de hier oer de rêch; it wurdt dûnker en glêd. Mei de sjippe folget se har eigen kontoeren, fan boppe ôf by de wangen, de hals en de skouders lâns, oer de earmen, de heupen, de skonken, oant de teannen. Noch eefkes lit se de striel, dy 't no 't se yn 'e hoksen sit folle fûler fielt, op 'e rêch spatte. Dan giet se oerein, draait de kraan hieltyd kâlder oant se spronkjes makket en nei de siken hapt en it net mear ferneare kin. Under it ôfdroegjen priket de hiele hûd har, net gemien, mar útdaagjend: dit libbet noch, hjirûnder jûket it, boartet it, wol it bloed yn 'e rûnte. Se faget de besleine spegel skjin en wuollet in handoek om it wiete hier. Mei de grutte, rôze mûtse op besjocht se har gesicht. It mei noch bêst besjen lije, al komme nei fiifentritich jier de fine tearkes om de eagen hinne foar it ljocht. Se glimket nei harsels en smart dan dochs mar wat wûndersalve út in lyts, wyt potsje op de droechste plakken.
Mei de badjas en de slippers oan skarrelt se troch de keuken. Se siedt in aai, set in potsje tee en ynstallearret har mei de krante oan de grutte tafel foar it rút. De illinde fan 'e wrâld sjocht har mei grutte, swarte letters oan. Se lêst amper, besjocht de foto's en blêdet fierder. Lekker krantlêze is foar har mear it sitten, mei de earmtakken op 'e tafel, de stoom fan de hite tee ûnder de noas en folle minder it nijs, de befêstiging dat oeral wol wat is.
As se de krante wer dûbelteard hat en oan it aai begjint - it kapke derôf, in bytsje sâlt, it leppeltsje yn it gliderige giel - dindert it troch de stege. Se sjocht nei bûten. Om 'e hoeke ferskynt de reade traaptrekker fan Bokke, trije jier, stikeltsjeshier en de skrik fan de buert. Hy hinget wat achteroer, as wol de trekker hurder as syn liif byhâlde kin. De hannen hâldt er stiif om it stjoer, de wangen hat er read en opblaasd. De trekker draait by har it túnpaad op en giselet mei deselde faasje de tún yn om fuort ûnder it rút te stopjen. Se sjocht syn holle dy't boppe it finsterbank útstekt, syn eagen dy 't nijsgjirrich de keuken ynsjogge. Pas as se de stoel tebek skoot en oerein komme sil, sjocht er har. Hy rint net fuort, mar sjocht har lyk yn it gesicht, freegjend suver. No kin se lilk wurde om 't er har tún fernielt, mar se laket en stekt in hân omheech. Hoi Bokke, lytse dogeneat foar myn finster. Wat is it moai om sa'n frij libben te hawwen. Bokke laket ek, mar foar't er him omdraait om fierder te boartsjen, stekt er in lange lape fan in tonge út en slikket oan it glês.
Gjin útstel mear. De itensboel op it oanrjocht, de lange sinnestoel út de rommelkeamer en op it balkon. Oer de bikini hinne lûkt se noch eefkes de badjas oan. Se set de blombakken op it platte dak wat oan 'e kant en ferskoot it waskrakje, sadat se alle romte hat.