Sjoerd Bottema
It sop is 't kuoljen net wurdich
Se woene Rinse syn sop fuort ha. En himsels ek. Leaver hjoed as moarn. It like Anna skoan ta.
‘Do krijst ommers in “gouden handdruk”,’ sei se.
Rinse lake skealik.
‘Ik hie leaver datst dy de bek holdst,’ sei er. Yn de kranten wiene berichten ferskynd oer in libbensgefaarlike E yn snobbersguod, frisdranken en konserven.
‘Sit der ek sa'n E yn jim sop?’ frege Anna.
Rinse seach har in telmannich ferbjustere oan.
‘Do hast in E yn dyn kop,’ sei er doe.
‘Moai rjochtop sitten bliuwe,’ sei Anna.
Mar dat ferdomde er. Hieltyd wer glied it blik him fan 'e holle en klettere mei in doffe smak op 'e flier.
‘Even laitsje foar de fotograaf,’ sei Anna.
In liter maaltijdsoep. Dat batste der yn. Der kamen putsjes fan yn it parket.
‘Tsiis,’ sei Anna. ‘Tsiis. Tsii-iis.’
Se hie better in leech blik nimme kinnen.
It hie in poepetoer west om him safier te krijen. De stoel hie se neist de fikus klear setten. Doe't se him der einlings yn hie, mei in soad lijen, in protte geduld en oerlis, wie se ynienen hastich wurden. Bang dat der ien oanbelle. Of dat de telefoan oergean soe. Dat koe alles bedjerre.
Hymjend kaam se werom mei in blik sop en har polaroid-kamera. Rinse syn fototastel woe se net brûke. Se woe daliks resultaat sjen. ‘Even laitsje,’ sei se.
It blik sop klettere oer de flier.
‘Sa moatte wy net,’ sei Anna.
Hastich sette se Rinse it blik wer op 'e kop.
‘Tsiis,’ sei Anna, ‘tsiis.’
Dêr gong it blik wer. It hiele hûs skodde fan de klap. Yn sa'n hout-skelet wenning trille alles twa kear sa fûl en sa lang nei.
Ik bin te hastich, tocht Anna, fierstente hastich. Ik wol te hurd. Geduld en oerlis, dêr moat ik it mei rêde.
Se streake Rinse even oer it hier. Foarsichtich sette se it blik wer teplak. Se slûpte in meter achterút. Har eagen fiksearren it blik sop. Hoeden brocht se it tastel yn 'e oanslach. Doe krige it blik har yn 'e gaten. It skode stadich nei links.
‘Ho!’ sei Anna. En klikte.