| |
| |
| |
Pieter Breuker
De rôze ko
Minne sjocht op it horloazje: it is moandei 4-7, 7.46 oere. Presiis op 'e tiid komt de trein út Starum oan. As de treindoarren iepen geane, wipt Minne foar alle oaren nei binnen. Hy hat op it perron al sjoen, dat de foarste bank yn 'e net-rokerskûpee noch frij is. Hy giet mei it gesicht fan de rydrjochting ôf sitten: wat er bûten sjocht, giet op dy manier fan him ôf en dat jout rêst. Boppedat rint er sa by in botsing minder risiko: de rêch fan de bank kin de earste klap opheine. It rûkt binnenyn al net sa fris mear en it is benaud, mar Minne docht dochs it rútsje lofts boppe him ticht: hy is bang, dat er it oars te pakken krijt. Minne set de tas neist him op 'e bank del en ûntwykt de blik fan it frommeske dat har skean foar him oer ynstallearret. Gelokkich nimt se gjin notysje fan him. Hy pakt de krante út 'e tas en teart dy wiid iepen, sadat er der hielendal achter beskûle giet.
Stadich komt de trein yn beweging. Minne besiket te begripen wat er lêst en as dat net wol, stoarret er nei bûten. Hy sjocht yn it rút, dat it frommeske har opkreazet, se stekt har lippen foarút en makket dy fochtich. Wer sjocht er op it horloazje. Noch acht minuten, dan sil se ynstappe. Mei de lofter hân hellet Minne syn bûsboekje foar it ljocht, wylst er mei de oare de krante foar him hâldt. Hy lêst foar de fjirde kear dy deis syn oantekens ûnder DE FROU troch:
I. | namme: ûnbekend (neam har Freia); |
II. | geslacht: froulik; |
III. | leeftiid: ± 25 jier; |
IV. | lingte: ± 1.78 m.; |
V. | gewicht: ± 55 kilo; |
VI. | kleur hier: reammekleurich; |
VII. | kleur eagen: griis mei in sêftgriene ûndertoan; |
VIII. | sûnens: liket goed (1. moaie, frisse kleur, 2. glinsterjende eagen; 3. fitaal foarkommen); |
IX. | boargerlike steat: foar't neist net troud (draacht gjin trouring); |
X. | berop: learares? studinte? (evt. sekretaresse?) |
Minne is fereale. Geandewei is er him dêr bewust fan wurden. De earste wiken fielde er him allinnich mar ûnrêstich as se ynstapte, hy woe har net sjen en hy die syn bêst om syn gefoelens te ûntkennen, mar op 't lêst waarden syn emoasjes him de baas. Op 9 maaie hat er har foar it earst moete, yn 'e trein Mantgum-Ljouwert fan twa minuten
| |
| |
foar achten. Sûnt hat er har alle dagen yn dy trein sjoen. Hjoed wurdt it de njoggenentritichste kear. Under DE FROU lêst er fierder:
‘Tiisdei 30 maaie: Freia lêst alle moarnen krante fan de foarige deis.’ ‘Tongersdei 2 juny. Freia hast te let foar de trein. Gelokkich wachte de kondukteur. Se die o sa aardich tsjin him.’ ‘Moandei 6 juny. Freia yn selskip fan ± fiifentritichjierrige man. Kunde? Kollega? Freon?’ ‘Tiisdei 7 juny. Freia stapt wer allinnich yn.’ ‘Moandei 13 juny. Besocht om kontakt mei Freia te krijen: “Tussen de rails” út it bagaazjerek boppe har weihelle. Se naam gjin notysje fan my.’ ‘Freed 17 juny: Freia sa faak oansjoen, dat it blykber steurend waard: se hat tusken Bears en Ljouwert net wer út krante wei opsjoen.’ ‘Tongersdei 23 juny. Foarnimmen om by it útstappen Freia ta te knikken net útfierd.’ ‘Moandei 27 juny. Fuort achter Freia út de trein stapt. Woe har stikem oanreitsje, mar doarst net.’ ‘Freed 1 july. Yn eigen auto stedsbus fan 8.10 oere, dy't Freia altiten nimt, folge. Freia stapte oan Rengersleane út. Har hiel foarsichtich achternei rûn, mar yn “Bouhof” kwytrekke.’
Noch ear't de trein begjint te remjen, sjocht Minne al nei bûten: direkt sil se wer ynstappe. Hy freget him ôf hokker klean oft se oan hawwe sil. Minne syn eagen litte de doar net los: hy ferwinsket yn stilte in âld pear, dat mar net út 'e trein weikomt. As it dan dochs noch ta in útdragene saak kommen is, fluitet de kondukteur koart en flappe de doarren lûd systerjend ticht. ‘Ferdomme, wêr is se? Soe se de oare yngong nommen ha?’ Minne riist oerein en sjocht sykjend om him hinne, mar se is der net. ‘Of soe se om de waarmte op it balkon bleaun wêze?’ Der is net in mins. Mei in klap docht Minne de doar achter him ticht. Healwei syn plak draait er him ynienen om: ‘fansels, se sit yn 'e oare kûpee!’ Op in draaf fljocht er dêrhinne. De reek priket him yn 'e eagen. ‘Dêr sit se, hielendal oan 'e ein. Se hat it hier feroare!’ As er neist har is en har oansjocht, nimt in wyldfrjemd frommes him koel op. Yn sân hasten siket Minne syn plak wer op.
As de trein einlings yn Ljouwert oankomt, stapt Minne as earste út en rint heal yn 'e sûs nei syn wurk ta. De sekretaresse groetet him freonlik, mar Minne liket neat te sjen: hy giet fuort nei syn laboratoarium. Sûnder der by nei te tinken giet er oan it wurk, mar as op it skerm fan syn kompjoeter de sin: ‘Wêr is Freia: frije dei, siik, ferhuze?’ ferskynt, hâldt er op en komt muoisum oerein. Hy tinkt in hoartsje nei en typt dan yn grutte letters STRATEZJY. Hy soe har blommen stjoere kinne, hiele grutte bosken, in wike lang, alle dagen oaren, mar de lêste kear reade roazen. Hy realisearret him ynienen, dat er net iens wit hoe't se hyt en wêr't se wen- | |
| |
net. Se stapt wol yn Mantgum yn, mar dat seit noch net safolle. Hy soe har folgje kinne en sjen wêr't se hinne giet, mar dat achtet er dochs te riskant: as se him dan yn 'e gaten krijt, freget se har fêst ôf wat er dêr moat. As er no moarnier ris gewoan neist har sitten giet? Hy moat dan fansels wol witte wêr't er it oer hawwe sil. Minne tinkt nei, mar der wol him neat brûkbers yn 't sin komme.
Moedeleas meldt Minne him siik en seit, dat er nei hûs giet. Syn sekretaresse freget him oft se him ek nei de trein bringe sil, mar Minne wiist har help botwei ôf. Op it stasjon wachtet er op de trein fan sân menuten oer njoggenen út Starum. Miskien hat se har fersliept en stapt se aanst út. As de trein der is, doar er hast net te sjen. Heal achter in pilaar ferburgen sjocht er in hantsjefol reizgers nei bûten kommen. Se is der net by. Hawwe de minsken op it stasjon niget oan him? Minne giet gau de trein yn. Hy set de tas neist him del, docht de earm der omhinne en tinkt oan har. Op dit plak sit se gauris. De trein is al yn Mantgum ear't Minne it beseft. Hy giet yn 'e iepene doar stean en sjocht it hiele doarp oer. Mocht se hjir al wenje en op dit stuit thús wêze, dan hat er har no binnen syn eachweid. Yn in refleks pakt er de tas en fljocht nei bûten ta.
Op in draaf ferlit Minne it perron en set it doarp yn. Oan wjerskanten fan de dyk rize de huzen omheech. It binne foar Minne ûnnimbere burchten: as er har al achter ien fan de ruten stean sjocht, doart er dochs neat te ûndernimmen. Wat soe er sizze moatte? Miskien komt er har direkt wol tsjin. Hy rekket yn panyk en rint hurd troch. Hy is opluchte as er it lêste hûs foarby is. Op 'e trijesprong Mantgum-Easterwierrum-Boazum bliuwt er stean, hy wol yn alle gefal net wer troch Mantgum. As er op it ANWB-boerd stean sjocht, dat Snits noch tsien kilometer is, beslút er om nei hûs ta te rinnen.
Minne slacht in lift fan in him ynheljende automobilist ôf, hy moat rinne, hieltiten mar trochrinne, hy fielt, dat de spanning sa wat saksearret. Yn Boazum bliuwt er by it kafee dochs stean en wifket oft er der yn gean sil. Achter in hage heart er it hege, ynhâlden laitsjen fan in frou. Hurd rint er fierder. In eintsje bûten it doarp krúst de dyk it spoar Ljouwert-Snits. Minne giet yn 'e spoarberm sitten. De sinne stiet hast lyk boppe him. Hy docht it jaske oer de holle en giet lizzen. Hy is krekt yn in wiffe sliep fallen as it hieltiten lûder wurdende gebolder fan de trein út Ljouwert him eangstich wekker makket. Minne sjocht op it horloazje, it is fjouwer menuten oer alven. Wurch begjint er oan de kilometers nei Snits. It is hast healwei ienen as er thúskomt. Hy hellet in flesse Spa út 'e kuolkast en drinkt dy foarsichtich leech. Dan nimt er twa whisky's, giet nei boppen,
| |
| |
docht de gerdinen fan de sliepkeamer ticht, klaait him hielendal út en ploft boppe op 'e tekkens del.
Minne dreamt, dat er yn 'e Prinsetún kuieret. Wylst er op it punt stiet om der út te gean, sjocht er har by de útgong sitten. De oare deis moetet er har om deselde tiid wer op dat plak en in dei letter giet it krekt sa. De fjirde deis bart der lykwols wat bysûnders. Minne riidt op in rôze ko de Prinsetún yn. Mei in steatlike trêd giet er op 'e útgong ôf en hy beart as sjocht er har net sitten. Se fearret oerein en seit:
‘Menear, wat hawwe jo in bysûndere ko!’ ‘Myn Pinky is absolút unyk, op 'e hiele wrâld. It hat my hast tsien jier koste om dizze kleur te fokken.’
‘Ah, jo binne fokker?’
‘Nee, nee, biogemikus. Ik isolearje embryosellen fan de bêste kowelagen en dy bring ik mei help fan streamstjitten yn ûnbefruchte aaisellen, ek wer fan preferinte kij. Sa komt befruchting ta stân, krekt sa faak as ik wol en it resultaat is hieltiten bettere kij.’
‘En wurde dy kij dan automatysk rôze?’
‘O nee, dat is in keunst apart! Dat is in hobby fan my, mar as haad fan it “Eurocenter for cattle-improvement” haw ik hast gjin tiid om mei de kleurslach te eksperimintearjen. Hjoed haw ik gelokkich frij, ik wol no genietsje fan in tochtsje op myn ko.’
‘Ik bin gek op kij, ús heit is boer sjoch, wy hawwe thús mear as hûndert, mar fansels net sokken as dizze. Ik wist trouwens hielendal net, dat je op in ko ek ride koenen.’
‘Pinky fynt it prachtich, sa haw ik har treend. Se is sa mak as in laam, as jo wolle, meie jo wol in eintsje op har ride.’
‘Kin dat wol? Der moatte gjin ûngemakken fan komme.’
‘Wit’ jo wat wy dogge, wy meitsje tegearre in ritsje, ik hâld jo goed beet. Kom mar, ik help jo der wol op.’
Minne wipt fan de ko ôf en mei in handige beweging tilt er har derop. It bist wurdt lykwols fan de ûngewoane beriidster sa bang, dat it fljocht daliks op 'e rin. Minne draaft achter de ko oan, mar hy kin net heal sa fluch. Dêr fjouweret it dier by de wâl del, de grêft yn.
‘Freia, Freia, Freia!!!’
Net begripend stiet Minne neist it bêd, syn neakene lea betaastend. In fûle tongerslach makket him klearwekker. ‘Freia, ik ha mei Freia praat, de dream, ik moat de dream opskriuwe, sa kin ik mei har prate’, ropt er. Minne begjint as in wyld de dream op papier te setten, wurd foar wurd. Hy fersint him net ien kear. As er klear is, skriuwt er it hiele ferhaal oer, yn grutte, dúdlike blokletters en hy leit it foar him op it buro del. Hy moat no de kop der goed byhâlde. Hy kin fansels net op in rôze ko syn entree meitsje, rôze kij besteane no ienkear net. Eef- | |
| |
kes lit er yn him omgean om ien te fokken, mar dat soe grif jierren fergje. Hy soe fansels ek in ko keapje kinne en dy rôze spuitsje, mar ek dat idee set er fuort wer fan him ôf: wa sit no op in ko en boppedat, wêr soe er har moetsje moatte? Hy kin har min op it perron yn Ljouwert opwachtsje, it soe dêr yn in sucht swart fan de minsken sjen en sels yn Mantgum, hoe lyts ek, soe in man op in ko, in rôzen ek noch wol, gâns opskuor jaan.
Ferslein leit Minne de pinne del. Wylst er himsels in whisky ynjitte sil, giet de tillefoan. It is syn sekretaresse, dy't witte wol hoe't it mei him giet. As er ferlet fan ien en oar hat, moat er it foaral sizze, se kin ek wol komme. Minne makket him der fanôf. Se hat noch in boadskip: de redaksje fan ‘The New Cattle-Breeding Journal’ hat frege wannear't er syn artikel oer it kloanen fan koweembryo's klear hat. Minne antwurdet, dat er it ôfmeitsje sil as er wer oan it wurk giet en leit dan hastich de heak op it tastel. Hy klaait him oan, hellet de krante út 'e bus, pakt de romer en flesse en giet yn 'e tún sitten.
De whisky jout him in oangenaam waarm gefoel. It twadde katern stiet wer fol mei stikken oer skûtsjesilen. Ien side is hielendal wijd oan in fraachpetear mei de klassemintsoanfierder. Op 'e foto is elke tear en elke ûnregelmjittichheid fan syn ferware kop te sjen. Neffens it ûnderskrift giet it om Boardzer Boonstra, ferline jier noch folslein ûnbekend mar no de grutte ûntdekking. Minne skoot fol argewaasje de nije folksheld oan 'e kant: dy ûnnoazele sport ek altiten. Ynienen springt er oerein: hoe koe er sa stom wêze! De wittenskipsredakteur fan 'e krante harket mei grutte niget nei Minne syn ferhaal. Wis, de krante hat alle belang by syn ûndersiik nei genetyske manipulaasje mei koweembryo's en wol graach de primeur fan syn revolusjonêre ûntdekkingen hawwe. Menear moat mar sizze wannear't it him past om ynterviewd te wurden. Minne praat wat op syn drokbeset bestean om en de fakânsjes dy't foar de doar steane. Hjoed hat er lykwols fierder neat en as der fan 'e oare kant gjin al te grutte beswieren binne, moat it fan 'e middei noch mar wêze, fanwegen de foto's leafst op it lab. De sjoernalist praat mei Minne ôf, hy sil dêr om healwei seizen wêze, dan komt it stik yn 'e krante fan moarn.
De oare deis nimt Minne frij. Einlings is it healwei tolven. Hy fytst oerstadich nei it stasjon: de trein nei Ljouwert giet pas oer in goed kertier fuort. As er om sân menuten oer tolven yn Ljouwert oankomt, hat de kiosk krekt de krante binnen. Minne skuort de ferkeapster de krante hast út 'e hannen en siket in stil plakje op. Side trije, fiif, njoggen, alve, it sil der bliksem dochs wol yn stean?
Yn sân hasten blêdet er fierder. Ah, side santjin, in paginagrut artikel mei as kop: ‘DR
| |
| |
LEEGSTRA FYNT METOADE OM FETEN EIWYTGEHALTE MOLKE TE FERDUBELJEN’ en dêrboppe yn lytsere letters: ‘Revolusjonêre trochbraak yn eksperiminten mei genetyske beynfloeding kowe-embryos’. Mei in tefreden gesicht besjocht Minne de hierskerpe foto fan himsels: hy stiet der tige herkenber op. Ek it laboratoarium komt alhielendal ta syn rjocht. Moarnier yn 'e trein sil se it stik oer him lêze en him herkenne. Dan sil se him oansprekke. Minne stelt him foar hoe't it petear ferrinne sil. Se prate fansels earst oer it krantestik en syn wurk. Hy moat har eins meinimme nei it lab, dat sil yndruk op har meitsje. Dan kin er har dêr kofje oanbiede, sadat it praat wat persoanliker wurdt. Hy soe har dan foarstelle kinne om de jûns nei de film te gean. Nei ôfrin kinne se by him thús dan noch wat drinke. Tefreden oer syn konstruksje oriïntearret Minne him op 'e films. Hy hat yn jierren net yn in bioskoop west, mar op 't lêst makket er in kar: ‘De dei foar moarn’ liket in hiel beskaafde leafdesfilm te wezen. As er thús is, reservearret Minne fuort twa plakken foar de film. Dan bellet er syn sekretaresse en seit, dat se de oare moarns om tolve minuten oer achten de kofje klear hawwe moat. Ek wol er, dat se twa ierdbeigebakjes keapet. Hy negearret har freegjende toan en brekt it petear ôf.
Nei't er him dûst hat, giet er de stêd yn: it sil him moarn net oan syn foarkommen lizze. Mei in fikse triuw docht er de doar fan ‘Hij’ iepen, mar as er goed en wol binnen is en al dy opsichtige klean hingjen sjocht, moat er himsels oplizze om net opslach út te naaien. De ferkeapster wit him der lykwols fan te oertsjûgjen, dat felle kleuren o sa yn 'e moade binne. Op har oanrieden past er in hurdgiel jaske en in ljochtpearse broek. De klean stekke him oeral, mar de juffer beart, dat de útsochte kombinaasje in skot yn 'e roas is. Minne jout him oer en rekkenet hastich ôf. Mei in fjoerreade kop ferlit er de winkel.
Thús leit er de klean al fêst foar de oare deis klear. Ek fierder soarget er der foar, dat er dan neffens in foaropset plan hannelje kin: yn tolve punten leit er stap foar stap de te folgjen proseduere fêst. Dan set er alles wat er oer har wit, oant yn it lytste detail, op papier. Mei help fan syn oantekens yn it bûsboekje stelt er it ferhaal op. Nei trije oeren hat er de earste ferzje klear. Hy lêst it troch, bewurket it hjir en dêr en jout noch in inkelde oanfolling. Einlings is de tekst him nei it sin. No moat er it noch yn it net oerskriuwe. Hy hellet in leech skrift út it laad en set dêr yn sierlike letters ‘Dossier Freia’ op. Om alve oere hat er syn ferslach klear, it telt tsien siden. Wat sil se moarn opsjen. Dan makket er wat iten en drinken klear en pielt dêr mei sin krekt sa lang mei om, dat er om tol- | |
| |
ve oere noch oan tafel sit. Hy pakt syn oantekenboekje en skriuwt ûnder 6 july: F-day. No kin er op bêd gean.
Minne is bliid as it einlings ljocht wurdt. Hy wachtet oant de klok ûnder fiif oere slacht en komt der dan ôf. Under it folrinnen fan it bad beslacht de spegel. Minne skriuwt der mei grutte letters FREIA op. Eefkes betinkt er him en dan set er der yn in folle lytsere letter ûnder: + Minne. Tefreden giet er yn it lijwaarme wetter sitten en wasket him hiel stadich, plak foar plak. As er him ôfdroege hat, parfumearret er gesicht en hannen. Unwennich snúft er de rook op.
As er ûnder komt, moat it noch seis oere wurde. Hy makket mei in protte soarch de itenstafel klear, mar as er lang om let oan it miel sit, kin er it earste stikje bôle al net iens op en krijt er de tee mei muoite nei binnen. Dan docht er de nije klean oan, it stekt en jûket noch mear as juster. As er himsels yn 'e spegel besjocht, hat er oanstriid om it grize pak oan te lûken.
Minne giet sitten en folget ferduldich de wizers fan de klok. Hoewol't er de tekst dêrfan út 'e holle ken, hellet er it ‘DRAAIBOEK 6 july 1988’ út 'e bûse. De lêste sin: ‘Stap 12: Tivoli: “De dei foar moarn”: 20.00-22.15 oere: nei ôfrin yn 'e taksy nei myn hûs, wat drinke en dan bekroaning’ set er in ekstra streek ûnder. De earste trije punten: ‘Stap 1: wekker op 6.20 oere’; ‘Stap 2: bad nimme’ en ‘Stap 3: alles opromje; fiifentweintich reade roazen op 'e tafel’ skrast er troch. Stap 4: ‘7.30 oere nei it stasjon rinne’ begjint er presiis op 'e tiid oan.
Om tsien menuten foar achten is de trein der nóch net. Minne betwivelet oft syn horloazje wol goed rint. Oan 'e oare kant: de stasjonsklok wiist deselde tiid oan. Om hielendal wis te wêzen freget er in oare reizger: ek dy syn horloazje stiet op tsien foar achten. Soe der wat wêze: in ko op 'e rails, in ûngemak, de trein stikken? Minne stiet op it punt om nei de stasjonssjef te stappen as de trein binnenkomt. It is ien minút foar achten. It baarnt Minne yn. As de krusende trein Ljouwert-Starum no net yn Mantgum wachtet, wurdt it nochris tsien menuten letter. Salang hâldt se it fansels noait út, dan giet se fêst op in oare manier nei Ljouwert. Unwis stapt Minne yn 'e trein. De doarren bliuwe iepen stean en de kondukteur begjint de kaartsjes te knippen. As er oan Minne ta is, jout dy him mei triljende fingers it abonnemint. It swit stiet him op it gesicht. De kondukteur freget him oft er him wol goed fielt, mar Minne seit dat him neat skeelt en hy hellet gau syn oantekenboekje foar 't ljocht. Hy lêst: ‘Stap 6: Freia nimt trein fan 7.58 oere’. Minne ferwyt himsels, dat er in stap oerslein hat; hie er no mar fêstlein: ‘7.46 oere: trein giet fuort’. Miskien kin er de dingen noch nei syn hân sette. Hy foeget oan
| |
| |
syn deiboek ta: ‘Stap 5a: 8.09 oere: trein giet fuort’, ‘Stap 5’ wurdt ‘Stap 5b’ en ûnder stap 6 feroaret er 7.58 oere yn 8.21 oere.
Om tsien menuten oer achten is 't safier: flugger as oars set de trein faasje. Minne sit neffens stap 5b rjocht foar it plak oer dêr't er har ferwachtet. Fier foar Mantgum stiet er al en sjocht ta it rút út. Hy ferflokt de hieltiten stadiger foarbyglydzjende beslaggen fee. Dan fielt er it hert oerslaan: dêr stiet se, yn har griene jurk.
Se komt as earste de kûpee yn. Minne stekt gau de skonken sawat heal oer it gongpaad. Syn opset slagget: se rint net fierder en giet lyk foar him oer sitten. Minne knikt har ta en wol ‘dach’ sizze, mar de kiel sit him ticht. Ut syn eachshoeken wei sjocht er hoe't se de krante út 'e tas hellet. Stadich blêdet se him troch en hâldt dan ynienen op. Minne fielt dat se him opnimt en dan wer yn 'e krante sjocht. As se de eagen wer op him rjochtet, sjocht er har fol ferwachting oan. Hiel eefkes liket se yn bestân te stean, besjocht de foto noch in kear en seit dan: ‘Goh, wat leuk, dat binne jo dochs yn 'e krante?’ Wylst leit se de krante neist him op 'e bank, bûcht har skean foaroer en wiist op syn foto. Minne kin withoefier by har jurk yn gnuve. Har boarsten binne foller as er tocht hie. It wurdt him read foar de eagen.
‘Se sjocht it, se sjocht it, it is klear!’, jubelet it yn him. Fierstente lûd antwurdet er:
‘Ik wie sa bang, datst net wachtsje soest, de trein wie sa let, mar do wiest der noch en no herkenst my, godtank! Kom by my Freia!’ Ien tel is it stil en dan seit se:
‘Man, wêr hawwe jo it oer, ik hyt Janny en ik ken jo hielendal net.’
Minne twivelet net in momint en fljocht oerein. Hy hat mar ien gedachte: fuort. Yn Ljouwert flechtet er ta de trein út. Pas as er it stasjon royaal achter him hat, begjint er wat stadiger te rinnen. Hy nimt de achteryngong fan it lab. Op syn wurkkeamer hellet er it draaiboek út 'e bûse en lêst:
‘Stap 7: “Freia by it ynkommen yn 'e trein freonlik taknikke en “dach” sizze’;
‘Stap 8: as Freia my yn 'e krante sjoen hat, har útlizze wat myn wurk ynhâldt en har ûngemurken wei ymponearje (kosten lab tsien miljoen, baas fan 35 meiwurkers, sinspylje op hichte ynkommen)’;
‘Stap 9: Freia útnoegje om fuort mei te gean nei it lab en as dat absolút net kin, har foar de middeis freegje’;
‘Stap 10: Freia op it lab daliks kofje mei ierdbeigebak oanbiede, har alles sjen litte en in pear nijsgjirrige eksperiminten dwaan’
‘Stap 11: taksy belje en Freia persoanlik nei har wurk (skoalle?) bringe; achteryn de taksy ôfspraak foar de bioskoop meitsje’;
‘Stap 12: film: “De dei foar moarn”: 20.00-22.15 oere; nei ôfrin yn 'e taksy nei myn hûs, wat drinke en dan bekroaning’.
| |
| |
Hy skuort it bledsje mei oantekens út it boekje en fersnipelet it hiel stadich oant er de stikjes net lytser meitsje kin. Hy leit se op de stiennene flier en stekt de brân der yn. De jiskeresten spielt er fuort. Dan start er de kompjoeter, lit syn artikel foar ‘The New Cattle-Breeding Journal’ oer it skerm rinne en begjint oan de ‘Conclusions’.
|
|