wurden. Yn de fierte hinget swier waar yn 'e loft.
At ik thús kom, giet de tillefoan.
‘Wêr wiesto?’ freget in lilke stim. Hy is it.
‘Ik wie yn it park.’
‘Allinnich?’
‘Ja, hielendal allinnich.’
‘En fieldest dy ek begearlik?’ himet er.
‘Nee.’
‘Ferkeard antwurd. Krijst noch ien kâns fan my.’
‘Dy kâns hoech ik net. Ik wol straf ha.’
It is lang stil oan de oare kant.
‘Dat kin net, sa fier giet de list net,’ seit er boas.
‘O, spitich. Wol in beheinde list oars.’
Hy is lilk en smyt de hoarn derop.
In oere letter giet de bel.
‘Ah, dêr wiest al,’ sis ik fleurich, ‘krekt op tiid foar de tee.’
Sûnder wat te sizzen docht er syn jas út en giet op de bank sitten. Dan leit er it pistoal op tafel.
‘Do witst it,’ seit er driigjend
‘Fansels wit ik it. Dea is altiten it lêste wurd.’
Ik pak in kopke út de kast, helje de treppot en jit de tee út.
‘Tink mar net datsto der sa maklik foar wei komst. Ofspraak is ôfspraak.’
It pistoal stoarret my fan de tafel ôf oan.
‘Ja, dat is sa. Mar grinzen binne der dochs om brutsen te wurden. Dat soesto witte moatte. In spultsje neffens de regels is lang sa nijsgjirrich net as in spultsje dat him net altiten oan dy regels hâldt. Hjoed ha ik bygelyks in nije list foar dy.’
Hy swit, hy swit ferskriklik. Syn hannen skodzje. It giet de goeie kant út.
‘Nee, hâld dy stil,’ byt er my ta.
‘Ja, moat ik stil wêze? Wolsto dat echt? Dat tink ik net. Begearlik hast sein. No moast ris sjen watsto hjoed fan my krijst.’
Ik helje in siden doek út de kast.
‘Sêft, hiel sêft. Jou dyn hannen mar.’
Hy sjocht my kjel oan, huvert, mar jout my syn hannen. Ik byn se strak by inoar, rin nei de kast ta, helje der in tou út en byn ek syn fuotten fêst.
‘Dat hiest net tocht, hin. Ik sels earst ek net, mar it waard allegearre wol wat saai, dat spultsje fan dy. En ik wit datsto hjir fan hâldst.’
‘Wat komt no?’ himet er.
‘Net sa hastich. Do witst de earste regel: geduld, doch alles mei in soad geduld,’ sis ik en stopje in stik papier yn syn mûle.
‘Ja, no binne wy dêr't wy wêze moatte. Wy hawwe no de hiele list in kear yn realiteit omset en do fynst it moai, do genietest, want dit is it.’
Ut syn mûle dript flibe op de flier.