Trotwaer. Jaargang 27(1995)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 68] [p. 68] Albertina Soepboer It Ritueel fan de Fisk Klean glydzje hoeden fan lichems dy't noch net witte. Se swimme yn inoar om, meitsje de ferplichte bewegings. Wite fisken ûnderweis nei harren genot. Sa iensum wurdt sied stoart. Ritueel foar in lêste kear. It lichem liicht net. Yn 'e palmen fan 'e hannen stiet de eangst. Tusken de eagen tekenet it swart ferlies. Hoe maklik is it om treast te keapjen, om wurden te sykjen dy't efkes, efkes bliuwe. At dei harsels read yn 'e himel set, driuwe der wite eagen op it plafond. Net mear hjir te wêzen, mar yn dêr en doe. Te ferdrinken yn de mar oan 'e oare kant. Mar de fisk fernearet net de fisk ferbaarnt. [pagina 69] [p. 69] TuskenTiid Wat spilet yn tiid dy't der net is en sa dan wei wurdt yn 'e dei. Sa't de frou efkes bûcht, de man har rêch heint, mar har omdraait. Sa't de wolk griis is, de see ek grizer wurdt, mar dan blau komt. Sa't alles fergetten rekket, faak, meastentiids, soms, nea en altiten. Wat spilet yn tiid dy't der net is en sa dan wei wurdt yn 'e dei. [pagina 70] [p. 70] Vorige Volgende