Trotwaer. Jaargang 27
(1995)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 71]
| |
Fan bûgjen frjemd.
| |
De earste romansYn 'e earste jierren nei de befrijing kamen der yn in koarte tiid fiif romans oer de besetting út. Dat wienen:Ga naar voetnoot1 J. de Haan, Fen bûgjen frjemd, Snits, Koster, 1945. De lêzers dy 't de earste jierren nei 1945 in roman oer de oarloch kochten, hienen dy tiid allegear sels meimakke. In skriuwer koe der dan ek fan útgean, dat it measte bekend wie. Dat skriuwers de besetting as ûnderwerp keazen sil te krijen hân hawwe mei it ferlet om fêst te lizzen hoe slim at it west hie en hoe grut at de ynspanning fan it ferset west hie. Dêrby kaam fansels de ferromming dat it foarby wie. Foar de lêzer fan tsjintwurdich is de ien- | |
[pagina 72]
| |
sidigens, it swart wyt fan goed en ferkeard, yn dizze romans opfallend. Elkenien stiet oan 'e goede kant, útsein in inkeling mar dy is dan ek goed fout. Alle fiif romans binne skreaun út it perspektyf wei fan in skriuwer dy't oan 'e goede kant stiet. Yn Om it heechste is dat fuort dúdlik. De haadpersoanen hawwe ‘kleare blauwe eagen, dy't frij de wrâld ynseagen’ (s. 7). Dirk, de jongfeint dy't letter deasketten wurdt, is ‘trou lyk as syn suster’. Dan komt Iebele Klazema, ‘de iennichste soan fen de rykste boer fen it doarp’ dy't ‘in pear eagen [hat] sûnder kleur en útdrukking, howol se ek frij hwet glûperich de wrâld yn sjen koenen’ (s. 7). It docht de lêzer gjin nij dat dizze boeresoan de Dútsers sa min noch net fynt en letter in ferrieder wurdt. De skriuwers, dy't faaks yn 'e oarloch al mei de boeken begûn binne, skriuwe op in suver triomfantlike toan. Der stiet fêst wa't úteinlik as de bêste nei foaren komme sil. Dêrom misse alle fiif romans, hoe frjemd dat miskien ek heart, spanning. Utsein it boek fan Abe Brouwer, liket it wol as wienen se allegear troch deselde persoan skreaun. Elk boek begjint yn lytse doarpkes earne fierôf, dêr't foaral jonge minsken, nei in pear jier besetting, yn aksje komme tsjin de Dútsers. Romke bygelyks, dy't ûnderdûkt by syn pake en beppe; Dirk en Klaes dy't by de ûndergrûnse komme, krekt as Gabe, dy't op in kantoar ûnderdûkers oan bonkaarten helpt. Yn 'e romans oerhearsket de sfear fan in jongesboek: spannende aventoeren, grutte gefaren en dochs ek wer de gesellichheid fan kachels, kowerútsjes en waarme brij. Dat it ôfgryslik swiere jierren wienen, wurdt net botte yngeand oerbrocht. It meunster fan de eangst bliuwt bûten de romans. Dat komt grif mei om't de fijân yn dizze boeken gjin ‘gesicht’ krijt. De Dútsers wienen min, dat wist elkenien ommers noch wol en dêrom heart men harren soms noch wolris razen, mar mear ek net. Bytiden liket it der op dat de Dútsers net botte snoad wienen, sa grut is it tal streken dat it ferset de fijân leveret. In oerfal op in distribúsjekantoar liket in bernespultsje te wêzen; de amtners binne altyd domme opportunistyske NSB-ers, de plysje komt altyd te let. Werklike konfrontaasjes wurde meast net beskreaun; as in fersetsman oppakt wurdt, giet it ferhaal meast wer fierder as er troch de ûndergrûnse befrijd is. De grouwélichheden en de wrede ferhoaren wurde as bekend ûndersteld. Allinnich yn Fen bûgjen frjemd wurdt beskreaun hoe't de heit ‘op 'e flecht’ deasketten wurdt. Alle oare deaden falle yn 'e romans bûten it toaniel. ‘It binaude swit brits him út. Daelk scoenen hja him noch fine. It fleach him ynienen oan... Unforwachts stoude 'r oerein... Hy glied as in kat by in stile | |
[pagina 73]
| |
del... Mei ien sprong wier er by de skûrredoar, dy't heal iepen stie... wier al in eintsje 't hiem op... ‘Stean bliuwe,’ balte der ien. Hy roan troch... Do foel der in skot... In ‘griene’ stie op 'e hoeke fen 'e skûrre. Radersma die noch in pear stappen. Do siichde 'r del... ‘Heare,’ preuvele er, ‘wêz... my... genedich’ (s. 112). Tusken dea en libben fan Abe Brouwer hat ek alle bekende yngrediïnten (oerfal op 'e Ljouwerter finzenis, de eksekúsje fan in ferrieder, Ingelse piloaten) mar wykt dochs ôf. Yn it foarste plak om't de roman yn 'e earste persoan skreaun is. Dêrom komt de lêzer folle tichter by de haadpersoan en syn motivaasjes. Sipke Sikkema hatet de Dútsers, mar syn haat is net sa ‘algemien’ as dy yn 'e oare boeken. It hat ek mei Sipke sels te krijen, dy't miskien in nihilist neamd wurde kin as er tagelyk net sa kristlik wie. Hy is fanatyk, destruktyf, en in pear kear goed oerspand. Dat makket him no krekt gjin hillige, mar mear in echt minske. Dat Sipke it alhiel net noflik mei himsels hat, blykt wol by de befrijing. Hy mient dat er nei dy spannende tiid net wer yn 'e gewoane maatskippij aardzje kin en giet dêrom as frijwilliger nei Ynje. It giet him net allinnich om it ‘heechste’ mar ek om 'e spanning. Brouwer giet mei syn haadpersoan folle fierder, ek yn saken fan de tsjerke, as de oare skriuwers. Al hoe knoffelich hy dêr ek mei oankomt, hy dolt djipper. Hy hat each foar lytse details. As Sipke Skeltema efternei sitten wurdt troch de Dútsers flechtet er in hûs yn. ‘Hwer't ik sa gau yn 'e hûs flein bin, haw ik net ienris sjoen, mar yn 'e keamer kommend sjoch ik it: by Wybren Draeisma. Frou Draeisma stiet my oan to sjen mei in pear bange eagen. ‘Dou Sipke?’ ‘Ja, ik! Stil, frou Draeisma, yn 'e goedichheit, hja sykje!’ Hymjend steane wy to wachtsjen, dy frou en ik. Wy binne net fan 'e selde tsjerke, mar op dit stuit binne wy ien' (s. 211).
Krigen de oare fjouwer hjir neamde boeken net folle omtinken yn 'e kranten, by Tusken dea en libben wie dat oars. Fedde Schurer neamde yn in resinsje mei de titel ‘Operette fan it ferset’ (Heerenveense Koerier, 16 augustus 1946) it boek ‘ûnpersoanlik, hol, dizenich en der krekt bylâns’. In oare resinsje hie as titel: ‘Sa maklik gong it net!’ en ‘P. W[ybenga]’ fûn yn it Friesch Dagblad (5 oktober 1946): ‘Mar wol kin men der moai krekt yn wjerfoun fine, hoe't de illegaliteit sjoen wurdt troch de tûzenen dy't der net yn sitten hawwe [...]; Abe Brouwer wie de man om dêr dramatysk en sensasjoneel utering oan to jaen’. It byld dat Brouwer fan in fersetsman joech, wie net oertsjûgjend en it koe ek net ‘wier’ wêze, want Brouwer hie ommers net | |
[pagina 74]
| |
yn it ferset sitten, sa wie it betinken. Slimmer noch, syn hiele hâlding yn 'e oarloch hie ommers ferkeard west. De fûle reaksjes hienen foaral dêr mei te krijen, dat in foute skriuwer in roman oer it ferset skreaun hie. Alle saken dy't yn 'e oare romans gjin sprút oars binne, wurde Brouwer oanrekkene as ‘melodramatysk sjipsop’. Fedde Schurer miende: ‘Abe Brouwer hie dit boek net skriuwe moatten. En doe't er it al skreaun hie, hie er harkje moatten nei de lju dy't him ôfretten it to publisearjen. Hy hie bigripe moatten dat der grinzen binne’.
De Friezen libje yn dizze romans yn in beheinde wrâld. Gabe syn heit hat yn Om Friso's hern in atlas nedich om te witten hoe grut at Hitler syn Dútslân is yn 1940. Der wurdt nei de radio harke, Arnhim wurdt neamd en dan binne de befrijers der ek samar. Utsein de ynfal yn Normandië spilet sawat alles him yn Fryslân ôf. It meast opfallende is wol dat it grutste drama fan 'e oarloch, de dea fan seis miljoen Joaden, suver gjin omtinken krijt. Frjemd oars, om't men wit dat nochal wat Joaden troch de Friezen de oarloch goed trochkommen binne. Namste opfallender is dat as men sjocht nei de wize wêrop 't de Joaden beskreaun wurde. Yn Fen bûgjen frjemd spylje Joaden gjin rol. Wol wurdt der ris oer harren as ‘dy stakkerts’ praat. Abe Brouwer neamt Joaden mar ien kear: ‘Mei it sykjen fan plak foar joaden leit it lân hjir wat oars. Joaden binne nou ienkear gjin minsken dêr't men mei fuortrint; dêrfoar binne hja oars fan aerd. It is allinne, dat it jin ta de teannen út bigreatet dat dit folk safolle oandien wurdt; dêrom hat men meilijen en wol harren ek wol helpe - út meilijen, mar oars hat men leaver net as al mei har to dwaen’ (s. 101). Yn Om Friso's hern krijt de famylje fan Gabe in Joadse ûnderdûkster, dy't Truus neamd wurdt (yn haadstik XV ‘De frjemde útfanhûzer’). As hja oankomt by de famylje wurdt it kontrast tusken de ‘dame’ út de stêd, mei it ‘dof poeijere noaske’ en de ‘gol, wolmienende’ en ‘ienfâldige’ Friezen wiidweidich beskreaun. Lykwols, Truus seit al rillegau ‘mem’ en ek al falt har noas nochal op, mei har falske persoansbewiis komt sy de oarloch troch. As Gabe yn dit boek op in jûn twa Joadse ûnderdûkers fuortbringt, krijt er ‘de flechtige rook fan in swier parfum’ yn 'e noasters en yn it donker sjocht hy ‘in moai jong frouljusgesicht opljochtsjen út in brede bûntkrage, in pear greate hangers fûnkelje yn 'e earen’ (s. 91, 92). As Romke ûnderdûkt by syn pake en beppe fynt er dêr ek Leonora, in Joadin, dy't in berntsje oerwûn hat. ‘Romke,’ sei se, ‘ik bin in forkearden ien. Ik sil it dy wol daliks sizze [...] Siz it mar, ik wit it wol, ik ha myn libben forsmiten.’ Har famke, Ruth, is lyk- | |
[pagina 75]
| |
wols ‘in idioatsje’ en stjert rillegau. ‘Moatst sa mar tinke,’ sei Beppe, ‘it hie dochs altyd in stumper bleaun’ (s. 77). Yn Om it heechste hat boer Houkes in ‘kostgonger’: ‘As men dy man syn tsjûke, krûme noas, dy leechhingjende eachlidden biseach, den wier 't net oars, mar den moast elts wol sjen, det dit ras in bytsje fortocht wier. Net det dy man minder wêze scoe as hokker oar minkse ek, mar it wier nou mar ienkear sa, dit soarte koe de “Hitler bende” min sette, mûlk wol meast om hja hjar to glêdôf wierne’ (s. 76). At de boer mei syn kostgonger oppakt wurdt, beprate Dirk, Thys en Klaes de risiko's. ‘[...] hwent ik leau nea dat dy fint syn tût hâlde kin! ‘Scoe 't net hwet tafalle,’ sei Klaes, ‘hy scil ús, dy't him oan dit plakje holpen hawwe, dochs net forriede!’ ‘'k Wit net jong, it is nuver folk, en binammen dizze, hwent hy moast feitlik al in oar plakje ha. Hy koe nea fen it 't spil by Houkes ôfbliuwe. As hja efkes foart wierne, siet hy ta de spekpanne yn de kelder, ef hy iet in stik bôlle mei in tsjûklaech bûter der op.; [...] ‘dêr bin ik net wis fen, det dy, om sels it libben der ôf to rêdden, syn helpers net forriedt’ (s. 78). Ek foar Hollanners ha de skriuwers net folle sympaty, sa liket it wol. Yn Romke dûkt ûnder komme op in stuit evakuees út Arnhim. Dat dy minsken troch de besetter de stêd útjage wiene, wurdt net neamd. Wol soenen se ‘allegearre ûnder lús en plús sitte’ en ‘it sizzen wie ek [...] dat hja gjin slach dwaen woene en oars doochde it ek altyd net’ (s. 108). Lykwols, Romke syn pake en beppe besykje it dochs. Earst mei in pear lytse bern, mar dêrfan, sa docht bliken, is de heit in swarthanneler en dus hielendal gjin help brek. Sa wurde de âldjes bedondere. Letter nimme hja twa froulju yn 'e hûs, juffer Van Ellendoorn en juffer Van Ravenstein, mar dy besykje de Friezen te ferrifeljen mei har swakke magen. As in dokter klearrichheid yn 'e saak bringt (‘Magen als paarden’) geane se lilk fuort.
Yn 1955, tsjien jier nei de befrijing, kaam by útjouwer Brandenburgh te Snits, Jelle, in koumelker 1895-1955 fan ‘Wytse Liuwes’ út. Syn boek is mear in kronyk as in roman oer de ivige bodder, dy't noait net folle foarút komt. Hy besiket it rûnom, ûnder oaren yn Amearika, mar folle fierder as in lyts spultsje mei wat kij komt er net. Hy is likemin tefreden as ûntefreden en eamelet op de Hollânske lânhearren om. Hy soe leaver ha dat Fryslân ûnôfhinklik wie. Sa sjottelt er it libben troch. Yn 'e besettingsjierren feroaret foar him net safolle. Hy sjocht de minne kanten fan 'e Dútsers, mar ek de goede kanten. NSB-ers fynt er net allegear sa min en oan it ferset | |
[pagina 76]
| |
sitte - sa mient er - ek wol ferkearde kanten. Nei de oarloch hat er each foar de somtiden rûge behanneling dy't de minsken yn 'e Hollânske ynternearringskampen ûndergean moatte. It boek is striemin skreaun, houterich, eamelich, sûnder folle djipgong. Mar nei de fiif earder neamde romans is de ‘dimmen’ wize wêrop 't de oarloch beskreaun wurdt, opfallend. Der binne gjin helden mear. Jelle, in koumelker giet oer de ‘oare kant’, de meirinders, mar earder noch oer de minsken dy't al dy fiif jier neat dien hawwe. De roman hat de resinsinten ôfgryslik lilk makke. ‘Boek dat walging opropt’ stie yn 'e Friese Koerier (5 novimber 1955). Dat gie net om de minne styl en komposysje mar om de hâlding. Neffens de krante himmelet Liuwes ‘de forkearden op’ en ‘spuit [er] op de illegalen, de B.S., de tribunalen en suveringskommisjes.’ Ek út oare besprekken docht wol bliken dat de tiid foar de nuânse noch lang net kommen wie. Efter it pseudonym socht men in man dy't yn 'e oarloch ‘fout’ west hie en mei it boek in soarte fan apology skreaun hie. It hat letter wol bliken dien dat dat ek sa wie. Lieuwe Weijer, de man efter it pseudonym, wie yn alle gefallen Deutschfreundlich west, (Jan Pieter Janzen, ‘De oarloch nei de oarloch,’ De Strikel, 36 (1993), 10 (oktober), s. 12-15). Foar de lêzer fan tsjintwurdich is Jelle sa nuet as wat, mar Anne Wadman sei foar de Regionale Omroep Noord (17 febrewaris 1956): ‘Het [boek] is echter tegelijk gevaarlijk om zijn mentaliteit. Het is bij al z'n naïviteit sluw opgezet en het speelt bepaalde lieden in de kaart, die op 't ogenblik zo verschrikkelijk te doen hebben met die arme massamoordenaars in Breda. Het is een teken van weer oplevend nazisme en dient als zodanig gesignaleerd te worden’. Is it miskien iroanysk, dat krekt yn Jelle, in koumelker in sympatike passaazje oer it lot fan 'e Joaden stiet? ‘Mar witst, hwat my troch alles hinne giet? It fuortbringen fan 'e Joaden. Lêsten wie ik in kear nei Assen, en wylst ik foar de oerreed oer it spoar stie to wachtsjen, ried der in trein foarby. Stiif fol Joaden. Hja wiuwden ek noch mei de bûsdoeken foar de rútsjes. Ik tink dat der guon út Assen by wiene. Miskien seagen hja kunde. De minsken dy't foar de spoarbaen stiene dy wiuwden werom. [...] As men der allegear op biret west hie, dan hiene de Dútsers de Joaden nea yn it boek hawwe moatten’ (s. 192). |
|