne ferstive as in lyk, jo ha gjin gefoelens en jo tinke net. En dan ynienen: de bern. Mar sa't ik sei, dy wienen der dwars trochhinne sliept. En doe seagen wy dat gat yn it dak. En de dakpannen op 'e solder. Dêr wienen wy earst gewoan oer hinne wâde.
Auto slacht oer hûs hinne Trije jongkearels ferongemakke
FRAANSERT - Op 'e Hege Hearrewei
| |
| |
tusken Fraansert en Dokwert, sa likernôch op 'e hichte fan 'e buorskip de Flaaien, binne fannacht trije jongkearels om it libben kommen by in slim auto-ongemak.
Grif hat de bestjoerder, nei alle gedachten de eigener fan 'e auto, de hear Hessel Ypma, de macht oer it stjoer ferlern. De auto is skean it fytspaad oer sketten en hat doe it túnmuorke fan 'e femylje Boersma rekke. Dêrnei is de auto, dy't gâns in faasje hân hawwe moat, omheech spat, oer de kop slein en op it hûs fan 'e Boersma's telâne kommen en der oan 'e efterkant wer by delrûgele. Dêrby moatte de portieren iepenspat wêze en binne de ynsittenden, neist de al neamde Ypma syn beide freonen Durk Lugtigheid en Bjinse Houtsma, út 'e auto slein en oer it hiem fersille. Alle trije moatte op slach dea west ha. De femylje Boersma is nei de earste skrik op ûndersyk útgien en hat doe it alarmnûmer skille. Plysje en dokter wienen der binnen it kertier, mar help wie doe al te let.
De fersleinens is grut yn Fraansert. De trije jongemannen wienen bekende figueren yn Fraansert en rûnom populêr. De hear Ypma wie trije moanne lyn troud.
Oft alkoholgebrûk mei de oarsaak is fan it ongemak woe de plysje neat oer sizze. ‘It is in gefaarlike bocht,’ seit wachtmaster Willem Bokma, ‘der binne wol faker ongelokken bard, al ron dat meast ôf mei blikskea.’
De jongkearels wurde freed te hôf brocht yn Fraansert.
It is tolve oere, Eelkje is op bêd gien. Hester leit ek al, en Welmoed. De femyljes Houtsma en Lugtigheid hawwe har ek deljûn. It is gjin wenst dat Bjinse en Durk sa let thús komme troch de wike, mar it binne gjin bern mear. De femylje Boersma giet ek op bêd.
Nee, dûmny, wy leinen alve oer al.
Bjinse, Durk en Hessel, se sitte oan 'e bar en drinke noch in gleske bier. It is rêstich yn 'e Blauwe Bears. It is moandeitejûn. It is noch gjin tiid foar toeristen. Se prate wat, smoke wat.
De tsjerke sit barstende fol. Yn it middenpaad binne stuollen delset út it lokaal derneist, mar noch hat net elkenien in sit. De koster hat it stek om 'e stoel iependien en noeget de lju út om yn it fjouwerkant sitten te gean. Oant op 'e trep fan 'e stoel sette se har del. De Lange Leane stiet oan wjerskanten fol auto's en ek op it grien tsjin 'e strûken oan hawwe guodden parkearplak socht. Noch hyltyd komme der minsken it tsjerkehiem op. Se kringe de tsjerke yn, tusken de lju troch dy't ek al gjin stoel mear besette kinnen hawwe. Se moatte doch nei foaren om har meilibjen te betsjûgjen? Lyk foar de stoel steane de trije wid- | |
| |
dowen en dan de Houtsma's, Ypma's en Lugtigheden. Fuotsje foar fuotsje skufelje se fierder, it sjit net op. Freondinnen falle de widdowen om 'e hals en moatsje bolbjirken, sa't se dat ôfsjoen ha fan Amerikaanske soapsearjes. Alde muoikes dy't oerkommen binne út it fersoargings- of âldereinhûs kinne it net ôfdwaan mei in simpel ‘Myn dielnimming,’ mar moatte wiidweidich ophelje fan ‘Och, Hindrik, wat hasto ús kjel makke, jonge, och, wat is dit slim.’ En dan moatte se har ferbjustering ek noch kwyt oer de waaksdomfaasje fan 'e âldmuoikesizzers: ‘En is dat no Jelly, no wat bisto in faam wurden!’ It is fier oer twaen as dûmny mei de tsjinst begjinne kin.
Sjuch, dêr komme se oan wol 'k leauwe. It is ek al by fjouweren, de tsjinst is grif knap útron. Mar der wie ek in sleep folk, se hawwe grif noait op 'e tiid begjinne kinnen as elkenien kondolearje woe. Trije húshâldingen, dêr komt ommers ek gjin ein fan. En dy jonges hienen fansels in soad kunde. Ja, drankfreonen, tink. Och no ja, dat hoecht no net neamd te wurden. Mar dêrom is 't wol sa. It wie sa slim net mear as 't wol west hat, mar foarhinne wienen se ommers altiten lazerus. Hoefaak hat de plysje har net oppakke moatten? No sjuch, dêr ha je de pop sei pastoarske. Trije lykauto's, it kin net op! Ik sil dy ien ding sizze, Gearte, der hienen ek wol deaden falle kinne by Boersma-en-dy. Dy auto hat no krekt de keale solder rekke, mar as er op 'e sliepkeamer fan 'e bern bedarre wie, of fan Boersma-en-dy. Ik ha gjin begrutsjen mei sokken. Se bringe in oar syn libben ek yn gefaar. Mar dêrom is it noch wol slim. No, ik lit der gjin trien om.
It hat healwei ienen west. De measte minsken sliepe of meitsje risselwaasje. De trije freonen sitte oan 'e taap en nimme noch ien. Ien foar 't ôfwennen. Hoe navrant heart dat, mar sa sille se it wol sein ha. It soe har lêste wêze. Nimmen koe dat befroedzje. Sysels ek net. Yn alle fleur sieten se te praten. Doe nommen se it lêste út it glês en rekkenen ôf. Op hûs oan, mannen, sille se wol sein ha. Want dat wie har doel: wer nei hûs. Fansels. Se sykje de auto op. It is letternôch wurden, mar it siet dêr noflik en dan is in oere neat. Se ride Dokwert út nei it ferkearsplein en dan swaaie se de Hege Hearrewei op. Nei hûs en gau op bêd. Moarn is it wer ier dei. It is kertier oer ienen.
It is duvels, en dat soks krekt op freedtemiddei moat. Men soe sizze, de wike hat dagen genôch, net? Altiten op freed is 't in gekkeboel. Men moat fanalles noch ôfhandelje en regelje en dan wol elkenien ek noch yntiids nei hûs. Oan 'e iene kânt hast dy frekte boeren oan 'e kop te seuren en dan
| |
| |
sitst mei in leanbedriuw dat freeds nei tolven eins gjin nije put oanpakke wol. As ik der net foar fiven bin, dan kinst mar rekkenje dat se it sket ticht en op slot ha, dan kin 'k mar werom gean mei myn fracht en moandeitemoarn der wer hinne. Nee, se ha dêr gjin tillefoan. Fansels, dat hie 'k allang yn my omgean litten, dan hie 'k wol nei in kefee stapt om even te skiljen. It iennige wat ik noch dwaan kin is de brot by dy boer op it hiem donderje, it giet op 't lêst om syn lân dat draineard wurde moat, dan moatte se it dêr sels moandeitemoarn mar weihelje. Ja, bliksem, ik kin hjir ek net foar. Begraffenissen en trouwerijen, it moat langer allegear op freed. Gjin mins skynt yn 'e rekken te hawwen dat der ek noch wurke wurde moat.
Wy sjonge no it liet fan 'e bakker, dy't soarge hat foar koeken en broadsjes nei ôfrin fan 'e begraffenis, strak as wy weromkomme yn it lokaal hjirneist. Elkenien is dêr wolkom.
Dêr kin gjin minske sonder.
Bjinse, Hessel en Durk ride de Hege Hearrewei op nei Fraansert ta. Wat ha se noch tsjininoar sein? Wy witte it net. Wêr hawwe har lêste tinzen by ferkeard? It bliuwt rieden. Mar soenen wy fier mis wêze as wy ûnderstelle dat har lêste tinzen by har neisten wienen, har frou, har faam, har âlden, bruorren en susters, har freonen en freondinnen? By ús allegearre? Soe it sa net west ha? Sy hawwe oan ús tocht, gemeente, lykas wy no oan har tinke. Yn dit momint binne wy ien, no't sy gjin kertier, gjin tsien menuten mear te libjen ha, en wy dy't it op dit stuit oertinke. Meiinoar binne wy ien mei harren yn dizze oere, yn dizze tsjerke, yn Gods hûs. Hjir binne wy heel ticht byinoar mei Durk, Bjinse en Hessel yn ús midden.
Jelly Lugtigheid sil no in gedicht foar ús foardrage dat se earjuster makke hat en dat ek it tema is fan dizze tsjinst:
Se wienen ûnderweis nei hûs,
Se gyngen nei it ivich hûs,
En binn' foar altyd thús.
‘It sit my noch yn 'e lea’
Femylje Boersma kryt nachts auto op dak
FRAANSERT - De femylje Boersma is de kjellens noch net út 'e lea. De nachts fan moandei op tiisdei om likernôch healwei twaen fleach lyk foar har hûs in auto út
| |
| |
'e bocht, dy't earst it túnmuorke rekke en doe oer it hûs hinne sloech en in stik út it dak meinaam.
Frou Boersma trillet noch as se derfan fertelt. ‘Wy wienen djip yn 'e rêst, wy leinen alve oere al. Dus. En ynienen in daverjend lawaai. As fergyng de wrâld. No, ik ha ek tsjin dûmny sein: as wie 't it lêste oardeel. Sa ferskriklik. En earst wit je net wat it is. Stoarm? In fleanmasine dy't leech oerfljucht? En dan komme jo stadich ta besleur en tinke: de bern! No, dy bern wie neat mei te rêden. Dy sliepten as roazen. Kin jo 't begripe? En doe seagen myn man en ik wat der mei ús dak bard wie. Ik bin by de bern bleaun en Bindert, myn man, is nei bûten ta gien. Hy hat dat autowrak fûn op it hiem. Dat moat oer ús dak hinneflein wêze. 't Is net te leauwen no? En doch moat it sa wêze. Hoe bestiet it! En doe fûn er ek ien fan dy deade minsken. No ja, dat dy dea wie, koe er net sjen by syn bûslampe. Hy hat my roppen en doe ha wy de alarmsintrale skille en fuortdernei wienen dy mannen der al. Plysje en dokter. No, de plysje hie goed ljocht by him en dy fûn noch twa deaden. De bern wienen no doch ek wekker wurden fan it geheister, dat ik ha se der mar ôf helle. Ik ha kofje set foar de mannen, de nocht om te sliepen wie ús doch fergien. En wy koenen dy mannen doch ek net ompiele litte. De plysje hat ús tillefoan brûkt, want ja, de liken moasten idintifisearre wurde. De femylje moast it sa gau mooglik witte, netwier. Se ha wol oardeloere, twa oeren by ús west. Sikeauto's op it hiem om de deaden ôf te fieren. Ik ha de bern wer op bêd brocht, mar wy koenen der net wer ta komme. Wy ha stil byinoar sitten oant it ljocht waard. De moarns hat myn man de skea opnommen. Wy ha in dekkleed krigen fan 'e timmerman. No dat dak is oars it slimste net, mar it is wol sa, alle kearen as ik op 'e solder kom, sjit it my wer yn 'e skonken.’
It steurt de Boersma's slim dat der iderkear auto's heel stadich foarbyride en soms sels steanbliuwe om te sjen hokker spoaren it ongemak neilitten hat. ‘Allegearre sensaasjesucht,’ seit frou Boersma. ‘De lju moatte har skamje.’
Gemeente, it bart yn in pear tellen. Wat de krekte oarsaak is, sille wy nea witte. Mar de auto dêr't Hessel, Bjinse en Durk yn sitte, rekket fan 'e dyk ôf, krekt foar it hûs fan 'e femylje Boersma. Hy sjit it fytspaad oer en rekket it muorke dat it hiem ôffredet. Troch de faasje dy't de auto hat, springt er omheech en komt op it dak telâne en slacht der in gat yn. De doarren spatte iepen en de trije mannen wurde út 'e auto slingere en komme op it hiem telâne. In pear sekonden mar hat it foarfal yn beslach nommen, mar trije jongkearels
| |
| |
binne dea.
Us ferstân stiet der by stil. In auto is foar ús sa gewoan en fertroud. Wa soe bang wêze om yn in auto te stappen? Us hele kultuer is boud op autoferfier. Mar yn dizze nacht wurdt de auto de fijân fan 'e minsken. In deadlik meunster.
Noch wit nimmen yn Fraansert wat der bard is. Allinnich de femylje Boersma ûntdekt dat him in drama ôfspile hat. Hoe kjel binne dy minsken wurden. Mar se hâlde de holle derby en warskôgje dokter en plysje. It meast ferstandige wat se dwaan koenen.
Hoe't soks no kin, Jan? Dat is in frij yngewikkelde matearje. Soest it teoretysk wol berekkenje kinne, mar dan útgean fan 'e laboratoariumsitewaasje, wêrby'st eksakt alle ôfmjittingen, hichten, wjerstannen, gewichten, snelheden ensfh. witst. Yn in praktykgefal lykas ditte, dêr't tefolle faktoaren onbekend by binne, net mear nei te gean, kinst eins net fierder komme as in rekonstruksje fan 'e mooglike gong fan saken. En om't dat sa is, hat it net iens folle doel om wat wol te efterheljen is oan eksakte gegevens, dan ek sekuer nei te gean. Wy witte dat sa'n auto likernôch 1200 kilo waacht. De snelheid lit ús dy skatte op in 140 km de oere. Dat binne de basisgegevens fan it bewegende objekt. Lit ús de hichte fan de naald fan it dak skatte op fiif meter. De fraach is dan: wat moat it aard fan it obstakel wêze dat der foar soarget dat de horisontale krêft fan it bewegende objekt omset wurdt, of leaver foar in part omset wurdt yn in fertikale krêft? Ik tink nammentlik dat dat yn dit gefal it nijsgjirrichst is. Hoe bestiet it dat in auto dy't yn syn faasje stuite wurdt, omheech spat? As leek soest nammentlik ferwachtsje dat er rjochttroch giet. It is no net mear goed nei te gean om't dat túnmuorke fernield is, mar nei alle gedachten is hjir doch in tal faktoaren ferantwurdlik foar. Foarst it feit dat de auto op it stuit fan 'e botsing al in opgeande beweging hie. Hy kaam út 'e grippel wei it hiem op. Twad it feit dat it muorke omwipt is en sadwaande as in soarte fan springplanke funksionearre hat. En dan is der fansels de meganyske wet dy't makket dat in krêft dy't
| |
| |
him net yn 'e oarspronklike rjochting fuortsette kin, in rjochting yngiet dy't wol mooglik is, mei safolle mooglik behâld fan 'e orizjinele rjochting. In beweging kin men altiten ontlidzje yn komponinten. Oarssein: krêft is altyd gearstalde krêft. Treft no ien fan dy gearstallende krêften in obstakel, dan sille de oare gearstallende krêften in part fan 'e enerzjy oernimme. Nim it foarbyld fan ien dy't stroffelet. Net allinnich de fuotten, mar it hele lichem hat in beskate faasje. Om krekt te wêzen, de faasje fan it lichem is de trochsneed fan 'e faasje fan 'e beide skonken, dy't om bar bewege. As no in foet stuite wurdt, troch in stien bygelyks, dan nimt it boppelichem in part fan 'e enerzjy oer, mei as gefolch dat dat hurder foarút giet. It lichem falt. Der is in soarte fan knierbeweging. Sokssawat sil bard wêze. Dat túnmuorke hat bygelyks fyftich sintimeter heech west. Wel, in moai part fan 'e auto stiek dêr boppe-út, en dat part krige dus ekstra faasje. Dan krigest dus dyselde beweging om it knierpunt hinne. Dat dêrby ferskillende krêften losbrekke, docht bliken út it feit dat de autodoarren iepenspat binne. Der binne dus ek sintrifugale krêften loskommen. Dat moat al bard wêze doe't de auto noch sweefde, foar't er of nei't er it dak rekke hat. Oars hienen de lichems fan 'e ynsittenden nea sa ferspraat oer it hiem lizze kinnen. Al yn 'e loft binne dy persoanen út 'e auto weislingere. Meganysk sjoen is dit in tige nijsgjirrich barren, dat in gearstalde krêft, dy't op it earste each in homogene krêft liket, troch in obstakel opspjalte wurde kin. No sa, nei myn bêste witten, en yn ienfâldige wurden, soe it gien wêze kinne.
Tolve freonen hawwe de trije kisten de tsjerke útdroegen en yn 'e lykauto's skood. Krânsen en blomstikken komme yn in aparte auto. De lykauto's ride it tsjerkehiem ôf en stelle har op 'e Lange Leane op. Op beide einen fan 'e Leane steane plysjeauto's om it ferkear tsjin te hâlden. It tsjerkeplein stiet groatfol auto's en wat der net op koe, stiet parkeard op 'e Lange Leane, oan 'e dyk en foar in part yn it gers. No komme alle mercedezen dy't taksybedriuw Rypstra byinoar klauwe koe ien foar ien oanriden. Yn 'e foarste auto nimme de trije widdowen sit. Mei har trijen op 'e achterbank. Se binne alle trije klaaid yn in swart mantelpak. Dûmny skikt neist de sjefeur. Dan folgje de húshâldingen Ypma, Lugtigheid en Houtsma. En dan de Lyklama's, Hoara's en Hemrica's. Dêrachter paken en beppen, âldomkes en - muoikes en oare promininte femyljeleden. En no is de oarder der ek fuortendaliks út. Wa't mar earst is mei syn auto, pikt syn freonen of femyljeleden op en riidt it tsjerkeplein ôf, buorlju, freonen, fiere femylje, kollega's en lju dy't der neat te meitsjen ha, mar der lykwols binne.
De foarste lykauto is no al op 'e hoeke Lange Leane - Flearstrjitte kommen en noch is amper te sjen dat it mindert op it tsjerkeplein. It is dêr in gaos. In man fan 'e begraffenisûndernimming besiket it fer- | |
| |
kear te regeljen, mar elkenien wol sa gau mooglik fan it plein ôf en dus sit it iderkear wer muorrefêst.
De plysjeauto is de Flearstrjitte opriden en hâldt op 'e krusing mei de Wuite Woutersstrjitte. Heel stadich rôlet de staasje fierder.
It is trije oere yn 'e nacht as by Eelkje de bel giet. Se lûkt wat klean oan en sjit nei ûnderen ta. Der is wat mei Hessel, dat wit se daliks. Der steane twa plysjes foar de doar, de iene ken se wol, dat is Sytse Bols. Oft se der even yn komme meie? Is it Hessel? Ja, it giet om Hessel? No moat se sitten gean en besykje om kalm te bliuwen. Hessel hat in slim ongemak hân mei de auto. Eelkje wit fan gjin auto. Wienen se mei de auto fuort? En der wienen noch twa jongkearels by him, kin dat útkomme? Durk en Bjinse, seit se. Mar wêr is it dan bard? Tusken Dokwert en Fraansert. Se moatte út 'e rjochting fan Dokwert kommen wêze. De lichems binne no nei Dokwert brocht, nei it sikehûs. Kin se de reis oangean foar de idintifikaasje? Foar't der mear minsken fan 't bêd ôf helle wurde, moat men wol wissichheid ha om wa't it giet. Hat se ek kunde dy't mei kin? Us mem, seit Eelkje. Jo mem mar net, seit Bols, sille wy dûmny skilje?
It is healwei fjouweren as ik troch de plysje skille wurdt. Oft ik mei gean wol nei 't sikehûs om Eelkje Ypma by te stean. Har man is ferongemakke. Gemeente, it wie net myn earste kear dat ik foar soks roppen waard, it sil ek grif de lêste kear net west ha. Mar it went nea, en it wurdt nea rûtine. It bliuwt altiten like ferskriklik.
Wy sitte tegearre achteryn de plysjeauto en ride nei Dokwert. It is in ritsje fan twintich menuten nei it sikehûs, mar it duorret in ivichheid. Dy skriklike ûnwissens dêr't wy yn ferkeare. Is it Hessel, of is der in fersin makke? Fansels, dat hopet men, dat de plysje him fersind hat, hoewol't men eins wol better wit.
Wy komme by it sikehûs en wurde nei in keamer brocht dêr't de lichems dellein binne. No komt it alderslimste, no is der gjin ûntkommen mear oan foar Eelkje. No moat se sizze: Ja, dat is Hessel. It is Hessel. En dy oare beide dat binne Bjinse en Durk.
toaneeltsje
Jonges, jim begripe sels wol dat dit net kin. Dy kompjûters kostje f 3000 it stik. Jim ha der op omramaaid, dat it net moai mear is. De saak is folslein yn disoarder. Nee, se binne net stikken, mar jim hawwe de programma's yn 'e war brocht. Dy floppy's sitte boekhâldprogramma's op, administraasjesaken, en sa mear, dêr ha jim mei oan it griemen west. It kin oeren en ek wol dagen kostje foar't wy
| |
| |
dat wer op oarder ha, en faaks moat der in saakkundige foar komme. Ha jim no wier net troch dat soks net kin? De doar wie los, Hink. Ja, de doar wie los, mar moatte jimme dan perfoarst nei binnen? No ja, de doar wie net op slot. Nee, goed, hy wie net op slot. En wat dan noch? Dan gean wy deryn. En dan meitsje jim de boel stikken? No ja, sa ha wy it net bedoeld. Mar kin jim der net gewoan ôfbliuwe? Jim witte wol dat it fan in oar is. Jim ha der neat oan noadich. Dan hie Hink de doar op slot dwaan moatten. Dus, it is myn skuld dat jim de boel bedjerre? No ja, wêrom docht Hink de doar ek net op slot? As wy hjir oars komme, dan is alles ticht en dan kin wy neat ferniele.
Aanst sil de staasje by it begraafplak oan 'e Frater Hellemawei oankomme. Op trije ferskillende plakken binne grêven dold. Trijeris sil dûmny deselde formule útsprekke, ierde ta ierde, jiske ta jiske. Meiinoar sille se it Us Heit mompelje, foarsafier't se dat machtich binne. Dan geane se nei it lokaal om kofje en in stik koeke. Se kinne wolfoldien werom sjen op in tige slagge begraffenis. De widdowen sille alris fersichtich glimkje tsjin de feinten dy't der yn har kreaze pakken útsjugge as pylders fan 'e maatskippij. En de jongkearels? Dy swarte mantelpakjes binne bysonder seksy. De widdosteat sil grif net lang oanhâlde.
In poppekast, Gearte, brek my de bek net iepen. Der wurdt in heel drama fan makke, mar 't is in opmakke mouwe. Skyt allegearre, it is lak! Hessel sloech doe't er drege ferkearing hie mei Eelkje ek mei oare froulju om en dêr is er mei trochgien nei har trouwen. Dat is stjerrende wier, noch gjin moanne wienen se troud, doe hat er mei ien fan Douwe Wallinga's froulju op bêd west. Us Jikke wit der alles fan. En de ferkearing fan Durk en Welmoed, dy wie al in moanne út. Ja, dat wurdt no ferswijd, der wurdt no krekt beard as wie it allegearre moai waar en lange dagen.
Dy gekke tutten spylje no de widdo en se fiele har geweldich yn har rol. Alle trije in swart mantelpakje fan Hofstede om 'e kont. Welja fanke, se ha der mei har trijen hinne west. Op jild wurdt net sjoen, dit is har gloarjedei.
Rinskje, do blafst der alles mar út. Tinkst net dat dy froulju echt fertriet ha? It sil dy mar oer komme.
Om Eelkje begruttet it my, dy onnoazele blei is der ynsyld mei Hessel, mar dy oaren? Wy witte wol út watfoar nêst dy komme. En de femyljes Lugtigheid en Houtsma, dat is ommers ek allegear drank, kriminaliteit en ynsest.
Dy nacht wurdt de slimste nacht yn it libben fan Eelkje, Hester en Welmoed, fan 'e femyljes Ypma, Houtsma en Lugtigheid. Eelkje en ik geane nei de hal fan it sike
| |
| |
hûs ta. Plysje Bols skillet kollega's fan 't bêd ôf. Ik besykje in âlderling te pakken te krijen. De neiste femylje moat warskôge wurde. It is hurd, mar it moat. Men soe de minsken sa graach sliepe litte wolle, har noch even rêst gunne foar't men se op 'e lea falt mei dit skriklike nijs. Mar it kin net, it mei net. Se moatte it witte. En sa reizgje ier yn 'e moarntiid inkele minsken troch Fraansert om it leed oan te sizzen. Ik skilje myn frou om te freegjen oft se de koster warskôgje wol om de tsjerkedoar los te meitsjen en dan ride wy werom nei Fraansert. Yn 'e konsistoarje slút ik de gerdinen en skik stuollen te plak. De kostersfrou set kofje.
Mar hoe kjel as wy wurden binne, dat is net te sizzen. Nee, earst net, earst is men allinnich mar ferbjustere. Men snapt net wat der te rêden is. Men wurdt kjel wekker troch in ôfgryslik lawaai. Freeslik. En dan is it stil. Men wit abslút net wat it west hat. Men knipt it ljocht oan en der is neat te rêden, men leit gewoan op bêd. Men hat neat. En dan tinkt men: de bern! Men stoot de oerloop oer nei de bern har keamer, en dy harterkes lizze leaf te sliepen. En dan sjucht men de ravaazje op 'e solder, stikken hout en diggels fan dakpannen. Men sjucht de stjerren troch it gat. En dan wurdt men ôfgryslike kjel. Wat is der op ús dak dondere, tinkt men. Myn man, Bindert, hat de klean oanstrûpt en is nei bûten gien. Al gau kaam er der wer yn. Der leit in deade fint op it hiem, sei er, en in autowrak. Doe wy it tillefoanboek en it alarmnûmer skilje. Nee, Bindert hat net wer bûten west. Hy trille oer alle lea. Ik ek nammers. Doe wisten wy oan hokker gefaar wy ontsnapt wienen. In meter mear of minder, en de bern of wy hienen dea west.
Fan healwei fiven oant healwei achten sitte wy meiinoar yn 'e konsistoarje. Eelkje, Hester, Welmoed en de femyljes Lugtigheid, Houtsma en Ypma, âlden en bern. Se wolle nei Dokwert om de jonges te sjen, mar wy beprate har. Se lizze der sa skriklik by, se moatte wachtsje oant de susters har wurk dien ha. Ik lit Eelkje fertelle, want sy moat kwyt wat se sjoen hat yn it sikehûs. Hûndert fragen tûmelje oerinoar hinne. Wat dienen de jonges dêr, en hoe is it bard? En wy witte net oeral in andert op. Mar dat is net slim, it is goed om te praten. Ek al giet it soms om bykomstichheden, alles moat utere wurde. Wy skrieme en bidde, en soms glimkje wy ek, as ien fan 'e lytse bern seit dat har broer no by de Heare Jezus is. Sa stadichoan beseffe de achterbliuwenden de swierte fan it leed. It wurdt moarntiid en der moatte dingen regele wurde. Dat is mar goed ek, dat ferdivedearret. Wy ferpart- | |
| |
sje de taken, der moatte kaartsjes printe wurde, der moatte advertinsjes opsteld, de begraffenisferiening moat warskôge wurde. De dage komt oan 'e loft, de dei begjint, in skriklike dei.
Gemeente, lit ús sjonge ta eare fan 'e kostersfrou, dy't ús tiisdeitemoarn sa treflik foarsjoen hat fan kofje, en dy't aanst ek wer foar ús klear stean sil. De femylje stelt it op priis dat jimme allegearre mei geane nei ôfrin fan 'e beierdiging:
Dat is nei elkenien syn smaak,
Deaden ongemak Fraansert beierdige FRAANSERT - Under oerweldigjende belangstelling binne de trije jongkearels dy't tiisdeitenacht te Fraansert om it libben kamen justermiddei begrûven.
Mear as fjouwerhûndert minsken hawwe juster de routsjinst foar de tiisdei ferongemakke jongemannen bywenne. Lykas earder berjochte, ferlearen yn 'e nacht fan moandei op tiisdei trije jongkearels it libben doe't de auto, dêr't se mei ûnderweis wienen fan Dokwert nei Fraansert, by de buorskip de Flaaien fan 'e dyk rekke en op in wenhûs telâne kaam.
Al in healoere foar de oanfang fan 'e tsjinst wie de tsjerke bomfol en moasten stuollen oandroegen wurde om elkenien plak te jaan.
Under de begraffenisgongers wienen net allinnich femyljeleden en freonen, mar ek fertsjintwurdigers fan ferienings en organisaasjes en offisjele fermiddens. Ek boargemaster Marjan de Bruin wenne de tsjinst by.
De kisten mei de stoflike omskotten waar
| |
| |
den troch freonen fan 'e ferstoarnen út 'e tsjerke droegen en nei it hôf brocht. De ferstoarnen binne te ierde besteld by har femyljes, en net, sa't ynearsten it doel wie, yn trije oanslutende grêven.
As gefolch fan 'e grutte sleep auto's dy't de begraffenisgongers fan 'e tsjerke nei it Algemene Begraafplak oan 'e Frater Hellemawei ferfierden, hat it ferkear yn Fraansert hast in oere fêstsitten.
Der moast tiisdei fanalles regele wurde, en dat wie goed, dat joech wurk. Mar de jûns waard it wer stil en doe kamen op 'e nij de fragen en de problemen. En dêr wraksele elk op himsels mei. Dat wie net goed, leed moat parte wurde, dan is it better te dragen. Mar hoe giet it gau, minsken doare net nei de neibesteanden ta te gean, dy sille wol genôch oan harsels hawwe. It wie krekt oarsom: Welmoed, Hester en Eelkje, wat hienen se der in ferlet fan om no opheind te wurden troch har freonen en freondinnen. Om it allegearre te fertellen en kwyt te reitsjen. En sa gyng it de âlden krekt en allyk. Wy binne doe meiinoar teriede gien en hawwe ornearre dat wy foar alle freonen noch in jûn belizze moasten. Dat ha wy woansdeitejûne dien. Wy ha bekend meitsje litten dat alle freonen fan Durk, Bjinse en Hessel en fan Welmoed, Hester en Eelkje wolkom wienen yn De Doelen. Dêr ha wy meiinoar bidden en songen, dêr ha wy benammen praat. Dat hat ús allegearre tige goed dien. Der wie noch safolle dat wy tsjin Durk, Hessel en Bjinse sizze wollen hienen. Der wienen ek dingen dy't men noch wolris trochpraat en útpraat hawwe woe. Benammen Welmoed hat it dêr swier mei hân. Tusken har en Durk woe it de lêste wiken net sa goed, sa't it yn elke relaasje wolris heakket. Fan beide kanten is de goede wil oanwêzich, en doch klikt it net. Welmoed hie sa graach wollen dat it wer goed kommen wie. Wy meie har sizze en dat ha wy woansdeitejûn ek tsjin har sein: Welmoed, it is goed. Sit dêr net langer oer yn. God wit dy dingen.
Wy ha ek wat ôfpraat. Wy ha ôfpraat dat wy ús net ferhâlde sille en dat wy ús ek net fertille sille oan dingen dy't ús te swier binne. Wy meie leauwe dat Bjinse, Durk en Hessel thús binne, mar wy kinne dêr gjin frede mei hawwe. Wy leauwe dat God docht wat yn syn eagen goed is, mar yn syn plak soenen wy it oars dien ha. Hy is God, mar wy binne minsken, lytse minsken, wankelmoedige minsken, en wat wy net begripe, dat hoege wy net te begripen. Wat ús te swier is, dat hoege wy net mei fleur te dragen. Wat ús sear docht, hoecht ús net te ferbliidzjen. Dêrom meie wy opstannich wêze en lilk, en
| |
| |
wy meie ek flokke. En dêrnei sille wy ek wer bidde.
Tongersdeitejûn hawwe de widdowen in gearsit by Eelkje oan hûs. Eelkje is de echte widdo, en dêrom hat sy de measte rjochten. Se sille jûn pakjepasse en rippeteare. Ornaris rinne se yn spikerbroek en dan komt it net sa krekt hoe't men de fuotten delplantet of de knibbels hâldt, mar yn in rôk, en grif yn in deftige rôk, moat men jin hâlde en drage. As Welmoed en Hester komme mei har doazen en pûden, om healwei achten hinne, hat Eelkje de kofje al brún. Se docht de doar achter de froulju op it slot en de gerdinen ta. Fan potkikers hat men no alderminst ferlet. Nei in kop kofje komme de pûden iepen en de mantelpakjes op 'e tafel. Allegearre strûpe se broeken en truien út en dan begjinne se har yn 't habyt te hisen. Earst lûke se in swarte panty oer de skonken. Dan komt de wite blouse oan, de rôk en by einsluten it jaske. No de skuon noch oan. Benijd en nijsgjirrich meunsterje se inoar en harsels yn 'e grutte spegel. ‘Stiet dit sa goed, of wat tinkst?’ ‘Rin ris in pear stappen.’ Se knoffelje op hege hakken, dêr't se nea op rinne, de keamer troch. Allinnich Eelkje hat ûnderfining, dy hat mei har trouwen ek skuon mei hege hakken droegen, wite doe. Mar dy deis hat se mear sitten as stien. Moarn wurdt it oars. De huodsjes, dat is it meast ûnwennige noch. Se driigje der tsjinoan. Do earst, Eelkje. Mar Eelkje skermesearret mei de kofjepot. Dan set Welmoed de kyps op en daliks smoart Hester fan it gnizen. It is gjin gesicht, se liket wol fjirtich. Mar as Welmoed fan 'e weromstuit begjint te skriemen, is Hester ynienen mei hannen omkeard. ‘It is prachtich,’ seit se. ‘Ast it goede gesicht derby lûkst, dan stiet it geweldich.’ No doar Hester it sels ek wol oan. En dan Eelkje. Se meunsterje inoar en jouwe krityk. ‘Wat mear nei foaren skowe, ja sa. Moatst goed rjochtop stean, de skonken
neistinoar. Rin ris in eintsje. Net sa wâdzje, lytse stapkes. Net mei de hakken op 'e grûn, de teannen nei foaren sette.’ Welmoed stapt as wie se op klompen, klap, klap. Mar al sa njonkenlytsen krije se it foarinoar om har as dames te hâlden en te dragen.
Gemeente, lit ús bidde: God, jo witte it better as wy, mar neffens ús hie dit sa net moatten. Trije jongkearels, dy't noch safolle ferwachtsje mochten, binne út it lân fan 'e libbenen skuord. Yn in pear tellen dompelje jo minsken djip yn 'e rou en ellinde. Jo knoeie trije jonge froulju, jo benimme trije âlderpearen de libbenswille. Wêrom? God, wy kinne it net begripe, wy wolle it net begripe kinne. Mar wy moatte it oanfurdigje. Wy binne ferslein, wy binne lilk en opstandich. Mar wy witte,
| |
| |
jo begripe dat. Jo harkje net allinnich nei ús lofpriizgjen, mar ek nei ús flokken en razen. God, wy smeke jo, stean ús by. Wy hawwe in swiere gong te gean. Help ús dizze oere en dêrnei, oant yn ivichheid. Amen.
Gemeente, wy steane klear om Hessel, Durk en Bjinse nei har lêste rêstplak te bringen. Lit ús by einsluten sjonge fan it taksybedriuw dat foar trije lykweinen soarge hat en sûnder waans bysondere ynspanning dizze begraffenis sa goed net beteare kinnen hie:
Ik bring de minsken oeral hinne,
Nei 't paradys of furtsjefinne.
De toarstigen nei it kefee,
De deaden nei har lêste stee.
|
|