Ik soe krekt antwurdzje, doe't er opnij begûn te praten. Hy seach noch altyd oer my hinne en it wie as spruts er syn gedachten út: ‘Jimme heit hat yn 't foarskip stien; jierren letter jimme mem. Fijne minsken, de gemeente hat se mei soarch fuortbrocht. It âlderhûs waard al rillegau ôfbrutsen en do wennest no earne yn in nijbouwyk. Jim Jan wennet al jierrenlang yn 't bûtenlân, n't wier?’ Hy seach my wer oan.
Ik knikte.
‘Is dit gjin spoekerij fan dysels?’
Ik hearde him smûgen.
‘Hoe âld bist no, jonge?’
‘Sânentritich, dûmny.’
‘Och ja, jim Jan is wol tsien jier âlder, hen.’ Ik knikte.
‘Soest dy dochs net in frou sykje? Miskien... as der in pear bern binne... prakkesearrest nergens mear oer.’
Stadich skode ik de stoel achterút en gyng stean.
‘Ik begryp dat jo jo net ynlibje kinne yn myn situaasje. Ik nim it jo net kwea ôf.’
Hy brocht my nei de bûtendoar en doe't ik it foarportaal opstapte, krige hy my by 't skouder.
‘Tegearre kinne wy om in útwei freegje.’
‘Hertlik betanke, dûmny, dat jo tiid foar my hienen.’
Ik draaide my om en eefkes letter hearde ik de doar fan de âlde pastorij tichtslaan.
Ik ferburch my yn it tsjuster en gyng wer op hûs oan.
Wat koe dy âlde man my oan hope jaan? Syn ûnbegryp wie dúdlik. Ut syn mûle kamen de wurden dy't ik eins al ferwachte hie. En dochs, ik steapele de teloarstelling op de grutte heap.
It dimme spotlight-ljocht struts by de grenen balke lâns. Ik seach hoe't se út it hout stapte en op my takaam.
‘Do hiest it by de goede ein. Amanda is korrekt.’
Se begûn te neontsjen en beweegde sierlik op de meldij. Se klapte yn de hannen en lake bliid. Har antlit glom as mahoanjehout en it like oft der goud op har fel blonk.
‘De spesjalist bliuwt no noch oer. Do meist it wol witte: ik fyn it in drege beslissing. Mar, myn ferantwurdlikheid telt swier mei. Yn gearwurking mei him moatst dyn beslissing nimme. Nee, do silst sels, begryp my goed, do allinne moatst dyn hantekening sette. Der sil gjin werom wêze, hearsto goed, dân is der gjin wei werom. Uteraard bisto ferantwurdlik foar dysels.’
‘Hokker spesjalist?’
‘Ik sil it ôfsprakeburo skilje en in brief skriuwe. De namme fan de spesjalist stiet op de slúf. Nei seizen kinst it brief ôfhelje.’
Doe't ik jûns de sliepkeamersdoar sleat,