Trotwaer. Jaargang 27
(1995)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 77]
| |
Sybren Sybrandy
| |
[pagina 78]
| |
Yn in literêr tydskrift is it net frjemd om dochs benammen nei it literêre elemint yn de bondel te sjen. De titel fan de bondel is dy fan it earste stik, dat as ûndertitel hat: Oantekeningen by ‘De roman’. It is foar elk mei niget oan literatuer in prachtich stik, ien fan de wichtichste stikken fan de lêste jierren. (Foar it earst publisearre yn Trotwaer yn 1986). It jout nammers net allinnich in ôfwoegen oersjoch fan ûnderskate fertelperspektiven yn de roman, mar behannelet ek Wadman syn eigen romans yn dat kader. It is foar Wadman-lêzers in seldsume gelegenheid om út te finen hoe't in skriuwer dy't altyd tige bewust mei de foarm fan syn romans dwaande is syn eigen wurk sjocht. Wat de oare stikken oangiet (oer de Vestdijkbiografy, oer Fokke Sierksma en de TV, oer it tydskrift Podium, oer Berlioz, Saint-Saëns, Alma en Gustav Mahler) falt it jin op hoe't Wadman troch in persoanlike toan de lêzer wit mei te troaijen, ek al is it ûnderwerp foar him faaks minder bekend of fanselssprekkend. Mar foar lêzers dy't neat oan muzyk fine of der neat fan witte, sil it wol in toer bliuwe om troch de muzykstikken hinne te kommen. Dochs kloppet wat ik earder sei oer de konsistinsje yn de bondel: alle stikken fertsjintwurdigje de persoan fan Wadman, dy't ek persoanlik yn alle stikken oanwêzich is. In sterke bondel dus. |
|